Gielskoudertangare
| Gielskoudertangare | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Thraupis ornata | ||||||||||||
| Sparrman, 1789 | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De gielskoudertangare (Thraupis ornata) is in fûgelsoarte út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).
De soarte wurdt monotypysk behannele. Dat betsjut dat der gjin ûnderferdieling bestiet.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is in grutte tangare mei in smellere snaffel as ferlykbere soarten. It mantsje is foar it measte blau mei giele rannen op 'e wjukken en sturt. It wyfke is doffer en grizer fan kleur. Beide skaaien ha giele skouders.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gielskoudertangare is endemysk yn Brazylje en libbet yn 'e tropyske en subtropyske reinwâlden fan it súdeasten fan it lân oant in hichte fan 1830 m.
Se libje yn it ferspriedingsgebiet yn 'e beamkroanen fan fochtich bosk en boskrânen. Faak is de fûgel yn groepen te sjen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar der wurdt tocht dat de populaasje ôfnimt, lykwols net sa sterk dat de soarte as bedrige beskôge wurdt. De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige (LC, 2024).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
