Springe nei ynhâld

Swartkopwilster

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Thinornis cucullatus)
sartkopwilster
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljewilsterfûgels (Charadriidae)
skaaistrânwilsters (Thinornis)
soarte
Thinornis cucullatus
Vieillot, 1818
IUCN-status: hast bedrige
ferspriedingsgebiet

De swartkopwilster (Thinornis cucullatus) is in fûgel út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae). De fûgel komt allinnnich foar yn Austraalje en waard yn 1818 troch Louis Pierre Vieillot beskreaun.

Swartkopwilsters binne 19 oant 23 sintimeter lang, krekt wat langer as de Europeeske bûnte wilster. De fûgel hat relatyf koarte poaten. De kop is swart mei efter yn 'e nekke in wite bân. Opfallend is de reade eachring. Boppe is de fûgel ek swart mei in ûnderbrutsten tsjustere bân rjochting it boarst. It swart op 'e rêch giet stadichoan oer yn griis. It boarst en de búk binne wyt. De snaffel is oranjeread mei in swarte punt en de poaten binne oranjerôze. Tusken mantsjes en wyfkes binne gjin ferskillen. Juvenilen binne te ûnderskieden mei't dy gjin swart op 'e op en efter de nekke ha.

De soarte is endemysk yn súdlik Austraalje. Syn habitat bestiet út swietwettermarren, swietwettersompen en sâlte kustlagunes. It measte is er te sjen op sânstrannen mei grienwier. Yn West-Austraalje is de fûgel ek sjoen by ynlânske sâltmarren. It is in net-migrearjende bewenner fan kust- en subkustgebieten fan West-Austraalje, Súd-Austraalje, Nij-Súd-Wales, Fiktoaria en Tasmaanje en is in swalker yn Queenslân.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel leit 1 oant 3 aaien fan augustus oant maart. Dy tiid falt tegearre mei it Australyske simmerseizoen en dan wurdt syn ferspriedingsgebiet swier beynfloede troch aktiviteiten fan minsken. It nêst is in ûndjip kûltsje yn it sân, beklaaid mei wat kiezelstientsjes en grienwier. Mantsjes en wyfkes besteegje likefolle tiid oan it útbrieden fan 'e aaien.

De eastlike populaasje yt in ferskaat oan wringeleaze dierkes, mar der is net in soad bekend oer it iten fan 'e westlike populaasje. Se wurde meastentiids yn pearkes of lytse groepkes by it wetter sjoen.

De fûgel hat njonken predaasje fan sulverkopmiuwen, krieën en yntrodusearre foksen te lijen fan rekreanten en fersteuring fan minken mei losrinnende hûnen, hynders of katten, sadat it briedsukses leech bliuwt. Ek omstrunend fee soarget foar problemen. Dêrfandinne stiet de soarte as hast bedrige (Near Threatened, 2025) op 'e Reade list fan 'e IUCN. Neffens in opjefte fan BirdLife soe de populaasje út 5.350 oant 5.500 folwoeksen fûgels bestean, oannommen wurdt dat de oantallen noch tebekrinne.

Aaien
Briedende fûgel
Yn 'e flecht
Boarnen, noaten en/as referinsjes: