Thorp (Washington)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Thorp
Kittitas County Washington Incorporated and Unincorporated areas Thorp Highlighted.svg
Sifers
Ynwennertal 240 (2010)
Oerflak 3,2 km²
Befolkingstichtens 85,4 / km²
Hichte 499 m
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
County Kittitas County
Oar
Stifting 1895
Postkoade 98946
Tiidsône Pacific (PST)UTC-8
*Simmertiid UTC-7


Fielden Mortimer Thorp (1822-1894) de earste bewenner en nammejouwer fan Thorp
Thorp Gristmill Weir.jpg
Thorp Mill

Thorp is in gemeentefrij plak (Census-Designated Place) yn Kittitas County yn de Amerikaanske steat Washington. It hie 240 ynwenners neffens de folkstelling fan 2010. It plak leit sa'n 15 km noardwestlik fan Ellensburg. De Interstate 90 rint 1 km besuden it doarp lâns. It doarp leit oan de súdigge oer de kleau fan de rivier de Yakima. Oan de noardigge fan de rivier rint steat Highway 10 (eartiids US Highway 10). It doarp leit yn it fersmelle westein fan de Kittitas Delling, wêr boulân foar gewoeksen lykas weet, lúserne en timotee waakse. Justjes bewesten is it beboske gea fan de Cascades, mei iepen gêrslân der tuskenyn, wat goed foar weidzjend fee is.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Foar tûzenen jierren wennen hjir yndianen fan de Kittitas, of ek wol de hegere Yakama neamd. De Kittitas hiene in doarp sa'n km benoarden it hjoeddeiske Thorp, neamd Klála. Dat doarp hie sa'n 500 ynwenners yn de 1850er jierren doe't de earste blanken kamen. De earste permaninte bewenner wie Fielden Mortimer Thorp, wêrnei it doarp neamd is. Hy wie de earste blanke bewenner fan de Yakima Delling, dêrnei is er hjir yn de Kittitas Delling bedarre. Yn de 1860er en 1870er jierren strutsen der mear permaninte blanke bewenners del. In postkantoar waard stifte yn 1872 justjes boppe Thorp en de mienskip karde de namme 'Pleasant Grove'. Yn de 1880er jierren waard de lânbou mooglik makke troch it úteinsetten fan in yrrigaasje systeem. It tichteby lizzende bosk soarge foar houtkap en 2 houtseagerijen waarden boud yn wat is no Thorp. Mei it oanlizzen fan it spoar troch it Noardpasifysk Spoar (Northern Pacific Railway) yn 1887 begûn it doarp te groeien. It stasjon waard boud justjes besuden de mienskip fan Pleasant Grove. De namme fan de mienskip is njonkelytsen in pear kear feroare ta 'Milton' en 'Oren' doe't it spoarbedriuw de namme Thorp oan it stasjon joech. Ek it postkantoar ferhûze nei it nije mêd en yn 1895 wie it plattegrûn fan Thorp ûntwurpen, en it doarp Thorp wie in feit. De ekonomy fan it doarp begûn te groeien troch de houtkap en it graven fan yrrigaasje sleatten. Der kamen winkels, graazjes en in hotel. Nei de Twadde Wrâldkriich rekke it doarp yn de nederklits troch it ferdwinen fan de houtkap. It stasjon yn it doarp slet yn 1952. It spoar wurdt dochs noch wol brûkt troch treinen fan de BNSF Railway, de neikommer fan it Noardpasifysk Spoar. Yn 1926 waard U.S. Highway 10 (no in steatswei) oanlein. Yn 1936 kaam der in stielen brêge oer de rivier de Yakima justjes bewesten Thorp en waard'Thorp Highway' oanlein as ferbining fan Highway 10 nei U.S. Highway 97. Yn 1953 waard 'Thorp Highway' skrast fan it 'Highway' wegennet. Yn 1968 waard de Interstate 90 besuden it doarp oanlein.

Hjoeddedei[bewurkje seksje | edit source]

Thorp is hjoeddedei in sliepend doarp dat libbet benammen fan de lânbou.

Besjenswurdichheden[bewurkje seksje | edit source]

Winkels yn Thorp rûn 1915
FC Porter Store rûn 1915
Thorp graazje mei yn eftergrûn Thorp Hotel rûn 1935
  • Iron Horse State Park
  • The Thorp Mill, ien fan de âldste seachmûnen yn Kittitas County en is registrearre yn it National Register of Historic Places.
  • Thorp Grade School, âlde legere skoalle, boud yn 1936, stiet ek yn it National Register of Historic Places.
  • Northern Pacific Depot, âld treinstasjon.
  • Old Thorp Fire Station, âldste brânwachtstasjon yn Washington, boud yn 1943.
  • Old Thorp Post Office, midden yn it doarp, oan de haadstrjitte en 'Thorp Highway', tichteby it brânwachtstasjon. It wie sletten yn de 1990er jierren, doe't der in nij postkantoar boud waard.
  • F.C.Porter Store, yn it sintrum oan 'Thorp Highway', boud yn 1895, wie in droechguod winkel yn begjin fan 20e ieuw.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]