Tosksnaffelkardinaal
| Tosksnaffelkardinaal | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Mantsje. Wyfke. | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Piranga lutea | ||||||||||||
| (Lesson, 1834) | ||||||||||||
| ---- | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De tosksnaffelkardinaal (Piranga lutea), ek: tosksnaffeltangare, is in middelgrutte Amerikaanske sjongfûgel út 'e famylje kardinaalfûgels (Cardinalidae).
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tradisjoneel waard it skaai Piranga klassifisearre yn 'e famylje tangarefûgels (Thraupidae), mar út genetysk ûndersyk die bliken dat it skaai thúsheart yn 'e famylje kardinaalfûgels (Cardinalidae).
Earder waard de tosksnaffelkardinaal as konspesifyk mei de leverkardinaal (Piranga hepatica) en de leechlânleverkardinaal (Piranga flava) beskôge, mar yn 2001 waarden se troch de IOC World Bird List yn trije aparte soarten opdield.
De systematyk fan 'e soarte is noch jimmeroan kontroversjeel. De tosksnaffelkardinaal wurdt ek faak behannele as in ûndersoarte fan 'e leverkardinaal, ûnder oaren troch de IUCN. Oaren, lykas Clements et al 2017, behannelje se beide as ûndersoarten fan 'e leechlânleverkardinaal.[1]
De fûgel wurdt ferdield yn seis ûndersoarten mei de folgjende ferdieling:[2]
- Piranga lutea testacea - Kosta Rika en Panama.
- Piranga lutea lutea – súdwestlik Kolombia oant west-sintraal Bolivia.
- Piranga lutea desidiosa - west-sintraal Kolombia.
- Piranga lutea toddi - sintraal Kolombia
- Piranga lutea faceta - Trinidad, noardlik Kolombia en noardwestlik Fenezuëla.
- Piranga lutea haemalea – súdlik Fenezuëla, Guyana en noardlik Brazylje.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De IUCN erkent de fûgel net as in soarte en dêrom ûntbrekt in bedrigingstatus.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Piranga
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
