Springe nei ynhâld

Tim Prins

Ut Wikipedy
Tim Prins
Reedrider
persoanlike bysûnderheden
echte nammeTim Prins
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum3 augustus 2003
berteplakDe Jouwer
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
ûnderdielLangebaan
debút2023

Tim Prins (De Jouwer, 3 augustus 2003) is in Fryske hurdrider fan De Jouwer. [1] Prins is hikke en tein op De Jouwer en folge it fuortset ûnderwiis oan de OSG Sevenwolden op It Hearrenfean.

Yn 2022 die hy op iisbaan Kardinge yn Grins mei oan it Nederlânsk Kampioenskip allround foar junioaren (kategory A). Hy waard efter Joep Wennemars twadde op de 500 en 1500 meter, fyfde op de 3000 meter en seisde op de 5000 meter. [2]

Yn it seizoen 2022-2023 ried er al in tal Worldcups en yn jannewaris fan dat jier wûn hy in brûnzen medalje by it WK Allround foar junioren yn Innsbruck. Op de 500 meter waard hy fyfde. [3] Op de 1.000 meter wûn hy sulver en mei Junior TeamNL pakte er goud op de ploegenefterfolging [4]

Yn 2023 makke er de oerstap fan it KNSB Talint Team Noard fan Gewest Fryslân nei Reggeborgh, it team fan Gerard van Velde. De persoanlike begelieding en de oanpak fan de treners joegen betrouwen. Prins rjochtet him op de sprint en de middellange ôfstannen. Yn 2023 wûn hy de 1.000 meter by it World Cup-kwalifikaasjetoernoai op Thialf yn It Hearrenfean en pleatste him dêrmei foar de wrâldbekerwedstriden. Mei in tiid fan 1.07,96 skerpe er syn persoanlike rekôr oan mei 1,18 sekonden. [5]

Ein desimber waard er op it NK Ofstannen mei 34,98 sekonden as snelste tiid njoggende op de 500 meter. Syn persoanlike rekôr fan 1.07,52 op de 1000 meter betsjutte in sulveren medalje efter winner Jenning de Boo. Prins kwalifisearre him dêrmei foar de WK Ofstannen.

Jier NK
Ofstannen
NK
Sprint
EK
Sprint
EK
Ofstannen
WK
Ofstannen
Wrâldbeker WK
Junioaren
2022DQ 500m
12e 1000m
Sulver allround
5e 500m
Brûns 1000m
Goud 1500m
8e 5000m
2e efterfolging
DQ teamsprint
202312e 1000m
18e 1500m
Brûns allround
Brûns 500m
Sulver 1000m
7e 1500m
25e 5000m
8e massastart
Goud efterfolging
Sulver teamsprint
20249e 500m
Sulver 1000m
4e 1500m
4e
(Brûns lyts, Brûns lyts, 6e, Brûns lyts)
Brûns 1000m5e 1000m
Sulver teamsprint
43e 500m
4e 1000m
41e 1500m
20254e 1000m
Brûns 1500m
Brûns
(12e, Goud lyts, Brûns lyts, Brûns lyts)
Brûns
(9e, Sulver lyts, Brûns lyts, Goud lyts)
5e 1500m
Sulver teamsprint
10e 1000m
8e 1500m
2026Sulver 1000m
Sulver 1500m

Persoanlike rekôrs

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ofstân Tiid Datum Baan
500m 34,64 8 novimber 2024 It Hearrenfean
1000m 1.06,41 28 jannewaris 2024 Salt Lake City
1500m 1.42,36 15 novimber 2025 Salt Lake City
5000m 6.47,82 11 febrewaris 2023 Inzell
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Referinsjes
  1. Tim Prins schaatst op 1.000 meter naar WK-brons, grootfryslân.nl, 22 jannewaris 2022
  2. Jouster is zilveren junior NK allround schaatser, JouwJoure, 9 jannewaris 2022
  3. Prins bekroont sterk seizoen met de wereldtitel en mengt zich in strijd om allroundtitelschaatsen.nl, 28 jannewaris 2022
  4. www.schaatsen.nl
  5. Prins stunt met zege en wereldbekerticket 1.000 meter, Roest wint ook 10.000 meter, NOS.nl, 29 oktober 2023