Tibetaanske goars
| Tibetaanske goars | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Emberiza koslowi | ||||||||||||
| Bianchi, 1904 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De Tibetaanske goars (Emberiza koslowi) is in seldsume Aziatyske sjongfûgel út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae) yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes). Hy komt allinnich foar yn hege bercheftige gebieten boppe de beamgrins yn westlik Sina. De populaasje is nei alle gedachten stabyl en wurdt as net bedrige beskôge.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Tibetaanske goars is in kompakte goars mei in relatyf lange sturt en in lichemslingte fan sa'n 16 sintimeter. It mantsje is goed te werkennen oan syn swarte kroan, in brede wite wynbraustreek, in wite kiel en in swarte kleur op it boppeste part fan it boarst. De boppekant fan 'e wjukken is kastanjebrún.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Tibetaanske goars komt allinnich foar yn bercheftige gebieten yn it westen fan Sina yn 'e drûge grinsgebieten fan Tibet, it súdwesten fan Qinghai en Sichuan.
De soarte wurdt as monotypysk beskôge; dat wol sizze dat der gjin ûndersoarten fan erkend wurde. Ut genetysk ûndersyk die bliken dat de Tibetaanske goars it meast besibbe is oan 'e brúneargoars (Emberiza fucata) en de koarnmosk (Emberiza calandra).
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Tibetaanske goars bewennet relatyf ûnbewenne en steile, mei strûken begroeide hellingen boppe de beamgrins, op hichten fan sa'n 3.600 oant 4.600 meter.
It iten bestiet nei alle gedachten út ferskate soarten sied, mar yn it briedseizoen yt er sûnder mis foaral ynsekten.
De fûgel bout, yn ferliking mei syn sibben, in opfallend koepelfoarmich nêst. De soarte liket relatyf let te brieden: it brieden begjint pas ein juny of begjin july, en de jongen komme healwei july út it aai.
Nei alle gedachten is de Tibetaanske goars in stânfûgel. It is mooglik dat er by tige swier winterwaar nei legere gebieten migrearret, mar dêr is oant no ta gjin bewiis foar.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar Natuerbehâld klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, LC).
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wittenskiplike namme is in earebetoan oan 'e Russyske ûntdekkingsreizger Pjotr Kozlov (1863–1935).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
