Springe nei ynhâld

Tikibad

Ut Wikipedy
Tikibad
swimbad
Tikibad (2018)
Tikibad (2018)
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Súd-Hollân
GemeenteFlagge fan de gemeente Wassenaar Wassenaar
plakFlagge fan de gemeente Wassenaar Wassenaar
adresDuinrell
koördinaten52° 08' N, 4° 22' E
eignerfamylje fan Zuylen fan Nijevelt
bysûnderheden
typeSubtropysk swimbad
boujier1984
skiednis
iepening19 april 1984
oare ynformaasje
tal baden4
tal glydbanen21
offisjele webside
duinrell.nl/tikibad
kaart
Tikibad (Súd-Hollân)
Tikibad
Lokaasje fan it Tikibad yn Súd-Hollân

It Tikibad is it subtropysk swimbad fan it attraksjepark Duinrell yn Wassenaar. It wetterpark hat foar ienentweintich ferskillende glydbanen mei in totale lingte fan goed 1500 meter (ekskl. Lazy River). Fierder binne der in golfslachbad, twa bubbelbaden in bûtenbad en in apart part foar bern ûnder de 1,20 m (Kids Waterpark Playa).

De bou fan it Tikibad begûn yn 1981 op de dimpte westlike part fan de fiver en sichtline rjochting de eardere tsjerkefolly. It swimbad waard op 19 april 1984 iepene troch Pieter van Vollenhoven. It Tikibad iepene mei in golfslachbad, de glydbanen de Groene Barracuda en de Blauwe Haai en in whirlpool. Yn 1994 folge in útwreiding mei ferskate glydbanen en in lazy river. Oant 2008 wie der ek in sauna. Sûnt dy tiid binne der allinnich noch inkelde yndividuele stoomkabines. Yn jannewaris 2016 is it ynterieur fernijd. Yn 2017 waard in oerdutsen wetterpark (Kids Waterpark Playa) foar bern boud. Sûnt de Koroanafiruspandemy is it bûtenbad skieden fan it binnenbad en moat in besite apart reservearre wurde, en wurd de lisgreide net mear brûkt. Fiif fan de ienentweintich glydbanen binne ûnderdiel fan it bûtenbad.

Namme Lingte Hichte Minimale lingte Faasje
Cycloon 56 meter 120 sintimeter 60 km/o
Triton 163 meter 20 meter 120 sintimeter
Blits 80 meter 14 meter 150 sintimeter 60 km/o
Flits 80 meter 14 meter 150 sintimeter 60 km/o
X-stream 16 meter 7 meter 150 sintimeter 40 km/p
Moonlight 150 meter 16 meter 120 sintimeter 20 km/o
Starfright 150 meter 16 meter 120 sintimeter 20 km/o
Tyfoon 86 meter 15 meter 150 sintimeter 50 km/o
Groene Barracuda 110 meter 14 meter 20 km/o
Blauwe Haai 110 meter 14 meter 20 km/o
Cannon Ball 6 meter 2 meter 120 sintimeter 60 km/o
Pelikaanduik 4 meter 7 meter 120 sintimeter
Green Flash
Blue Stripe
Hurri'Cone
Rapid Run
Quattro Run 24 meter
Green Twist 44 meter
Rainbow Splash 12 meter
Boogie Ride 26 meter
Twin Fin 11 meter
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:NL