Springe nei ynhâld

Timoriisfûgel

Ut Wikipedy
Timoriisfûgel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljeiisfûgels (Alcedinidae)
skaaitodysnaffeliisfûgels (Todiramphus)
soarte
Todiramphus leucopygius
Vieillot, 1818
IUCN-status: net bedrige

De Timoriisfûgel (Todiramphus australasia) is in fûgelsoarte yn it skaai todysnaffeliisfûgels (Todiramphus) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). De fûgel waard yn 1818 troch Louis Jean Pierre Vieillot as Alcedo australasia wittenskiplik beskreaun.

Timoriisfûgels ha in kanielkleurige kop mei in donkere krún en in swarte eachstreek. De boppesnaffel is griisswart en de ûndersnaffel ljocht en it each is donkerbrún. De kraach en de ûnderkant binne ek kanielkleurich, wylst de kiel wyt en de rêch en wjukken blaugrien binne. Jonge fûgels binne doffer, ha in wite snaffelpunt en in bûnter boarst me op guon wjukfearren in skobbich patroan.

De soarte libbet op 'e Lytse Sûnda-eilannen en Timor. Der wurde trije ûndersoarten ûnderskieden:

  • Todiramphus australasia australasia: de westlike en sintrale Lytse Sûndaeilannen.
  • Todiramphus australasia dammerianus: de eastlike Lytse Sûndaeilannen.
  • Todiramphus australasia odites: de Tanimbareilannen.

De totale populaasje waard yn 2020 op 12.000 oant-18.000 folwoeksen fûgels rûst. Troch it ferlies oan bosk yn it ferspriedingsgebiet wurdt oannommen dat de soarte stadichoan ôfnimt, alhoewol't de fûgel him relatyf maklik oan degradearre bosken oanpast. Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de fûgel as net bedrige klassifisearre (2022).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: