Springe nei ynhâld

Torresstrjitte-iisfûgel

Ut Wikipedy
Torresstrjitte-iisfûgel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljeiisfûgels (Alcedinidae)
skaaitodysnaffeliisfûgels (Todiramphus)
soarte
Todiramphus sordidus
Gould, 1842
gjin evaluaasje

De Torresstrjitte-iisfûgel (Todiramphus sordidus) is in fûgelsoarte fan it skaai todysnaffeliisfûgels (Todiramphus) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). Dit bist is ferneamd nei de Torresstrjitte tusken it Kaap York-skiereilân fan Austraalje en it suden fan Nij-Guineä.

De Torresstrjitte-iisfûgel wurdt noch faak as in ûndersoarte fan 'e wytkraachiisfûgel beskôge.

De soarte is in grutte iisfûgel mei in wikseljend fearrekleed, mar liket altiten folle griene en bruner as de wâldiisfûgel of de hillige iisfûgel wêrmei't er it ferspriedingsgebiet dielt. Foar it each is in ljocht plak te sjen, dy't oars as by oare iisfûgels net fierder trochrint as oant it each.

Der binne trije ûndersoarten:

De soarte komt allinne tusken mangrovebosk en oangrinzgjende slykflaktes en rotsplato's foar.

BirdLife International beskôget de fûgel noch as in ûndersoarte fan 'e wytkraachiisfûgel (T. chloris). Dêrfandinne is de fûgel net troch de IUCN klassifisearre foar in status.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: