Louisiadeniisfûgel
| Louisiadeniisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Todiramphus colonus | ||||||||||||
| Hartert, 1896 | ||||||||||||
| gjin status | ||||||||||||
De Louisiadeniisfûgel (Todiramphus colonus) is in fûgelsoarte fan it skaai todysnaffeliisfûgels (Todiramphus) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is resint as soarte erkend en hat in wite kraach, in donkergriene rêch en ljochte, blaugriene wjukken. De kop hat in griene kroan, in donker masker en in fealoranje plak foar it each. De Louisiadeniisfûgel liket in soad op 'e wytkraachiisfûgel en hillige iisfûgel, mar is lytser en de snaffel is minder bûge as dy fan 'e oare soarten. De snaffel fan 'e Louisiadeniisfûgel is relatyf tin.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt op 'e eilannen by súdeastlik Papoea Nij-Guineä en op 'e Louisiaden foar. It biotoop bestiet meastentiids út kustgebieten en mangroves, mar wurdt ek yn oare habitattypes waarnommen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De IUCN behannelet de fûgel as in ûndersoarte (T. chloris colonus) fan 'e wytkraachiisfûgel en dêrfandinne ûntbrekt in status.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
