Timoreeske readwjukparkyt
| Timoreeske readwjukparkyt | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Aprosmictus jonquillaceus | ||||||||||||
| Vieillot, 1842 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De Timoreeske readwjukparkyt (Aprosmictus jonquillaceus) is ien fan 'e twa fûgelsoarten yn it skaai readwjukparkiten (Aprosmictus) út 'e famylje pappegaaien fan 'e Alde Wrâld (Psittaculidae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Timoreeske readwjukparkyt is mei trochstrings 35 sm wat grutter as de Australyske readwjukparkyt. De haadkleur fan it mantsje is gieleftich grien. De mantelfearren binne donkergrien en ha blauwe rânen. De ûnderrêch is blau. De wjukken binne foar in grut part grien, mar de middelste en grutte dekfearren binne read. De sturt is boppe ek grien mei lochtere rânen, wylst de sturt ûnder griis is mei giele rânen. Se ha oranje snaffels mei in giele punt en grize poaten. In ferskil mei de Australyske readwjukparkyt is dat de soarte folle minder read op 'e skouders en gjin swart op 'e rêch hat. It wyfke liket op it mantsje, mar it grien op 'e rêch is dof sûnder blauwe rânen en se hat ek minder read yn 'e wjukken. Har stút is ljochtblau.
Jonge fûgels lykje op 'e pop, mar binne griener en de iris is brún.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt foar yn moessonbosk oant in hichte fan 2600 m boppe de seespegel, op savannes en gebieten met strewelleboskjes, iepen bosk en sekundêr bosk.
Fan 'e Timoreeske readwjukparkyt binne twa ûndersoarten bekend:
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In rûzing fan 2023 giet der fan út dat de populaasje út 5.000 oant 20.000 folwoeksen fûgels bestiet. De soarte rint yn oantallen tebek en hat te meitsjen mei de fangst út it wyld en it ferneatigjen fan leefgebiet. De fûgel wurdt troch de IUCN op 'e Reade list as gefoelich klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
