Springe nei ynhâld

Tilligte

Ut Wikipedy
Tilligte
Haadstrjitte
Haadstrjitte
Bestjoer
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Oerisel
GemeenteDinkellân
Sifers
Ynwennertal890 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak10,10 km²,
dêrfan lân 9,96 km²
dêrfan wetter 0,14 km²
Offisjele webside
tilligte.com
Kaart
Tilligte (Oerisel)
Tilligte
Lizzing fan Denekamp yn Oerisel
Kaart
Haadstrjitte
Lokaasje fan Tilligte yn 'e gemeente Dinkellân

Tilligte is in lyts doarp yn 'e Twintske gemeente Dinkellân yn 'e Nederlânske provinsje Oerisel. It leit eastlik fan Ootmarsum, oan 'e wei (de N349) yn 'e rjochting fan Denekamp. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2001 hearde it doarp by de gemeente Denekamp. Tilligte hat likernôch 890 ynwenners(1 jannewaris 2023).

It doarp waard yn 'e Midsiuwen al oantsjut as Tylghede. Mei dat wurd waard yn dy tiid in part fan in ikker oantsjut.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De roomsk-katolike Sint-Simon-en-Judastsjerke is in ûntwerp fan Alexander Kropholler en waard boud yn 1916. De ruten fan dizze tsjerke waarden yn 'e jierren 1950 ûntwurpen en útfierd troch de Oldenzaalske glêsker Jan Schoenaker. Sûnt 2002 is de yn dat jier oan 'e Westenveldweg boude Marijekapel útgroeid ta in beafeartsplak dêr't minsken fan hein en fier op ôf komme.

Yn Tilligte stiet de De Westerveld Möl (foarhinne Brunninkhuismûne neamd), in achtkante bultmûne dy't yn 1864 boud waard. De mûne wurdt, tegearre mei in tal oare mûnen yn 'e gemeente Dinkellân, ûnderholden troch de mûnestifting Lattrop-Tilligte.

Yn it doarp is oan 'e Schoolstraat in ambachtlik bierbrouwerijke fêstige.

Yn Tilligte steane ferskate typysk Twintske pleatsen yn Saksyske boustyl. Twa dêrfan hawwe de status fan beskerme ryksmonumint.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ↑ Sintraal Buro Statistyk

Dinkellân
Stêd:
Oatmarsum
Doarpen:
Ald Oatmarsum • Denekamp • Deurningen • Lattrop • Noard Deurningen • Rossum • Saasveld • Het Stift • Tilligte • Weerselo
Buorskippen:
Agelo • Beekdorp • Berghum • Breklenkamp • Dulder • Gammelke • Lemselo • Nijstad • Noordijk • Nutter • Volthe • Zoeke
Wetter:
Deurningerbeek • Gammelkerbeek • Roelinksbeek • Saasvelderbeek • Spikkersbeek
· · Berjocht bewurkje