Springe nei ynhâld

Kastanjebúkiisfûgel

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Todiramphus farquhari)
Kastanjebúkiisfûgel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljeiisfûgels (Alcedinidae)
skaaitodysnaffeliisfûgels (Todiramphus)
soarte
Todiramphus farquhari
Sharpe, 1899
IUCN-status: hast bedrige

De kastanjebúkiisfûgel (Todiramphus farquhari) is in fûgelsoarte yn it skaai todysnaffeliisfûgels (Todiramphus) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).

De wittenskiplike namme fan 'e soarte ferwiist nei kaptein A.M. Farquhar, dy't it holotype opstjoerde nei Londen.

De fûgel is in middelgrutte iisfûgel fan 19 oant 21 sm lang. De iisfûgel hat in blauwe kop, in swart eachmasker, in wite kiel en nekke en blauwe boppedielen. It boarst en de búk binne oranje.

De soarte is endemysk yn Fanûatû. De fûgel komt foar op 'e eilannen Espiritu Santo, Malo, Aore en Malakula. It biotoop bestiet út tichte tropyske bosken en ferfangt dêr de wytkraachiisfûgel, dy't mear oan 'e kust bûn is. De soarte wurdt ek yn degradearre bosken waarnommen oant in hichte fan 800 m boppe seenivo.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It nêst wurdt somtiden yn in holte fan in palmbeam boud, mar meast graaft in pearke in holte yn in termitebult yn in beam. Se grave mei de grutte snaffel en romje it oerstallige mei de poatsjes op. Nei goed twa wiken is it nêst klear en soargje de termiten der foar dat it nêst fan 'e bulte ôfsletten wurdt. In lechsel bestiet út trije oant fjouwer aaikes. It briedseizoen is fan novimber oant febrewaris.

De fûgel yt hagedissen en ynsekten.

It ferspriedingsgebiet is beheind en dêrfandinne bestiet der in kâns op útstjerren. Troch habitatferlies nimme de oantallen ôf. Yn in rûzing fan 2020 waard de wrâldpopulaasje troch BirdLife International op 13.000 oant 94.000 folwoeksen fûgels holden. De soarte wurdt op 'e Reade list fan 'e IUCN as hast bedrige (NT) klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: