Tommaso Salvadori
| Tommaso Salvadori | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 30 septimber 1835 | |
| berteplak | Porto San Giorgio | |
| stoarn | 9 oktober 1923 | |
| stjerplak | Turyn | |
| wurkpaad | ||
| aktyf as | Dokter, soölooch, ornitolooch | |
Tommaso Salvadori (Porto San Giorgio, 30 septimber 1835 - Turyn, 9 oktober 1923) wie in Italiaanske dokter en soölooch dy't spesjalisearre wie yn ornitology.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Salvadori waard berne yn Porto San Giorgio en wie de soan fan greve Luigi Salvadori en Ethel Welby, in Ingelske. Hy hie al jong niget oan fûgels en publisearre yn 1862 in katalogus fan de fûgels fan Sardinië. Letter studearre er medisinen yn Pisa en Rome.
Hy die mei oan Garibaldi syn twadde fjildtocht yn Sisylje (de striid foar de ûnôfhinklikheid en de ienheid fan Italië) as genêskundich offisier.
Yn 1863 waard er meiwurker en yn 1879 ûnderdirekteur fan it Keninklik Natuerhistoarysk Museum yn Turyn oant syn dea. Hy wie dêr spesjalisearre yn de fûgels fan Azië en dan benammen East-Ynje. Yn 'e tiid fan Salvadori krige it museum ien fan 'e wichtichste ornitologyske kolleksjes yn Itaalje. Yn 1874 waard it wurk Catalogo Sistimatica Degli Uccelli di Borneo en yn 1880 Ornitologia della Papuasia e delle Molucche publisearre.
Yn 1877 reizge er troch Europa en ûndersocht kolleksjes yn de natuerhistoaryske musea fan Londen, Parys, Leien en Berlyn. Yn 1880 wurke er yn Londen oan it Natural History Museum.
Salvadori publisearre goed 300 artikelen oer fûgels en beskreau 164 fûgelsoarten dy't no noch as soarte erkend wurde.[1]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|