Tjallingastate (Westernijtsjerk)
Appearance
Tjallingastate is in eardere state yn Westernijtsjerk by Marrum yn Ferwerderadiel. De state is der net mear mar de pleats wurdt noch wol sa neamd. In bysûnderheid fan de skiednis fan de state is dat de state fan 1541 ôf, mar wierskynlik al earder, tsjinst dien hat as weeshûs. It Tjallingafûns ferpachte de pleats en it lân oan in boer, ûnder de betingst dat de boer in oantal wezen yn hûs naam. Yn 1877 hat it bestjoer fan it Tjallingafûns de wezeopfang ferpleatst nei Ljouwert. De pleats waard doe fan doe ôf oan ûnder de foar dy tiid gebrûklike betingsten ferpachte.
Pachters sûnt 1877:
- 1877 – 1884 Gerrit Wops Koning en Trijntje Johannesdochter Hoogland
- 1884 – 1891 Willem Sierds Heidanus en Gerbrich Machielsdochter Jongbloed
- 1891 – 1901 Ybe Lieuwes Poortinga
- 1901 – 1941 Johannes Samuels Schuiling
- 1941 – 1965 Klaas Johanneszoon Schuiling
- 1965 – 1973 Frou widdo Klaas-Johanneszoon Schuiling, berne Fetje Bergsma
- 1973 - ? Sake Schuiling
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|