Springe nei ynhâld

Palau-iisfûgel

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Todiramphus pelewensis)
Palau-iisfûgel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljeiisfûgels (Alcedinidae)
skaaitodysnaffeliisfûgels (Todiramphus)
soarte
Todiramphus pelewensis
Wiglesworth, 1891
IUCN-status: hast bedrige

De Palau-iisfûgel (Todiramphus pelewensis) is in fûgelsoarte yn it skaai todysnaffeliisfûgels (Todiramphus) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). It is in monotypyske soarte, itjinge betsjut dat der gjin ûndersoarten binne.

De Palau-iisfûgel is in lytse iisfûgel mei in poarperblauwe rêch en grienblauwe wjukken. De kroan fan 'e kop is feal oranje en de fûgel hat in swarte eachstreek, dy't oant efter de kop trochrint. De kraach is wyt, lykas ek it boarst en de búk.

De Palau-iisfûgel is endemysk op 'e Palau-eilannen.

It habitat fan 'e fûgel bestiet út mangroves, bosk, plantaazjes en grutte parken.

De fûgel wurdt troch de IUCN op 'e Reade list as hast bedrige (NT) klassifisearre (2022). Neffens in rûzing fan 2005 bestiet de populaasje út 2100 oant 3300 folwoeksen fûgels.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: