Springe nei ynhâld

Tigerfink

Ut Wikipedy
Tigerfink

mantsje

wyfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeprachtfinken (Estrildidae)
skaaitigerfinken (Amandava)
soarte
Amandava amandava
Linnaeus, 1758
net bedrige

De tigerfink (Amandava amandava) is in lytse fûgel út de famylje fan 'e prachtfinken (Estrildidae). De soarte komt oarspronklik út Aazje, mar is troch de minske op ferskate oare plakken yn 'e wrâld yntrodusearre. De fûgel stiet bekend om it reade kleed fan it mantsje yn 'e briedtiid, fersierd mei wite stipkes.

De tigerfink is in lytse prachtfink fan likernôch 9 oant 10 sm lang. De fûgel hat in koarte, dikke reade snaffel. Yn 'e briedtiid is it mantsje djipread fan kleur, útsein de swarte sturt en de donkerbrune wjukken. Op 'e flanken, it boarst en de wjukdekfearren sitte in soad wite stipkes.

Bûten de briedtiid is it mantsje lykas it wyfke foaral griisbrún fan kleur mei in reade stút (boppesturt). De wite stipkes binne ek by it wyfke sichtber op 'e wjukken, mar se hat gjin read op it boarst of de kop.

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklik komt de tigerfink foar yn it súdlike en súdeastlike part fan Aazje, fan Pakistan en Yndia oant Fietnam en Yndoneezje. Troch de populariteit as koaifûgel binne ferwyldere populaasjes ûntstien yn ûnder oaren Spanje, Brûnei, Fidzjy en de Egyptyske Nyldelling.

Mantsje yn Yndia.

Der wurde trije undersoarten erkend:

  • A. a. amandava: Pakistan, Yndia, Nepal en Bangladesj.
  • A. a. flavidiventris: Birma, Súd-Sina, Tailân en it noardwesten fan Fjetnam.
  • A. a. punicea: Yndoneezje (Java, [[Baly], Lombok)

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tigerfinken libje meastentiids yn groepen yn in iepen lânskip mei heech gers, reidfjilden en sompige gebieten, faak tichteby wetter. Se ite benammen gerssied, mar yn 'e briedtiid ek ynsekten, lykas termiten.

It nêst is in rûn bouwurkje fan gers, meastentiids boud yn heech gers of leech yn in strûk. It wyfke leit 4 oant 7 wite aaikes. Bysûnder is dat it mantsje fan 'e tigerfink ek bûten de briedtiid sjongt, wat by in soad oare prachtfinken minder foarkomt.

De tigerfink hat in ûnbidich grut ferspriedingsgebiet en de populaasje is stabyl. Dêrom stiet de soarte as "net bedrige" (Least Concern) op 'e Reade list fan 'e IUCN.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: