Tilburch (gemeente)
Tilburch Tilbörg | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
Tilburch is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân. De gemeente hat 229.789 (1 jannewaris 2024) ynwenners en makket diel út fan it stedsnetwurk BrabantStad. Yn it Tilburchske dialekt wurdt de stêd en gemeente Tilbörg neamd.
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente Tilburch bestiet út de stêd Tilburch en de doarpen Berkel-Enschot, Udenhout en Biezenmortel. De eardere gemeenten Udenhout (wêrûnder ek Biezenmortel) en Berkel-Enschot binne mei yngong fan 1 jannewaris 1997 by de gemeente Tilburch foege.
Stêd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd Tilburg wurdt yn 'e folgjende stedsdielen ferdield:
- it sintrum: rûchwei it gebiet tusken Stasjon Tilburg oant en mei Koningsplein, en tusken Noordhoekring en Tivolistraat/Piusplein.
- Ald-Noard (Oud-Noord): it gebiet tusken de Ringbanen benoarden it spoar Breda–Eindhoven.
- Tilburch-Noard: it gebiet benoarden it Wilhelminakanaal en eastlik fan 'e Midden-Brabantweg.
- Ald-Súd (Oud-Zuid): it gebiet tusken de Ringbanen súd fan it spoar Breda-Eindhoven útsein it sintrum.
- Tilburch-East: it gebiet eastlik fan 'e Ringbaan Oost.
- Tilburch-West: it gebiet westlik fan Ringbaan West en noardlik fan 'e Bredaseweg, mei útsûndering fan 'e Reeshof.
- Tilburch-Súd: it gebiet besuden de Ringbaan Zuid en de Bredaseweg, ynklusyf de wyk Zorgvlied en De Blaak en yndustryterrein Katsbogte.
- Reeshof: it gebiet oan 'e westkant fan 'e Burgemeester Baron van Voorst tot Voorstweg oant de gemeentegrins fan Gilze en Rijen en tusken de Bredaseweg en it Wilhelminakanaal.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Archeologyske fynsten yn it gebiet fan it hjoeddeiske Tilburch, benammen by it yndustryterrein Kraaiven, litte sjen dat de regio al sa'n 9000 jier foar Kristus bewenne waard troch nomadyske jagersamlers fan 'e Federmesserkultuer.
De namme komt foar it earst foar yn it Liber aureus út 1191, wêrby't in dokumint út 709 neamd wurdt dat opsteld wêze soe yn "Tilliburgis". Yn 'e midsiuwen bestie it gebiet út ferskate lytse buorskippen, saneamde herdgangen, dy't ta de hearlikheid Tilburch en Goirle hearden.
De gemeente Tilburg waard yn syn moderne foarm offisjeel op 18 augustus 1809 stifte. Op dy dei ferliende kening Loadewyk Napoleon, de broer fan Napoleon Bonaparte en kening fan it Keninkryk Hollân, stedsrjochten oan Tilburch.

Foar dy tiid wie Tilburg in gearfoeging fan ferskate buorskippen sûnder sintrale stedsstruktuer. It wie in plattelânsmienskip mei in lange skiednis, mar gjin formele status as stêd. Mei de stedsrjochten kaam der in mear bestjoerlike en stedske ûntwikkeling op gong.
De tekstylyndustry brocht Tilburch yn 'e 19e iuw in grutte ekonomyske groei. Fan it agraryske doarp groeide Tilburch út ta in wichtige yndustrystêd. In soad ynwenners wurken as spinner of wever.
Tilburch ûntwikkele him yn 'e 20e iuw fierder nei in moderne stêd mei in grut ferskaat oan yndustry. It belang fan 'e tekstylyndustry naam ôf, maar oare sektoaren kamen op. Tilburch waard boppedat in sintrum foar ûnderwiis en kultuer, mei ynstellingen as de Universiteit fan Tilburch en ferskillende hegeskoallen.[2]
Eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Tilburchske merke (Tilburgse kermis) is ien fan 'e grutste yn syn soarte fan 'e Benelúks. Wat eartiids as in lokaal evenemint útein sette, is útgroeid ta in evenemint dat alle jierren mear as in miljoen besikers lûkt.[3]
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It TextielMuseum is ûnderbrocht yn in eardere tekstylfabryk en kombinearret it erfgoed fan 'e tekstylyndustry mei moderne ûntwikkelingen yn design en keunst. It museum biedt ek in wurkplak dêr't keunstners en ûntwerpers eksperimintearje kinne mei nije techniken.
- It De Pont Museum is in museum foar moderne keunst yn in eardere wolspinnerij en hat in kolleksje fan ynternasjonale keunstners. It museum stiet bekend om syn romme en ljochte eksposysjeromten.

- Yn it Peerke Donderspark stiet it Peerke Donders Museum. It museum stiet ek bekend ûnder it Museum foar Neisteleafde. It museum waard op 27 oktober 2009 iepene op 'e 200e bertedei fan Peerke Donders, in 19e iuwske misjonaris dy't him ynsette foar de soarch fan melaatsen yn Suriname.
- It Natuermuseum Brabân jout ynformaasje oer de natuer en biology fan Noard-Brabân.
- Doloris Meta Maze is in surrealistysk doalhôf fan mear as 40 romten en kombinearret keunst mei aventoer.
- Stedsmuseum Tilburch beljochtet de skiednis en ûntwikkeling fan Tilburch.
- It Seafoundation is in keunstsintrum dat ûnderdak oan keunstners biedt en in platfoarm is foar moderne keunst. It organisearret eksposysjes, lêzingen en workshops dy't rjochte binne op 'e hjoeddeiske keunst.
- Kessels Museum is wijd oan 'e muzikale skiednis fan 'e famylje Kessels, dy't in wichtige rol spile yn 'e ûntwikkeling fan muzykynstruminten yn Tilburch.
Natoer yn de gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- It Stadsbos013 is in grut natuergebiet oan 'e súdwestkant fan Tilburch mei bosk, heide en greide.
- De Oude Warande is in 18e-iuwsk bosk yn it westen fan 'e stêd
- It Wandelbos yn it westlike diel fan Tilburch hat in grut ferskaat oan beammen en in lytse bistetún.
- Yn 'e wyk Reeshof leit it grutte Reeshofpark mei fjilden, wetterpartijen en sportfoarsjennings.
- De Dongedelling oan 'e eastkant fan 'e stêd is in natuerûntwikkelingsgebiet. Troch it gebiet streamt de rivier de Donge.
- Oan 'e súdwestlike râne fan Tilburch leit it natuergebiet De Kaaistoep, dat bekend is fanwegen de rike floara en fauna.
- Huis ter Heide is in gebiet mei bosk en fivers oan 'e noardwestkant fan 'e stêd.
Oars
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kening Willem II wenne in part fan syn libben yn Tilburch en ferstoar dêr op 17 maart 1849. De fuotbalklub hjit Willem II, it stadion hjit it Kening Willem II Stadion, der is in Kening Willem II Kolleezje en op 'e Heuvel stiet it Willem II monumint.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Gemeenten yn Noard-Brabân | ![]() |
---|---|
Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert | |
![]() ![]() ![]() |