Springe nei ynhâld

Thomas Horsfield

Ut Wikipedy
Thomas Horsfield
Portret troch J. Erxleben
Portret troch J. Erxleben
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Amerikaansk
berne12 maaie 1773
stoarn24 july 1859
wurkpaad
berop/amtDokter, biolooch

Thomas Horsfield (Betlehem, Pennsylvania, 12 maaie 1773Londen, 24 july 1859) wie in Amerikaanske dokter en natuerûndersiker dy't in soad wurke hat yn Yndoneezje, en ferskate soarten planten en bisten út 'e regio beskreau.

Horsfield studearre genêskunde oan de Universiteit fan Pennsylvania. Yn 1799 akseptearre hy in baan as sjirurch op it skip China, in keapfardijskip dat nei Java farre soe. Hy reizge oer Batavia en wie ûnder de yndruk fan 'e skientme fan 'e regio. Yn 1801 sollisearre er om sjirurch te wurden by it Nederlânske Koloniale Leger yn Batavia. Hy krige dêr in baan en krige belangstelling foar de floara, fauna en geology fan 'e regio. Benammen bestudearre er de planten en de ynsekten fan 'e regio. Ien fan 'e earste fan in protte soarten dy't nei him neamd waarden, wie de flinter, Taenaris horsfieldii. De Britske East-Yndyske Kompanjy naam Java yn 1811 oer fan de Nederlanners. Horsfield soe him dêrnei dwaande hâlde mei it sammeljen fan planten en bisten foar syn freon Thomas Raffles.

Yn 1819 twong in minne sûnens him om it eilân te ferlitten. Hy gie nei Londen, en waard dêr konservator fan it museum fan de (Britske) East-Yndyske Kompanjy.

Horsfield skreau Zoological Researches yn Java and the Neighbouring Islands (1824). Tegearre mei Nicholas Aylward Vigors klassifisearre er ek in tal fûgels. Se skreaune hjiroer ûnder oare A description of the Australian birds in the collection of the Linnean Society; with an attempt at arranging them according to their natural affinities (Trans. Linn. Soc. Lon. (1827). Tegearre mei botanisy Robert Brown en John Joseph Bennett publisearre er Plantae Javanicae rariores (1838-52).

Horsfield waard yn 1826 assistint-sekretaris fan de Zoological Society of London. Yn 1833 wie er belutsen by de oprjochting fan de organisaasje dy't letter útgroeie soe ta de Royal Entomological Society of London.

Horsfield beskreau 24 genera en 93 nije fûgelsoarten (28 mei oaren) dy't yn 2024 noch erkend wurde.

  • An experimental dissertation on the Rhus vernix, Rhus radicans and Rhus glabrum, commonly known in Pennsylvania by the names of poison-ash, poison-vine and common sumach. Cist, Philadelphia 1798.
  • Impressions of dried plants from Java. 1812.
  • Systematic arrangement and description of birds from the island of Java. 1820.
  • The History and antiquities of Lewes and its vicinity. Baxter, Lewes 1824.
  • Zoological Researches in Java and the Neighbouring Islands. Kingsbury, Parbury & Allen, Londen 1821–1824.
  • A descriptive catalogue of the lepidopterous insects contained in the Museum of the Honourable East India Company. Parbury & Allen, Londen 1828/29.
  • The history, antiquities and topography of the county of Sussex. Baxter, Lewes 1835.
  • Plantae javanicae rariores, descriptae iconibusque illustratae, quas in insula Java, annis 1802–1818. Allen, Londen 1838–52.
  • Essay on the cultivation and manufacture of tea in Java. Cox & sons, Londen 1841.
  • A catalogue of the lepidopterous insects in the Museum of the Hon. East-India Company. Allen, Londen 1857–59.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: