Toefkasarka
Toefkasarka | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Preparearre eksimplarern fan 'e toefkasarka; rjochts: jerke - lofts: sijke. | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Tadorna cristata | ||||||||||||
(Kuroda, 1917) | ||||||||||||
IUCN-status: krityk bedrige, mooglik útstoarn.
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
It gebiet dêr't de ein oarspronklik libbe, it hjoeddeiske foarkommen is ûnbekend. |
De toefkasarka (Tadorna cristata) is in nei alle gedachten útstoarne fûgel út it skaai fan 'e Tadorna. Oarspronklik kaam de fûgel yn 'e kontrijen fan 'e Amoer, noardeastlik Sina, Noard- en Súd-Korea en mooglik ek op it Japanske eilân Hokkaidō foar.
Neffens Japanske en Sineeske keunst moat de soarte eartiids gewoaner west ha en de fûgel waard ek troch minsken holden. De fûgel wurdt ek yn in âld Japansk ornitologysk wurk neamd. Sûnt 1877 is de fûgel ek yn 'e Westerske wrâld bekend en in pear wittenskippers, lykas bygelyks Philip Lutley Sclater, gyngen der fanút dat it om in hybride út in kasarka en in grienkopein gie, mar dy teory waard yn 1917 yn de earste wittenskiplike beskriuwing fan 'e fûgel troch de Japanske ornitolooch Nagamichi Kuroda ôfwiisd.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lingte fan 'e fûgel wie 58 sm, de fleugellingte 35 sm en de sturt wie likernôch 11,7 sm lang. Fan 'e oare besibbe soarten wie de toefkasarka fral troch syn lange toefe op 'e kop te ûnderskieden. De boppeste fleugeldekfearren wiene wyt, wylst it speculum irisearjend grien wie. Under de sturt wie de fûgel okerkleurich.
It mantsje hie yn syn ferûnderstelde prachtkleed in griene kape mei in griis gesicht en in swarte, maskereftige eachstreek, it wyfke hie in swarte kape mei in wyt gesicht en in swart bân ûnder de eagen. De rêch fan it mantsje wie griis en dy fan it sijke griisbrún. De búk wie donkerbrún mei fine, ljochtbrune diagonaal rinnende streken. De snaffel en de poaten wiene rôze. Oer it ferfearjen fan 'e soart is fierder neat bekend.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De toefkasarkas libben yn 'e bosken fan bergen oan rivieren en beken en mooglik ek marren. Winterdeis waarden de fûgels by de mûnings fan rivieren en oan kustgebieten sjoen.
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei alle gedachten hie de fûgel syn nêst lykas oare kasarka's yn holtes fan beammen, mar wittenskiplik is der neat oer nêsten, de aaien en it brieden beskreaun.
Utstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De toefkasarka hat nei alle gedachten de lêste trije iuwen fan syn bestean al seldsum west. Tusken 1716 en 1736 waarden guon fûgels foar de fokkerij fanút Korea nei Japan eksportearre. Mear fan dy fûgels waarden yn alle gefallen noch oant 1854 nei Japan útfierd. Fan dy yn finzenskip holden toefkasarka's bestiet hjoed-de-dei gjin neiteam mear.
Yn 1877, 1913 en 1916 binne der toefkasarka's sketten, dy't (twa sijkes en ien jerk) hjoed-de-dei bewarre wurde yn 'e musea fan Kopenhagen en Tokio. Op 16 maaie 1964 fûnen Russyske studinten trije eksimplaren (in mantsje en twa wyfkes) yn 'e kraj Primorje (op it eilân Bolsjoi Pelis yn 'e Japanske See by Vladivostok), dy't dêr tekeningen fan makken. Sûnt de jierren 1970 binne der mar in pear ûnbefêstige waarnimmingen, wêrfan de lêste yn 1985. De Sineeske minister fan Boskbou love in beleaning út oan elts dy't it bewiis leverje koe foar it bestean fan 'e fûgelsoarte, mar dat hie gjin sukses.
As de soarte noch libbet, dan is de kâns it grutst om eksimplaren te finen yn it ûntagonklike gebiet op de grins fan Sina en Noard-Korea.
De fûgel stiet op 'e Reade List fan de IUCN as earnstich bedrige (krityk). Redens foar it ferdwinen fan 'e toefkasarka's binne de ferneatiging fan it biotoop en de jacht.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Schopfgans
|