Springe nei ynhâld

Thomas Pennant

Ut Wikipedy
Thomas Pennant
Thomas Pennant skildere troch Thomas Gainsborough yn 1776
Thomas Pennant skildere troch Thomas Gainsborough yn 1776
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Britsk
berne14 juny 1726
berteplakWhitford (Flintshire)
stoarn16 desimber 1798 (72 jier)
stjerplakWhitford (Flintshire)
etnisiteit Welsk
wurkpaad
berop/amtnatuerûndersiker, skriuwer en âldheidkundige
reden
  bekendheid
Publikaasjes oer natuerlike histoarje, geology en geografyske ekspedysjes

Thomas Pennant (Whitford (Flintshire) yn Wales, 14 juny 1726 – dêre, 16 desimber 1798) wie in Welske natuerûndersiker, reizger, skriuwer en âldheidkundige. Hy wenne syn hiele libben op it famyljebûten Downing Hall by Whitford yn it noarden fan Wales.

Downing Hall

Hy waard berne yn in Welske aristokratyske famylje dy't yn 'e 18e iuw in grut lângoed by Bychton hie. Yn 1724 hie syn heit, David Pennant, ek it neistlizzende lângoed by Downing fan in neef oernommen. Pennant gie yn Wrexham nei de Grammar School en letter yn Fulham (Londen). Yn 1744 gie er nei de Universiteit fan Oxford; oars sûnder dêr in akademysk graad te heljen, wat lykwols gebrûklik wie ûnder studinten fan begoedige âlden. Thomas Pennant fertelde letter dat er as tolvejierrige jonge syn ropping fielde as natuerhistoarikus, in gefoel dat net yn it minst fersterke waard troch in boek fan 'e ornitolooch Francis Willughby. Al yn 1757 waard er op foarspraak fan Carl Linnaeus opnommen yn de Keninklike Sweedske Akademy foar Wittenskippen. Yn 1766 publisearre er it earste part fan British Zoology. Yn syn dierkundige stúdzjes besocht er bekende ûndersikers en filosofen lykas Georges-Louis Leclerc de Buffon, Voltaire, Albrecht von Haller en Peter Simon Pallas. Yn 1771 krige er in earedoktoraat foar syn wurk as bistekundige.

Hy wie in typyske natuerûndersiker mei in grutte belangstelling foar geografy, geology, planten, sûchdieren, fûgels, reptilen, amfibyen en fisken. Hy bestudearre se en registrearre in soad fan wat er seach en hearde. Hy skreau tige wurdearre boeken oer bisten lykas British Zoology, de History of Quadrupeds, Arctic Zoology en Indian Zoology. Hy reizge in soad, mar net bûten Europa. Hy korrespondearre wiidweidich mei bekende natuerûndersikers fan dy tiid, wêrûnder minsken dy't fier bûten Europa aktyf wiene. Ien fan harren wie de Nederlânske hege amtner by de VOC, Joan Gideon Loten, dy't ek beskriuwingen en akwarellen levere foar de History of Quadrupeds en Indian Zoology.

Teffens sammele er in grut tal âldheidkundige nijsgjirrige foarwerpen dy’t no ûnderbrocht binne yn de National Library of Wales. Hy reizge (op it hynder) troch streken binnen it Feriene Keninkryk dêr't doe net safolle oer bekend wie. Syn reisbeskriuwingen yllustrearre er mei kleureplaten nei sketsen dy't troch syn assistint Moses Griffith makke waarden. Hy beskreau yn syn boeken sekuer syn reisrûte, it lânskip, de aktiviteiten, gebrûken en it byleauwen fan de bewenners en oer de planten en bisten dy't er seach of dêr't er oer hearde.

In grut tal diersoarten binne as earbetoan nei him ferneamd lykas de houting Coregonus pennantii en de aap Procolobus pennantii. Pennant sels is soarte-auteur fan teminsten 14 fûgelsoarten, wêrûnder it wytboarstwetterhintsje (Amackenis phoenicurus) en de gielkraachparadysfûgel (Diphyllodes magnificus). [1]

Earste side fan A Tour in Scotland 1769, publisearre yn 1771.
Oaljefant en bison nei Thomas Pennant, 1793 út The Natural History and Antiquities of Selborne
Titels en útjouwers
  • The British Zoology, Class 1, Quadrupeds. 2, Birds. J. and J. March, 1766.[2]
  • A Tour in Scotland 1769. John Monk, 1771.
  • A Synopsis of Quadrupeds. John Monk, 1771.
  • A Tour in Scotland, and Voyage to the Hebrides 1772. John Monk, 1774.
  • Genera of Birds. Balfour and Smellie, 1773.
  • British Zoology. Benjamin White, 1776–1777.
  • A Tour in Wales. H.D. Symonds, 1778 & 1781.
  • A History of Quadrupeds. John Monk, 1781.
  • Free Thoughts on the Militia Laws. Benjamin White, 1781.
  • The Journey to Snowdon. Henry Hughs, 1781.
  • The Journey from Chester to London. Benjamin White, 1782.
  • Arctic Zoology. Henry Hughs, 1784–1787.
  • Of the Patagonians. George Allan, 1788.
  • Of London. Robert Faulder, 1790.
  • Indian Zoology. Robert Faulder, 1790.
  • A Letter to a Member of Parliament: On Mail-Coaches. R. Faulder, 1792.
  • The Literary Life of the Late Thomas Pennant. Benjamin and J. White, 1793.
  • The History of the Parishes of Whiteford and Holywell. Benjamin and J. White, 1796.
  • The View of Hindoostan. Henry Hughs, 1798–1800.
  • Western Hindoostan. Henry Hughs, 1798.
  • The View of India extra Gangem, China, and Japan. L. Hansard, 1800.
  • The View of the Malayan Isles, New Holland, and the Spicy Isles. John White, 1800.
  • A Journey from London to the Isle of Wight. E. Harding, 1801.
  • From Dover to the Isle of Wight. Wilson, 1801.
  • A Tour from Downing to Alston-Moor. E. Harding, 1801.
  • A Tour from Alston-Moor to Harrowgate, and Brimham Crags. J. Scott, 1804.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dit artikel of in eardere ferzje dêrfan is in (foar in part) oersetting fan it artikel en:Thomas Pennant op de Ingelsktalige Wikipedia

  1. ↑ (in) F. Gill, M. Wright D. & Donsker (2018)
  2. ↑ Pennant, Thomas, The British Zoology, Class 1, Quadrupeds. 2, Birds.. Published under the inspection of the Cymmrodorion Society, J. and J. March, London (1766). Argivearre op 4 juny 2021. Oproppen op 4 juny 2021.