Toertocht

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In toertocht wurdt winterdeis as it waar en de iisomstannichheden goed binne organisearre troch iisklub en iiswegesintrales. Sokke tochten gean oer plassen, marren, sleaten en kanalen. Rekreanten wurde dêrby yn de gelegenheid stelt in tocht ôf te lizzen oer in rûte dêr't de iisdikte en feilichheid op it iis fan kontrolearre binne. De ôfstannen dy't riden wurde kinne farieare tusken de 10 oant sirka 200 km en geane faak troch gebieten dy't oars net of amper tagonklik binne. Meastentiids krije de beteljende dielnimmers in stimpelkaart dy't sy ûnderweis by kontrôlepunten sjen litten wurde moat en krije in stimpel. Nei ôfrin fan de tocht krijt de dielnimmer yn ruil foar in folle stimpelkaart in medalje oerhandige of tastjoerd.

Fryslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Fryslân soarget it Frysk Iisbûn as oerkoepeljend orgaan fan de 22 iiswegensintrales dy't yn de provinsje binne foar oanlis en ûnderhâld fan de iiswegen en organisearre toertochten op de redens.

2012
  • 13e Van Oordts Mersken famyljetoertocht Terwispel 12 feb 2012 20 40 60 km
  • Grytmantocht Aldegea 12 feb 2012 35 70 km
  • Rydtoertocht De Leien Paviljoen Rottevalle 11 feb 2012 20 40 60 km
  • Ronde fan de Lytse Wielen Ljouwert (camping) 11 feb 2012 6-12-18-24 km
  • Alde-Feanentocht Earnewâld 11 feb 2012 25, 50, 75, 100 km
  • famyljetocht Frjentsjer-Berltsum v.v. Frjentsjer Berltsum 11 feb 2012 20 40 km
  • 12e Van Oordts Mersken famyljetoertocht Terwispel 11 feb 2012 20 40 60 km
  • Vijf gemeententocht Dokkum, Burdaard, Ferwert, Hallum, Alde Leie, Stiens, Wyns 11 feb 2012 85 km
  • Deelentocht Ulesprong (De Tynje) 11 feb 2012 30 km km
  • Eastermarder Leientocht Eastermar 11 feb 2012 10, 25, 40, 55 km
  • Grutte Baarderadieltocht Easterwierrum 10 feb 2012 60 km
  • 10e Bearentocht Dolsterhuzen 10 feb 2012 15 30 45 km
  • Deelentocht Ulesprong (De Tynje) 10 feb 2012 30 km km
  • Bûtenstfallaat toertocht De Wylgen 10 feb 2012 20 40 km
  • Sândoarpentocht Grou, Wergea, Warten, Reduzum

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]