Timmel

Ut Wikipedy
Timmel
De eardere seefeartskoalle
De eardere seefeartskoalle
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Auwerk
Gemeente Großefehn
Sifers
Ynwennertal 998 (2020)
Oerflak 11,86 km²
Befolkingsticht. 84 / km²
Hichte 3 m
Oar
Postkoade 26629
Koördinaten 53° 30′ 0″ NB, 7° 22′ 12″ EL
Tsjerke
Jachthaven
Feantsjer Djip

Timmel is in doarp yn de Dútske dielsteat Leechsaksen. Bestjoerlik makket it plak diel út fan de gemeente Großefehn, lizzend yn de Landkreis Aurich yn East-Fryslân. It doarp hat de status fan Luftkurort.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Timmel leit súdlik fan Westgroßefehn op in sânrêch yn it feangebiet fan East-Fryslân. Ut argeologyske fynsten docht bliken dat de âldste langhuzen om 700 boud waarden. Se waarden boud om in sânrêch dy't mei it Feantsjer Djip ferbûn wie mei de Iems. It doarp wurdt om 900 hinne neamd yn akten fan it kleaster Werden. Om 1200 oere hinne wurdt in foarwurk stichte troch it kleaster Klaarkamp. It foarwurk falt letter ûnder de Abdij fan Ihlow in dochterkleaster fan Aduard, dat sels in dochterkleaster fan Klaarkamp wie.

De hjoeddeistige doarpstsjerke, de Petrus- en Paulustsjerke, stamt út it jier 1736. Earder hie it doarp in houten tsjerke út de tolfde iuw en in stiennen foargonger út de trettjinde iuw. Dy tsjerke wie swier skansearre rekke doe 't it doarp troch de Krystfloed fan 1717 suver fuortfage wie, en it lân der omhinne jierrenlang troch fersilting ûnbrûkber west hie. Yn de Frânske tiid kamen de manlju fan it doarp, benammen de skippers, yn it jier 1811 yn opstân tsjin de konskripsje, de twongen tsjinstplicht yn de legers fan it Frankryk fan Napoleon Bonaparte. Dy joech persoanlik it befel ta hurd yngripen: ien fan de skippers krige de deastraf, sawat 300 oaren waarden yn 'e ketens nei Frânske havenstêden deportearre. Oft sy East-Fryslân ea wersjoen hawwe, is ûnbekend.

It doarp hie yn de jierren 1846-1918 in seefeartskoalle. Oanlieding foar de bou wie it grutte oantal oanfarrings op de feankanalen en oare binnenwetters, wat yn it foarste plak lei oan de breklike nautyske kennis fan de skippers út de streek. Bekend is, dat it doarp yn de 18e en 19e iuw in pear kapteins telde, dy't op grutte, seegeande skippen fearn hawwe.

Yn 1940 kamen sa'n 30 kriichsfinzenen nei Timmel. Sy wienen fan Frânske en Belgyske komôf en moasten earst yn in skuorre en letter yn 'e seefeartskoalle sliepe. Dêrneist kamen in ûnbekend oantal Poalske en Russyske twangarbeiders nei it doarp ta. Hja moasten by de boeren arbeidzje. Yn 1945 waarden alle brêgen troch de weromlûkende Wehrmacht opblaasd. Om it doarp hinne waard hjir en dêr sketten, mar it doarp sels foel sûnder in skot te lossen yn hannen fan de Kanadezen.

Toerisme en natoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it doarp hat it toerisme yn de lêste desennia in opgong makke. Yn it foarste plak is der, fuort súdwestlik fan it doarp, de 25 bunder grutte rekreaasjeplasse Timmeler Mar mei strânfasiliteiten en in camping. Fierder leit it doarp oan ferskate fyts- en kuierrûtes. Foar leafhawwers fan 'e hynstesport hat it doarp oan 'e easkant in grutte maneezje mei stadion, dêr't gauris ek oare eveneminten organisearre wurde. Toeristen, ek begjinners en bern, kinne der hynsterydlessen nimme. Ferspraat troch it doarp hinne steane frijwat histoaryske bouwurken, wêrûnder de eardere seefeartskoalle (1862) en in stikmannich Gulfhäuser, pleatsen fan it Oldamtster type. By dy bouwurken lâns is in koarte, toeristyske rûte útset.

De Timmelar Mar is yn it suden ferbûn mei de Boekzeteler Mar, dy't lykwols diel is fan de buorgemeente Moormerlân yn de Landkreis Leer. De 14 bunder grutte Boekzeteler Mar is in ûndjippe feanmar. De mar en de iggen deromhinne binne natoergebiet en ferbean foar boaten. Oan de westkant stiet de Timmeler mar yn ferbining mei it Feantsjer Djip (Fehntjer Tief), in slingerjende wetterstream dy't nei it westen oan Emden ta rint. Noardeastlik fan it doarp leit de Frouljusmar (Frauenmeer), in âlde pingo.

Skriuwerij oer Timmel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Gerhard Meyer: Timmel – Chronik eines alten ostfriesischen Dorfes. Timmel 1986
  • Gerhard Meyer: Die Familien der Kirchengemeinde Timmel Teil 1 + 2. Utjouwerij Ostfriesische Landschaft, Auwerk 1987
  • Wilhelm Lienstromberg: Spurensuche in Timmel - Die historischen Gebäude Timmels als Teil der Kulturlandschaft rund um die Fehngebiete Ostfrieslands. Masterarbeit, Meppen, Frankfurt/Oder 2009
  • Dieter Rogge, Hartmut Schoon, Gerd Simmering u. a.: Timberlae - Timmel - Entwicklung eines Dorfes - Beiträge zur Ortsgeschichte. Print Media Vertrieb und Verlag, Wiesmoor 2011

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]