Thomas Philippus Joha

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Thomas Philippus Joha (Britswert, 24 oktober 1750 - Reitsum, 8 maaie 1812) wie de soan fan ds. Antonius Joha en Maria Meinsma. Syn heit kaam út Eupen, wat no yn Belgje leit en waard dûmny yn Britswert en Wiuwert. Maria Meinsma har heit spile in rol yn it Ljouwerter stedsbestjoer. Joha hat doe it begjin makke mei in dominyslaach. Syn beide soannen waarden dûmny en de dochters trouden mei dûmny's.

De stúdzjetiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Thomas Joha waard nei de Ljouwerter Latynske skoalle stjoerd. Syn skoalmaten kamen út begoedige fermiddens. Joha hat dêr gebrûk fan makke troch in netwurk op te bouwen.

Nei de skoalle yn Ljouwert waard Joha yn 1766 ynskreaun by de Akadeemje yn Grins. In jier letter gie hy nei Frjentsjer. Yn 1771 studearret er dêr ôf. Yn Frjentsjer giet hy fierder mei it opbouwen fan syn netwurk.

Joha hie gjin bêste namme as studint. Hy wie in fjochter en boppedat krige hy in bern by de dochter fan syn kostbaas, Maria Louise Romar. Foar in oankommend dûmny wie soks net sa bêst. It is troch de fingers sjoen. Joha hold him dochs mar wat rêstich en waard yn 1772 helppreker te Húns.

Syn dûmnystiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1773 kaam Winaam frij. Mei help fan Julius fan Beyma, dy't dêr de measte stimmen hie, krige Joha it berop en naam it oan.

Yn 1779 waard Joha, de 'Dikke Joha' sa as der neamd waard, dûmny yn Reitsum, Ginnum en Lichtaard, ek bekind as de Flieterpen. Ek hjir hat hy gebrûk meitsje kinnen fan stipen. Syn stúdzjegenoat I.J.de Schepper fan Hegebeintum, dêr't syn sweager Petrus Brouwer dûmny wie, hie in protte stimmen en de suster fan syn freon Sicco Douwe fan Aylva hie stimmen yn Ginnum. Joha bleau oant syn dea yn 1812 yn Reitsum. Sa fier as hy der wie. Troch syn netwurk rekke Joha belutsen by de patriotten. Hy waard adviseur fan guon liedingjaande patriotten.

Fierders hat Joha him dwaande holden mei hypoteken en fersekerjen. Sels waard er der ek net minder fan. Yn 1798 hie er 119 pûnsmiet lân yn Reitsum.

Joha as bewâldfierder foar de Aylva's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1778 briek der in konflikt út tusken Deputearre Steaten en guon patriotten. Se foarmen in tsjinregearing yn Frjentsjer. De measte patriotten moatte úteinlik útwike nei it bûtenlân. Joha ûntsprong de dûns. Syn freon Sicco Douwe fan Aylva soarge dat er fuortkaam. It kin wêze dat syn besit doe yn beslach nommen waard. Der waard in konstruksje betocht. Syn suster Elizabeth Anna, dy't krekt as har broer net troud wie, krige it besit oer en Joha waard bewâldfierder. Der wie in protte skuld. Joha nimt ek Sicco Douwe syn politike funksje oer yn West-Dongeradiel. It slagget him net om in gaadlike opfolger keazen te krijen. Dit hie it nedige jild koste, want stimmingen bestienen út omkeapjen fan stimgerjochtigen. Yn 1794 ferstoar Elizabeth Anna. Dêr wie al in regeling foar troffen. Joha waard yn namme erfgenamt. As Sicco Douwe wer werom kaam, droech Joha it wer oan him oar.

Wilens spile Joha foar slothear yn Holwert en yn it Aylvahûs oan de Nijstêd yn Ljouwert. It Aylvahûs waard in polityk sintrum mei Joha as de spin yn 't webbe.

Yn 1795 kaam Sicco Douwe wer werom yn Holwert. Sicco Douwe fûn dat Joha mei jild smiten hie. Joha seach kâns om it proses te winnen, dat Aylva him it jild, dat er earst foarsketten hie, werom betelje moast. Seis jier lang hawwe se inoar bestriden. Oant se yn in advertinsje yn de Ljouwerter Krante yn 1801 ferklearren dat de frede sletten wie.

De mislearre politike karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei 1795 kaam Joha ek wer as politikus nei foaren. De patriotten namen de macht oer. Dat gie frjemd. Eltse patriot dy't nije bestjoerders oanwize moast, die dat neffens eigen ynsjoch. Der kaam in trijemanskip, besteande út Daam Fokkema, E.M.van Beyma en Joha om oarder op saken te stellen. Joha wie in federalistysk patriot. Hy woe mei herfoarmings de âlde steatsfoarm hâlde. Syn tsjinpartij wienen de unitarysken dy't in steat neffens Frânsk model hawwe woenen. Joha moast belies jaan en waard twa jier nei Grins ferballe. Dêrmei wie Joha syn rol dan ek útspile.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

J.T. Joha Ds. Thomas Joha (1750-1812) - Tussen Preekstoel en Voozittershamer- Ljouwert/Drachten 1981.