Springe nei ynhâld

Tian Shan-berchtme

Ut Wikipedy
Tian Shan
  berchtme
Karakol-delling by Karakol, Kirgyzje
Karakol-delling by Karakol, Kirgyzje
geografy
diel fanHimalaya-Hindoekûsj-systeem
regioSintraal-Aazje
lânSina, Kazachstan, Kirgyzje, Oezbekistan
Provinsje/RegioXinjiang, Almaty, Issyk-Kul
sifers
oerflak1.000.000 km²
lingte2.500 km
breedte300-600 km
heechste puntJengish Chokusu
hichte7.439 m
geology
yndielingheechberchtme
âldensPrekambrium oant Kenozoïkum
stiensoarteSedimintêr, metamorf en stollingsstiente
kaart
Tian Shan-berchtme (Sina-reliëf)
Tian Shan-berchtme
Lokaasje fan 'e Tian Shan

It Tian Shan-berchtme (ek wol skreaun as Tiensjan of de 'Himelske Bergen") is in grutte keatling fan bergen yn Sintraal-Aazje. It berchtme is likernôch 2.500 kilometer fan it westen nei it easten en foarmet de grins tusken it Tarim-bekken mei de Taklamakan-woastyn yn it suden en de steppes fan Kazachstan en Kirgyzje yn it noarden.

Sûnt 2013 en 2016 steane dielen fan it berchtme op 'e Wrâlderfgoedlist fan UNESCO (Xinjiang Tianshan: 2013; Westlike Tian-Shan: 2016) fanwegen de bysûndere biodiversiteit en de ûnbidige hichteferskillen dy't ryk binne oan gletsjers, marren en djippe kleauwen.

De Tian Shan spile in sintrale rol yn 'e skiednis fan 'e Siderûte, de âlde hannelsrûte dy't Sina mei Europa en it Midden-Easten ferbûn. De rûte rûn by sawol de noardlike as de súdlik kant fan it berchtme lâns. Karavanen mei kamielen en hynders brûkten de oäzes en dellingen fan 'e Tian Shan om te rêsten en wetter te heljen nei it oerstekken fan 'e gefaarlike woastinen.

Heechste berch fan 'e Tian Shan.

De berchpassen wiene net allinnich wichtich foar hannel yn side, krûden en goud, mar ek foar de fersprieding fan religy's lykas it boeddisme en it kristendom. Om it jier 500 hinne begûnen kristenen fan 'e Tsjerke fan it Easten (faak Nestoriaanske kristenen neamd) harren leauwe nei it easten te bringen nei Kirgyzje, Kazachstan en sels yn Sina. Se stiften mienskippen en kleasters yn hannelsstêden en oäses om it berchtme hinne. Troch de opkomst en oermasteringen fan 'e islam ferlearen de kristlike mienskippen sûnt de 10e iuw harren ynfloed en lang om let ferdwûn it kristendom dêr, oant it kristendom dêr yn 'e 19e iuw troch de Russyske ynfloed wer yntrodusearre waard.

In soad stêden en fortifikaasjes oan 'e berchrânen waarden ryk troch dy hannel en groeiden út ta wichtige kulturele sintra. Fanwegen it histoaryske belang is de saneamde Chang'an-Tianshan-korridor opnommen op 'e Wrâlderfgoedlist fan UNESCO.

Kamielen.

It berchtme hat in tige grut ferskaat oan planten en bisten. Troch de grutte hichteferskillen binne der ferskillende sônes fan drûge steppes oan 'e foet fan 'e bergen oant alpine greiden en gletsjers op 'e toppen.

It berchtme stiet bekend as de oarsprong fan ferskate fruitsoarten. De wylde appel (Malus sieversii), de foarfaar fan ús hjoeddeistige apel, groeit dêr noch jimmeroan yn it wyld yn grutte bosken. Ek de wylde tulp, abrikoazen en walnuten fine yn it berchtme harren oarsprong.

It meast bysûndere bist fan 'e Tian Shan is de bedrige snieloaihoars. Oare grutte sûchdieren dy't yn it gebiet foarkomme binne de brune bear, de Sibearyske stienbok, kamielen, it argaliskiep en de wylde baarch. Yn it berchtme libbet ek de keningsearn.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tian Shan fan Wikimedia Commons.