Kubaanske tody
| Kubaanske tody | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Todus multicolor | ||||||||||||
| Gould, 1837 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Kubaanske tody (Todus multicolor) is in fûgel út de monotypyske famylje todyfûgels (Todidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kubaanske todys binne likernôch 10-11 sm lang. De fûgel hat in grutte kop yn ferhâlding ta it bealchje en in lange, tinne, platte snaffel. Lykas oare todys is er meast irisearjend grien en hat er in bleke wytgrize ûnderkant mei in reade kiel. Underskiedend binne de rôze flanken, de wite snor dy't nei efter yn blau oergiet en wat giel by de boppesnaffel.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is endemysk op Kuba en eilannen krekt foar de kust. De Kubaanske tody is in habitatgeneralist en libbet yn drûge leechlannen, tropyske bosken, yn kustfegetaasje en tichtby streamen en rivieren.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It iten bestiet út ynsekten en spinnen.
De nêsten wurde útgroeven en bestiet út in likernôch 30 sm lange tunnel mei in keamer yn in klaaiwâl, alhoewol't se somtiden ek in rotte stam of beamholte brûke. In nêst bestiet út trije of fjouwer aaikes en de aaikes wurde troch beide âlders útbret.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der is gjin rûzing fan 'e grutte fan 'e populaasje, mar de fûgel soe algemien foarkomme. Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024) klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|

