Springe nei ynhâld

Togo

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Togoleeske Republyk)
Dit artikel is in stobbe oer lân.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
République togolaise
Flagge fan Togo Wapen fan Togo
Flagge Wapen
Lokaasje fan Togo
Offisjele taal Frânsk
Haadstêd Lomee
Steatsfoarm Republyk
Ynwenners 8,095,498 [1] teljier = 2022
Munt CFA-frank (XOF)
Tiidsône UTC +0
Nasjonale feestdei 27 april
Lânkoade TOG
Ynternet .tg
Tillefoan 288

Togo, offisjeel de Republyk Togo, is in lân yn Afrika. De haadstêd is Lomee.

It nasjonale grûngebiet fan Togo omfettet it eastlike part fan de Dútske koloanje Togo, dy't fan 1884 oant 1916 bestie. Fan 1916 oant 1960 wie Togo in mandaatgebiet fan it Folkebûn en in Trust Territory fan de Feriene Naasjes ûnder Frânsk bestjoer. De autokratyske presidint Gnassingbé Eyadéma regearre it lân hast 40 jier lang. Nei syn dea yn 2005 beneamde it leger syn soan Faure Gnassingbé ta nije presidint, nettsjinsteande de grûnwet. Ynternasjonale druk en ûnrêst yn it lân laten net ta it weromkommen fan de grûnwetlike betingsten. Gnassingbé wûn de dêropfolgjende ferkiezingen, hoewol't de opposysje en de Europeeske Uny him beskuldigen fan massale ferkiezingsfraude. Der binne noch hieltyd inkelde tûzenen flechtlingen yn it bûtenlân. Togo is sûnt 2022 lid fan it Mienebest fan Naasjes.

It is ien fan de minst ûntwikkele lannen yn 'e wrâld. [2] Neffens it Untwikkelingsprogramma fan de Feriene Naasjes libbet yn Togo 32,3% fan de befolking ûnder de earmoedegrins. [3]

It lân wurdt begrinzge troch:

Boarnen, noaten en/as referinsjes: