Springe nei ynhâld

Toarnekster

Ut Wikipedy
toarnekster
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljewurgerfûgels (Laniidae)
skaaiwurgers (Lanius)
soarte
Lanius excubitor
Linnaeus, 1758
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet


     briedfûgel
     stânfûgel


     trekfûgel
     wintergast


De toarnekster (Lanius excubitor) is in fûgel út it skaai wurgers (Lanius) yn 'e famylje wurgerfûgels (Laniidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard yn 1758 publisearre troch Carl Linnaeus. De toarnekster briede eartiids ek yn Nederlân yn lytse oantallen, mar die dat earne yn 'e jierren 1990 foar it lêst. Yn 'e neisimmer en yn 'e hjerst wurdt de soarte yn hieltiten lytsere oantallen op 'e trek yn Nederlân sjoen. Ek is Nederlân foar in lyts oantal in oerwinteringsplak.

De toarnekster is in fûgel fan likernôch 24 sm. It fearrekleed is griis, swart en wyt. De boppekant fan 'e kop en de foarholle binne griis. Fan 'e snaffel rint oer it each nei de earstreek in swart masker mei boppe it each in wite wynbraustreek. De snaffel is brún-swart en heakfoarmich.

Fûgel yn Yndia.

Sawol de poaten as de wjukken binne swart. De sturt is trepfoarmich en swart mei wyt op 'e bûtenste fearren. Fan ûnder is de sturt wyt. Fierders hat de fûgel in opfallend wyt skouderplak. It wyfke hat bytiden op it boarst dwersstreken.

Yn 'e weagjende flecht is de oer de wjukken in wite streek en in wite stút te sjen. Jonge toarneksters binne griisbrún, mei in dwersstreke ûnderside.

De sang is in mingsel fan ûnderdrukte skerpe en melodieuze lûden, mei 'tru' en 'kiehrr', mar hy ymmitearret ek. 'Tsjek-tsjek' is de trekrop en in koart 'èk-èk' de alarmrop.

Ferspriediging en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der is gjin ienriedigens oer it oantal soarten en ûndersoarten fan 'e toarnekster. Foarhinne waard de toarnekster (Lanius excubitor) as ien wiidfersprate soarte beskôge dy't yn Jeropa, Aazje, Noard-Afrika en Noard-Amearika foarkaam. Ut ûndersyk die lykwols bliken dat de noardlike en súdlike populaasje net ûnderling kruse dêr't harren ferspriedingsgebieten inoar rekken en dat de in foarkar hiene foar ferskillende soarten habitats. Dêrom waard de soarte opsplitst yn twa soarten: de toarnekster (Lanius excubitor) en de Ibearyske toarnekster (Lanius meridionalis), dy te finen is op it Ibearysk Skiereilân, yn Noard-Afrika en yn súdlikere dielen fan Aazje.

Ut letter DNA-ûndersyk die lykwols bliken dat de ferskillende populaasjes fan 'e toarnekster en de súdlike toarnekster ek net inoars neiste sibben binne. Eastaziatyske en Noardamerikaanske toarneksters (de saneamde noardlike toarnekster (Lanius borealis) - lykas ek de nominaatfoarm fan 'e Ibearyske toarnekster fan it Ibearysk Skiereilân (Lanius meridionalis) - binne ynstee dêrfan nau besibbe oan 'e Amerikaanske toarnekster (Lanius ludovicianus)

Op 'e IOC World Bird List fan 2021 steane de folgjende ûndersoarten neamd:

  • L. e. excubitor: noardlik, sintraal en eastlik Jeropa en noardwestlik Sibearje.
  • L. e. homeyeri: suidoastlik Jeropa en súdwestlik Sibearje.
  • L. e. koenigi: Kanaryske Eilannen
  • L. e. algeriensis: kustsône noardwestlik Afrika
  • L. e. elegans: noardeastlik Mauretaanje en noardwestlik Maly oant noardeastlik Sûdan, Egypte en súdwestlik Israel
  • L. e. leucopygos: sintraal en súdlik Mauretaanje oant súdlik Tsjaad en sintraal Soedan
  • L. e. aucheri: Sûdan oant Somaalje, Arabysk Skiereilân, súdlik Israel, Jordaanje, Irak en súdlik Iran
  • L. e. theresae: súdlik Libanon en noardlik Israel
  • L. e. buryi: Jemen
  • L. e. uncinatus: Sokotra
  • L. e. lahtora (Aziatyske toarnekster): Pakistan, sintraal Yndia en súdlik Nepal en westlik Bangladesj
  • L. e. pallidirostris (Steppetoarnekster): Iran oant noardlik Sina

Nederlân leit oan 'e westlike râne fan it ferspriedingsgebiet fan 'e toarnekster. Nei alle gedachten hat de fûgel nea in algemiene soarte west. Toarneksters briede graach op grutte heidefjilden en heechfeagebieten mei beammen en iepen romten. Yn Oerisel, Drinte, Gelderlân, Noard-Brabân, Limburch en súdeastlik Fryslân wie dat type lânskip rûnom te finen oant yn 'e 19e iuw de grutskalige lânoanmakkerijen úteinsetten. Dêrnei sette in delgong útein. Oant 1950 telde de briedpopulaasje yn Nederlân mooglik noch in pear hûndert pearkes, mar yn 'e jierren 1980 noch mar tsientallen. Yn 'e jierren 1990 is der foar it lêst in briedgefal fêststeld.

Hjoed-de-dei wurdt de toarnekster yn jimmeroan lytsere oantallen allinnich noch op 'e trek of as wintergast yn 'e eastlike helte fan Nederlân of yn 'e dunerige sjoen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Toarneksters sitte faak op in útsjochpost. De fûgels binne meastentiids solitêr en territoriaal.

De briedtiid falt yn april oant juny en duorret 15 dagen. It wyfke briedt meastentiids en wurdt troch it mantsje fuorre. Beide fûgels fersoargje de jongen. Dizze ferlitte nei 19 of 20 dagen it nêst. Toarneksters briede ienris yn it jier en it grutte nêst wurdt yn nullebeammen, apelbeammen, toarnstrûken of ikebeammen boud mei frij útsjoch op iepen terrein. It nêstmateriaal bestiet út tûkjes, heide, gers en blêd en wurdt mei wol, hier en fearkes ôfset. Ornaris telt in lechsel fiif oant sân griis-, giel-, of grieneftige aaien mei brune plakjes sûnder glâns fan 26 x 19 mm.

Toarnekster mei proai.

De toarnekster libbet meast fan ynsekten en lytse kjifdieren en leit faak in foarried oan troch de proaien op stikels of tûkjes te spytsjen. In toarnekster wurdt by it foerazjearjen faak biddend sjoen.

Status en bedrigingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De toarnekster hat in tige grut ferspriedingsgebiet. Der wurdt oardiele dat er yn oantal ôfnimt, mar net sa slim dat de fûgel as bedrige beskôge wurde moat. Dêrom kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, LC). De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op 640.000 oant 1.250.000 folwoeksen fûgels.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: