Springe nei ynhâld

Toskdowen

Ut Wikipedy
Toskdowen
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:do-eftigen (Columbiformes)
famylje:dowen (Columbidae)
skaaitoskdowen (Didunculus)
Jardine, 1845
Soarten
Didunculus placopedetes
Didunculus strigirostris

Toskdowen (Didunculus) foarmje in fûgelskaai út de famylje dowen (Columbidae).

Fan it skaai binne twa soarten bekend. Ien dêrfan is de Tongaanske tosko, dy't, nei't minsken de Tonga-eilannen kolonisearren, troch bejaging, ferlies fan habitat en ynfiering fan predators yn it Kwartêr útstoar. Dy soarte is allinnich bekend fan subfossilen. De oare fûgel yn it skaai, de toskdo, libbet op Samoä en stiet op 'e râne fan útstjerren. De populaasje fan 'e noch besteande soarte bestiet út minder as 250 fûgels, mooglik sels minder as 100 fûgels.

OfbyldFryske nammeWittenskiplike nammeStatus / trend
Tongaanske toskdoDidunculus placopedetes† útstoarn
[1]
ToskdoDidunculus strigirostriskrityk
[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: