Springe nei ynhâld

Tor Books

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tor Teen)
Tor Books
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier New York (New York)
oprjochte 1980
oprjochter Tom Doherty
eigner Macmillan Publishers
mem Tom Doherty Associates
offisjele webside
us.macmillan.com/TorForge

Tor Books is fierwei de bekendste ymprint fan 'e Amerikaanske útjouwerij Tom Doherty Associates, LLC út New York, dy't him benammentlik spesjalisearret yn 'e publikaasje fan romans en novellen yn 'e sjenres science fiction en fantasy. Oarspronklik wie Tom Doherty Associates in selsstannige útjouwerij, dy't yn 1980 oprjochte waard troch útjouwer en redakteur Tom Doherty. Yn 1987 waard it bedriuw lykwols oernommen troch St. Martin's Press, in difyzje fan 'e Britske útjouwerij Macmillan Publishers, dy't sûnt 1999 folslein yn eigendom is fan it Dútske útjouwersconcern Verlagsgruppe Georg von Holtzbrinck GmbH.

Al hiel gau nei de oprjochting ferovere Tor Books in wichtich part fan 'e merk yn syn sjenres. De rol dy't Tor yn 'e science fiction- en fantasy-literatuer spilet, hat erkenning krigen trochdat de útjouwerij sûnt 1988 elts jier de priis foar de bêste science fiction-útjouwer fan it gesachhawwende Locus Magazine wûn hat.[1]

Tor hat grutte nammen yn 'e science fiction en fantasy útjûn, lykas Jacqueline Carey, David B. Coe, Glen Cook, Kate Elliott, Jennifer Fallon, Elizabeth Haydon, Robert Jordan, Mercedes Lackey, Jane Lindskold, Juliet Marillier, R.A. Salvatore, Brandon Sanderson en Jo Walton.

Njonken Tor Books beslacht Tom Doherty Associates noch in tal oare ymprints:

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. The Locus Index to SF Awards: Locus Winners by Category.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.