Toalen (gemeente)

Ut Wikipedy
Toalen
Tholen

Utsjoch op Toalen.
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Seelân
boargemaster Marleen Sijbers (VVD)
sifers en geografy
haadplak Toalen
grutste plak Toalen
ynwennertal 25.444 (2014)
befolkingstichtens 173,0 / km²
oerflak 254,0 km²
● wêrfan lân 147,1 km²
● wêrfan wetter 106,9 km²
tal stêden 2
tal doarpen 7
ferkearsieren N257, N286, N659
skiednis
oprjochte 1971
oant 1971 8 gemeenten
1971 – 1995 Gem. Toalen
Gem. Sint-Filipslân
1995 anneksaasje Sint-Filipslân
oar
netnûmer 0166, 0167
postkoade 4675, 4690–4699
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.tholen.nl

Toalen (Nederlânsk: Tholen; Siuwsk: Tole) is in gemeente yn it noardeastlike diel fan 'e Nederlânske provinsje Seelân, dy't bestiet út 'e (eardere) eilannen Toalen en Sint-Filipslân. It gebiet wurdt troch twa brêgen en twa dammen mei de bûtenwrâld ferbûn. Syn hjoeddeistige omfang berikte de gemeente yn 1995. It haadplak hjit ek fan Toalen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme fan Toalen (Tholen) ferwiist nei de tol dy't dêr foarhinne heft waard op 'e trochfeart fan 'e Iendracht en de Strine (dêr't no it Skelde-Rynkanaal leit).

In lânkaart fan 'e gemeente Toalen.

Yn 1971 waarden by in proses fan gemeentlike weryndieling alle gemeenten op it eilân Toalen (Ald-Foksemar, Poartfliet, Skerpenisse, Sint-Annalân, Sint-Martensdyk, Steavenisse en de âlde gemeente Toalen) gearfoege ta ien nije gemeente, dy't nei it eilân "Toalen" neamd waard. Yn 't earstoan wie it haadplak it wat sintraler leine Sint-Martensdyk, mar op 2 jannewaris 2008 waard der in nij gemeentehûs iepene yn it stedsje Toalen, dat yn it súdeasten fan 'e gemeente oan 'e oere fan it Skelde-Rynkanaal leit.

Sûnt 1994 hat de gemeente Toalen in stêdebân mei de Poalske gemeente Iława. Yn 1995 waard de gemeente Sint-Filipslân opheft en by Toalen foege.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Toalen hat in oerflak fan 254 km², wêrfan't rom 147 km² út lân bestiet en hast 107 km² út wetter. Yn it noarden skiedt de Krammer de gemeente Toalen fan Goeree-Oerflakkee, wylst de Sipe, it Mastgat en it Keatling yn it noardwesten en westen de skieding mei Skouwen-Duvelân foarmje. De Easterskelde skiedt de gemeente yn it westen fan Noard-Bevelân en yn it súdwesten en suden fan Súd-Bevelân. Yn it uterste súdeasten grinzget Toalen deunby Bergen op Seam oan 'e Seammar, en yn it easten skiede it Skelde-Rynkanaal en fierder nei it noarden it Slaak de gemeente fan it fêstelân fan Noard-Brabân.

It wetter dat de eilannen Toalen en Sint-Filipslân skiedt, hjit de Krabbebeek, mar oan 'e eastlike útein is dêr yn 1973 de Krabbebeekdaam trochhinne oanlein, sadat Sint-Filipslân in skiereilân fan Toalen waard. Fierders wurdt de gemeente Toalen troch twa brêgen oer it Skelde-Rynkanaal mei Noard-Brabân ferbûn, troch de Filipsdaam mei Goeree-Oerflakkee en Skouwen-Duvelân, en troch de Oesterdaam mei Súd-Bevelân. De gemeente bestiet frijwol folslein út in frij tinbefolke, agrarysk gebiet. De grutste wenkearn is it haadplak Toalen.

Wenkearnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e gemeente Toalen lizze 9 wenkearnen (ynwennertallen per 1 jannewaris 2011):

It haadplak Toalen en Sint-Martensdyk hiene fan âlds stedsrjochten. Fierders binne der twa útbuorrens: Botshaad (Botshoofd) en Westtsjerk (Westkerke).

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente Toalen hie yn 2014 in befolking fan krapoan 25.500 minsken, wat delkomt op in befolkingstichtens fan 173 minsken de km². Toalen stiet bekend as in strang grifformeard gebiet, en by ferkiezings kriget de SGP der stiiffêst de measte stimmen. Dy partij is ek al sûnt minskewitten de grutste fraksje yn 'e Toalske gemeenterie. It is iroanysk dat de ynwenners oriïntearre binne op it roomske Bergen op Seam.

Yn 'e gemeente wurde fan âlds twa Siuwske dialekten sprutsen: it Toalsk en it Filiplânsk, dy't korrespondearje mei de beide eilannen. Mei it Skousk en it Duvelânsk fan Skouwen-Duvelân en in trijetal dialekten fan 'e Súdhollânske Eilannen wurde dy ta de Noardsiuwske dialektgroep rekkene.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.


 
Seelân
Flagge fan de provinsje Seelân
Borsele - Feare - Flissingen - Goes - Hulst - Kapelle - Middelburch (haadstêd) - Noard-Bevelân - Reimerswaal - Skouwen-Duvelân - Slûs - Terneuzen - Toalen