Timpel fan Dendur

De Timpel fan Dendur is in Nubyske timpel dy't út de Romeinske perioade fan it Egyptyske Ryk komt, om 15 f.Kr. hinne. De timpel is wijd oan de goadinne Isis en de goaden Harpokrates en Osiris, en ek oan twa fergoade soannen fan in lokaal Nubysk stamhaad: Pedesy ("Hy dy't troch Isis jûn is") en Pihor ("Hy dy't ta Horus heart"). De timpel waard boud troch de Romeinske keizer Augustus en is sûnt 1978 te sjen yn it Metropolitan Museum of Art yn New York .
Ferhuzing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1963 waard de timpel ûntmantele en ferpleatst fan de oarspronklike lokaasje, as ûnderdiel fan in grutter UNESCO-projekt. Dat projekt wie rjochte op it bewarjen fan wichtige gebieten fan oerstreaming troch de skepping fan de Nassermar as gefolch fan de bou fan de Aswandaam. De timpel en de yngong dy't derby heart waarden yn 1965 troch Egypte oan 'e Feriene Steaten presintearre as in teken fan tankberens foar har help by it bewarjen fan ferskate oare monuminten.
Yn 1967 waard de timpel troch it Metropolitan Museum of Art kocht tanksij finansjele stipe fan de Sackler-famylje. Nei 11 jier wie yn 1978 de timpel opnij opboud yn in spesjaal foar de timpel boude Sackler-fleugel yn it museum. De manier wêrop't dy transaksje plakhie waard troch ferskate belutsenen amtners omskreaun as dubieus.[1]
Oare skonken timpels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De trije oare timpels skonken as erkenning fan har bystân by de bou fan 'e Aswandaam en it ferpleatsen fan bedrige monuminten binne:
- De timpel fan Debod (Madrid)
- De timpel fan Taffeh (Rijksmuseum van Oudheden yn Leiden)
- De timpel fan Ellesiya (Museo Egizio yn Turyn)
- ↑ (en) Keefe, Patrick Radden (2021). Empire of Pain: The Secret History of the Sackler Dynasty. Vintage Books, p. 111-124. ISBN 978-1-98489901-9.