Todys
| Todys | ||
| Jamaikaanske tody | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| skift: | rôldereftigen (Coraciiformes) | |
| famylje: | todyfûgels (Todidae) | |
| skaai: | todys (Todus) | |
| Brisson, 1760 | ||
Todys (Todus) foarmje in fûgelskaai yn 'e monotypyske famylje todyfûgels (Todidae). De soarten yn it skaai binne tige lytse fûgeltsjes mei in eigen plak yn it skift fan 'e rôldereftigen (Coraciiformes).
De 9 oant 12 sm lange fûgeltsjes binne kleurryk en meast grien, mei wite, rôze of reade dielen en weage mar in pear gram. Se ha in koart, rûn bealchje, in grutte holle en in skerpe, rjochte snaffel. De snaffel is faak twakleurich, boppe swart, ûnder read of oranje. De soarten komme allinnich yn 'e Kariben foar.
De fûgeltsjes ite ynsekten en spinnen, somtiden ek út fruchten en libje yn boskeftige gebieten en strûken. Se briede yn in groeven tunneltsje fan 30 oant 60 sm lang yn in ierden wâl of rivierigge. Oan 'e ein fan 'e tunnel is in keamerke, dêr't it nêst is.
De typesoarte fan it skaai is de Jamaikaanske tody (Todus todus), dy't al yn 1758 troch Linnaeus beskreaun waard.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Soarten todys (5) | ||||
|---|---|---|---|---|
| Ofbyld | Wittenskiplike namme | Fryske namme | Fersprieding | Status / trend |
| Todus multicolor | Kubaanske tody | Kuba | net bedrige | |
| Todus subulatus | breedsnaffeltody | Hispanjoala | net bedrige | |
| Todus angustirostris | smelsnaffeltody | Haïty, Dominikaanske Republyk. | net bedrige | |
| Todus todus | Jamaikaanske tody | Jamaika | net bedrige stabyl[4] | |
| Todus mexicanus | Portorikaanske tody | Porto Riko | net bedrige ûnbekend[5] | |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
