Springe nei ynhâld

Tibetaanske grûnmosk

Ut Wikipedy
Tibetaanske grûnmosk
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljemoskfûgels (Passeridae)
skaaigrûnmosken (Pyrgilauda)
soarte
Pyrgilauda blanfordi
Hume, 1876
IUCN-status: net bedrige

De Tibetaanske grûnmosk (Pyrgilauda blanfordi) is in sjongfûgel yn it skaai grûnmosken (Pyrgilauda) út de famylje fan 'e moskfûgels.

De Tibetaanske grûnmosk is in relatyf effen fûgel fan 15 sm lang mei wite en brune kleuren. Op 'e wite foarholle en by it wyt om it each hat de fûgel in swart plak en fierder is de nekke en de sydkanten fan 'e nekke kanielkleurich. By de fûgel ûntbrekke de wite bannen op 'e wjukken.

Lykas oare sniemosken hat de Tibetaanske grûnmosk in foarkar foar iepen gebiet op heechlizzende steppes, mar oer it generaal drûgere gebieten as oare soarten.

Der wurde trije ûndersoarten erkend:

  • Pyrgilauda blanfordi ventorum - komt foar yn bercheftige regio's fan west-sintraal Sina (fan súdeastlik Xinjiang oant westlik Qinghai).
  • Pyrgilauda blanfordi barbata - komt foar yn bercheftige regio's fan westlik Sina (fan noardeastlik Qinghai oant de bergen fan Nan Shan.
  • Pyrgilauda blanfordi blanfordi - komt foar yn bercheftige gebieten fan Tibet oant Sikkim en westlik Sina; migrearret nei Yndia.

Lykas oare soarten yn Pyrgilauda waard de Tibetaanske grûnmosk ek wol yn Montifringilla set.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte libbet tige heech tusken 4000 en 5500 meter, op drûge sânflakten en yn rotsige omjouwings by gerssteppes en delsettings. Se binne in soad op 'e grûn en grave mei de poatsjes en snaffel nei sied en ynsekten. Winterdeis wurde se ek by huzen sjoen. De fûgel boud syn nêst faak yn hoalen fan kjifdieren en se nêstelje meast yn losse koloanjes.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Op basis dêrfan kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN ) de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2024). De wrâldpopulaasje is net rûsd, mar de fûgel wurdt as lokaal algemien omskreaun.

It is in relatyf nuete fûgel dy't him maklik troch minsken fuorje lit.

De wittenskiplike soartenamme fan 'e fûgel eart William Thomas Blanford (1832–1905), in Ingelske geolooch, soölooch en samler fan eksimplaren yn û.o. Yndia.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: