Springe nei ynhâld

Tongue (rivier yn Montana)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tongue River (Montana))
Tongue
geografy
lân Feriene Steaten
steat Montana
Wyoming
ûntspringt ynit Bighorn-berchtme
lokaasje boarnenoardlik Wyoming
mûnet út ynde Yellowstone (rivier)
lokaasje mûningby Miles City
sydstreamenPumpkin Creek
sifers
lingte426 km
ôfwetteringsgeb.13.978 km²
ôffier (mûning)11 m³/s

De rivier de Tongue (Assiniboin: Tacéži Wakpá, útspr.: [ta'ʧe:ʒi 'wakpa:]; Sjajinsk: Vetanoveo’he, útspr.: [vɪtanovɪoʔhɪ]) is in likernôch 426 km lange sydstream fan 'e rivier de Yellowstone, yn it súdeasten fan 'e Amerikaanske steat Montana en it noardeasten fan Wyoming, dy't in gebiet fan krapoan 14.000 km² ûntwetteret.

De Tongue ûntspringt yn 'e Bighornbergen fan Wyoming en rint troch noardeastlik Wyoming en súdeastlik Montana om by Miles City út te mûnjen yn 'e Yellowstone. Dêrby streamt de rivier troch in ferskaat oan lânskippen dat optilt fan natuerskientme, lykas it Nasjonaal Wâld Bighorn, it Ravyn fan de Tongue en it mei nullebeammen begroeide heuvellân fan Montana. Teffens foarmet de rivier de eastgrins fan it Noardlike Sjajinne Yndianereservaat.

It ôfwetteringsgebiet fan de Yellowstone mei de Tongue.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.