Wâldiisfûgel
| Wâldiisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Todiramphus leucopygius | ||||||||||||
| Jardine & Selby, 1830 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De wâldiisfûgel (Todiramphus macleayii), ek: macleay-iisfûgel of Macleay's iisfûgel, is in fûgelsoarte yn it skaai todysnaffeliisfûgels (Todiramphus) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De wâldiisfûgel is in middelgrutte iisfûgel en wurdt 18 oant 23 sm lang. De fûgel is foar in part djipblau en op 'e rêch en stút grienblau. De kroan is donkerblau en de fûgel hat boppe de basis fan 'e snaffel in wyt plak. De eachstreek is swart en de kraach is wyt. Ek it boarst en de búk is wyt. Yn 'e flech is op 'e wjuk in wyt plak te sjen. De swarte snaffel is op 'e ûndersnaffel by de basis ljocht.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it ferspriedingsgebiet wurde trije ûndersoarten ûnderskieden:
- Todiramphus macleayii elisabeth: eastlik Nij-Guineä.
- Todiramphus macleayii macleayii: Noard-Austraalje.
- Todiramphus macleayii incinctus: noardeastlik en eastlik Austraalje.
Fûgels yn it súdlike ferspriedingsgebiet trekke winterdeis nei it noarden (Nij-Guineä).
De stânfûgels fan Nij-Guineä en Noard-Austraalje bewenje savannegebieten.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Se ite grutte ynsekten, hagedissen en kikkerts. Se bouwe harren nêst yn termiteheuvels. Wintergasten binne yn in grutte fariëteit oan habitats te sjen, sels yn grienfersjennings en by sportfjilden.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet en de kâns op útstjerren is dêrfandinne lyts. Net bekend is hoe grut de populaasje is, mar de oantallen rinne stadichoan tebek troch biotoopferlies. De fûgel stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre (2024).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
