Springe nei ynhâld

Thomas Green (atleet)

Ut Wikipedy
Thomas Green
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte nammeThomas William Green
nasjonaliteit Britsk
bertedatum30 maart 1894
berteplakFareham
stjerdatum29 maart 1975
stjerplakEastleigh
etnisiteit Ingelsk
sportive ynformaasje
sportAtletyk
ûnderdielHurdwandeljen
O.S.Los Angeles 1932
debút1926
karriêre-ein1936
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x Olympyske Spullen 1932

Thomas William (Tommy) Green (Fareham, 30 maart 1894 - Eastleigh, 29 maart 1975) wie in Ingelsk hurdwandeler.

Green soan fan in plysjeman koe troch in tekoart oan fitamine D oant er 5 jier âld wie net rinne. Yn 1906 gie Green by it leger, mar ta gefolch fan in fal fan in hynder moast er fjouwer jier letter Royal Husars alwer ferlitte. Hy yn 1914 by de Reserve waard weromroppen, mar op it slachfjild yn Frankryk rekke er trije kear ferwûne en azeme gloargas yn wylst er by de King's Own Hussars tsjinne.

Green waard foar it earst oanmoedige om te hurdwandeljen troch in freon dy't oan it front blyn wurden wie, hy hie dizze freon holpen om te trainen foar de St. Dunstan's London-to-Brighton loop, en yn 1926, yn de âldens fan 32 jier, wûn Green de earste wedstriid dêr't er oan meidie, in 12 myl lange race fan Worthing-to-Brighton. Nei dizze oerwinning die er mei oan alle wichtige weiwedstriden, wie seis kear winner fan sawol de Manchester to Blackpool as de Nottingham to Birmingham races. Oare grutte suksessen wiene ûnder oare winst yn de klassike 100 km fan Milaan yn 1930, in jier wêryn't er ek de earste Britske 50 km-titel wûn.

Hy die yn 1932 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen, op de 50 kilometer yn in Olympysk rekôr fan 4:50.10. Yn 1936 besocht er om foar de twadde kear yn it Olympysk team te kommen, mar syn fjirde plak op de RWA 50 km. Wie net genôch om him te kwalifisearjen foar de Spullen yn Berlyn.

Nei dizze mislearre kwalifikaasjepoging stoppe Green mei wedstriidsporten, en hie ferskate banen foardat er by de Eastleigh Railway Works wurkje soe, dêr't er by in bedriuwsûngelok in tomme ferlear. Nei syn pensjoen waard Green kafeehâlder yn Eastleigh.
Thomas Green ferstoar op 29 maart 1975, yn 'e âldens fan 80 jier

Boarnen, noaten en/as referinsjes: