Springe nei ynhâld

Tinsnaffelgier

Ut Wikipedy
tinsnaffelgier
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôffûgels (Accipitriformes)
famyljehaukfûgels (Accipitridae)
skaaigieren (Gyps)
soarte
Gyps tenuirostris
Gray, 1844
IUCN-status: krityk
ferspriedingsgebiet

De tinsnaffelgier (Gyps tenuirostris) is in krityk bedrige rôffûgel, dy't foarkomt yn it suden en súdeasten fan Aazje. Lange tiid waard er sjoen as in ûndersoarte fan 'e Yndyske gier, mar hjoed-de-dei wurdt er as in aparte soarte beskôge.

De tinsnaffelgier is in middelgrutte gier fan 80 oant 95 sm lang mei in wjukspanne fan sa'n 2 oant 2,5 meter. Hy liket in soad op de Yndyske gier, mar hat in donkerder kop en in tinnere, swarte snaffel. De kop en nekke binne keal, swart en rimpelich. It fearrekleed is foar it grutste part griisbrún mei in ljochte stút. Der is gjin ferskil yn uterlik tusken mantsjes en wyfkes.

Fersprieding en habitat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel hat in ferspriedingsgebiet dat noardliker en eastliker leit as dat fan 'e Yndyske gier. Hy komt foar yn it noarden fan Yndia (yn it streamgebiet fan de Ganges en de Brahmaputra), it suden fan Nepal en dielen fan Bangladesj, Birma en Kambodja. De fûgel is yn Tailân en Maleizje útstoarn en yn Laos en Fjetnam is de soarte tige seldsum.

Oars as de Yndyske gier, dy't op rotsen briedt, bout de tinsnaffelgier syn nêsten heech yn beammen (7 oant 25 meter boppe de grûn). It binne gjin trekfûgels; se bliuwe meastentiids it hiele jier yn itselde gebiet.

Tinsnaffelgieren briede tusken oktober en maart. In pearke bout in grut nêst fan tûken en leit meastentiids mar ien aai per jier, dat yn sa'n 50 dagen útbret wurdt. It binne sosjale iesiters dy't faak yn groepen sjoen wurde by karkassen, ek yn it selskip fan oare gieresoarten lykas de Bingaalske gier. Se frette foaral deade sûchdieren, lykas fee, mar sykje ek op stoartplakken nei fretten.

Status en beskerming

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 2002 stiet de soarte as krityk bedrige op de Reade list fan 'e IUCN. Yn 2021 waard rûsd dat der minder as 870 folwoeksen fûgels yn it wyld oer binne. De grutste bedriging is it medisyn diclofenac yn it fee dêr't se fan frette, wat by de fûgels nierfalen feroarsaket.

Yn Kambodja, dêr't gjin diclofenac brûkt wurdt, libbet noch in lytse, stabile populaasje. Beskermingsmaatregels besteane út it ferbieden fan it behanneljen fan fee troch feedokters mei diclofenac, it opsetten fan fokprogramma's yn finzenskip en it ynstelle fan saneamde "giererestaurants", dêr't de fûgels feilich, net-fergiftige ies krije.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: