Springe nei ynhâld

Tola (rjochter)

Ut Wikipedy
Tola
Persoanlike gegevens
alternative nammenThola
folkIssaskar
Famylje
heitPûa
Bibelske rol
rol6e rjochter fan Israel
perioade12e iuw f.Kr.
bekend fanIn lange tiid fan rêst nei de gaos fan Abimêlek
neamd ynRjochters 10:1-2

Tola, de soan fan Pûa en pakesizzer fan Dodo, wie de seisde rjochter fan Israel. Hy kaam út de stamme fan Issaskar, mar hy wenne yn Sjamir, yn it berchlân fan Efraïm (it sintrale diel fan wat hjoed-de-dei de Westlike Jordaanigge neamd wurdt; Sjamir moat net betiizge wurde mei Sjamir yn it Berchlân fan Juda (Jozua 15:48).

Optreden as rjochter

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tola kaam nei de dea fan Abimêlek nei foaren om Israel te ferlossen. Hoewol't de Bibel gjin details jout oer spesifike fjildslaggen of fijannen dy't er ferslein hat, wie it syn haadtaak om de oarder en de ienheid nei it geweld en de boargeroarloch ûnder it bewâld fan Abimêlek te werstellen.

Tola wie rjochter oer Israel foar in perioade fan trijeëntweintich jier. Syn bestjoer wurdt karakterisearre as in tiid fan stabiliteit.

Dea en opfolging

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tola stoar en waard begroeven yn syn wenplak Sjamir. Hy waard opfolge troch Jaïr út de krite Gilëad.

Tola wurdt faak beskôge as ien fan 'e lytsere rjochters, om't der gjin grutte heldedieden fan him beskreaun steane. Hy brocht rêst yn in ferskuord lân en soarge derfoar dat it rjochterlike amt wersteld waard neffens de wil fan God.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Rjochters 10:1-2: It koarte ferslach oer it libben fan Tola as rjochter.
Rjochters fan Israel (Alde Testamint)
It Boek Rjochters

Otniël · Ehûd · Sjamgar · Deboara · Gideön · (Abimêlek anty-rjochter) · Tola · Jaïr · Jefta · Ibsan · Elon · Abdon · Simson

It Boek 1 Samuël

Ely · Samuël

· · Berjocht bewurkje