Teresa fan Ávila
| Teresa fan Ávila | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| bertenamme | Teresa Sánchez de Cepeda y Ahumada | |
| bertedatum | 28 maart 1515 | |
| berteplak | Avilà | |
| stjerdatum | 4 oktober 1582 | |
| stjerplak | Alba de Tormes | |
| wurkpaad | ||
| kleasteroarder | Karmeliten | |
| titels | tsjerkelearares | |
| hillichferklearring | ||
| sillich ferkl. | 24 april 1614 troch Paulus V | |
| hillich ferkl. | 12 maart 1622 troch Gregoarius XV | |
| fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| hjeldei | 15 oktober | |
| hillichdom | Convento de la Anunciación, Alba de Tormes | |
| attributen | boek, pinne, flamjend hert mei pylk, do. | |
| patroan fan | Spanje, karmeliten, mystici, skriuwers, minsken mei hertsykte/hoofdpine | |
Teresa fan Ávila, echte namme Teresa Sánchez de Cepeda y Ahumada (Ávila, 28 maart 1515 – Alba de Tormes - by Salamanca -, 4 oktober 1582 ), ek wol bekend as Santa Teresa de Jesús, wie in kleasterherfoarmer, in mystikus en in skriuwster. Hja is ien fan 'e grutste hilligen fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. Tegearre mei Jehannes fan it Krús herfoarme se de oarder fan 'e Karmeliten yn 'e 16e iuw. Har wurk beynfloede de mystike teology djip en paus Paulus VI beneamde har dêrom yn 1970 ta de earste froulike tsjerkelearaar fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Teresa wie de dochter fan (Don) Alonso Sánchez de Cepeda en (Doña) Beatriz de Ahumada. De pake fan har heitekant wie in converso of marrano, in joad, dy't him ûnder druk ta it katolisisme bekearde of oars emigrearje moast. Har pake waard nei syn bekearing sels noch in kear feroardiele om't er him temûk noch oan joadske gewoanten hold. Teresa's heit wie in hannelsman dy't it goed dwaan koe, mar de famylje droech it stigma fan converso mei, itjinge yn dy tiid maklik ta diskriminaasje en erchtinken liede koe, ek al wiene hja offisjeel katolyk. Dochs wist er him goed oan 'e kristlike omjouwing oan te passen.

Teresa's mem brocht har op as in tawijd kristen en al gau hie Teresa niget oan 'e ferhalen fan 'e kristlike martlers. It brocht har der ta dat hja sels ek martler wurde woe en sa pykte hja ris yn 'e âldens fan sân jier mei har broer Rodrigo út, mei it doel it martlerdom te sykjen yn 'e striid tsjin 'e Moaren. Har omke naam se werom nei hûs doe't dy de bern krekt bûten de stedsmuorren ûntduts.
Doe't Teresa 14 jier wie ferstoar har mem. Dat brocht Teresa der ta in djippere devoasje te ûntwikkeljen foar de Jongfaam Marije, dy't hja as har spirituele mem seach. Teresa tocht ynearsten net oan it kleasterlibben en hie ek niget oan midsiuwske ridderferhalen, moade en planten.
Har heit stjoerde Teresa op har sechtjinde nei it kleaster fan 'e Augustinessen yn Ávila. It kleaster fan Nuestra Señora de Gracia joech har religieus ûnderwiis en se learde dêr de wearde fan geastlike literatuer kennen.
Kleasterlibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 1535, yn 'e âldens fan 20 jier, gie Teresa nei it Karmelitessenkleaster fan 'e Minskwurding (La Encarnación) yn Ávila. Har heit wie it dêr ynearsten net mei iens, mar joech dochs syn tastimming. Op 3 novimber 1537 die hja har ivige ûnthjitten.
Om 1538 hinne waard Teresa slim siik. Har heit helle har foar in skoft út it kleaster om har te fersoargjen. Se bleau by famylje bûten Ávila en hie in soarte fan ferlamming, mooglik feroarsake troch malaria of epilepsy, al is de diagnose net wis. Hja lei dagen yn koma en waard sels foar dea holden. Se gyng yn 1538 nei Becedas foar genêzing by in krûdedokter, mar dat holp net en makke it earder slimmer as better. Der folge dochs in stadich werstel dat oant trije jier duorre.
Om't artsen har net helpe koene, hie Teresa treast socht yn religieuze literatuer, lykas it Tercer Abecedario espiritual fan Francisco de Osuna. Teresa ferlear har fysike krêft, mar hja wûn nije spirituele djipte en learde yntinsyf meditafyf gebed te beoefenjen, itjinge de basis fan har mystike paad lei. Teresa skreau sels dat God har troch de sykte wer ta Him luts en in djipper ynderlik libben skonk. Nei likernôch 2 of 3 jier (1540-1541) kearde hja werom nei it kleaster.

Bernini.
De earste mystike ûnderfinings krige hja om 1544-1555 hinne. As se oan it bidden wie begûn se fisioenen en ekstazes te ûnderfinen. Hja rekke derfan oertsjûge dat God har persoanlik late.

Ek rekke Teresa derfan oertsjûge dat de kleasters fan 'e Karmelitessen te wrâldsk wienen. Yn 1562 stifte hja yn Avilà it kleaster fan San José, it earste fan 'e karmelkleasters, wêrfan't de religieuzen gjin skuon droegen as teken dat hja de strangere regels fan earmoed en ienfâld folgen. Alhoewol't der ferset wie, groeide de herfoarmingsbeweging rap en hja stifte lang om let 17 kleasters foar froulju. Ek holp se Jehannes fan it Krús om de manljusoarder te herfoarmen.
De stifting fan kleasters wie lykwols net sûnder tsjinwurking fan 'e tsjerklike hierargy. De karmeliten fûnen dat de beweging fan Teresa de oarder ferdielde. Yn 1576 naam it generaal kapittel fan 'e oarder it beslút dat Terese har net mear mei nije stiftings bemuoie mocht. Jehannes fan it Krús waard sels oppakt en opsletten yn Toledo (1577-1578). De Spaanske ynkwisysje naam Teresa in ferhoar ôf, mar se waard net feroardiele.
Dea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant har lêste jierren bleau Teresa warber mei de lieding fan 'e nije oarder. Yn oktober 1582 waard hja ûnderweis fan Burgos nei Alba de Tormes slim siik. Se ferstoar yn Alba de Tormes, yn 'e nacht fan 4 op 15 oktober 1582 (krekt by de oergong fan 'e Juliaanske nei de Gregoariaanske kalinder. Neffens de tradysje wiene har lêste wurden "Myn Heare it is tiid om fierder te gean, lit jo wil barre. O myn Heare en Breidegom, it oere dêr't ik sa'n langstme nei ha is oanbrutsen. It is tiid om inoar te moetsjen".
Hillichferklearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nei har dea yn 1582 groeide der al gau in grutte ferearing om har hinne: har lichaam waard yn Alba de Tormes byset en der waarden ferskate wûnderen rapportearre. Nei't twa mirakels taskreaun waarden oan Teresa, ferklearre paus Paulus V har op 24 april 1614 sillich. Dat wie mar goed 32 jier nei har dea. Net folle letter waard Teresa yn 1622, tagelyk mei Ignatius fan Loyola, Fransiskus Ksavearius, Filippus Neri en Isidoarus fan Madrid, op 12 maart 1622 hillich ferklearre. Foar de hillichferklearring erkende de Tsjerke meardere wûnders nei't Teresa oanroppen wie, mar oer ien wûnder binne de boarnen it iens en dat is it wûnder fan Gaspar de Salazar, dy't troch in fallende muorre ferplettere waard en nei in fjoerich gebed fan Teresa sels wer ta libben kaam.
Ferearing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Teresa ferstoar yn 1582 yn it karmelitessenkleaster fan San José yn Alba de Tormes. Dêr waard hja begroeven en it plak waard al gau in pylgerplak. It kleaster waard letter útwreide mei in basilyk en in museu.
Al trije jier nei har dea waard har grêf wer iepen makke. Ta grutte fernuvering wie har lichem net fergien, hoewol’t it sûnder te balsemjen yn 'e grûn lein wie. De ûnfergonklikens fan har lichem is yn 'e katolike tradysje in teken fan hilligens.
By in ûndersyk yn 2024 die bliken dat har lichem noch jimmeroan net is fergien. De lêste kear dat soks dien waard, wie yn 1914. Foar it iepenjen fan 'e tombe binne kaaien, dy't op ferskillende plakken yn Spanje en Rome bewarre wurde. Ien fan 'e kaaien wurdt sels troch de kening fan Spanje bewarre.[1] Yn 2025 waarden har reliken sûnt 1582 foar de tredde kear yn Ávila útstald oan it publyk. Mear as 90.000 pylgers besochten it net fergonklike lichem fan 'e hillige.[2]
Teresa fan Ávila hie grutte ynfloed op Titus Brandsma, dy't noch oant yn syn finzenskip wurke oan 'e biografy fan Teresa.
Ek hjoed-de-dei wurdt har ûnfergonklike lichem tegearre mei har lofter earm en har hert bewarre yn it Convento de la Anunciación fan Alba de Tormes.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Museo Parroquial, Pastrana.
- Libro de la Vida, ('Boek fan it Libben', ± 1565), in autobiografy mei har persoanlike ûnderfiningen fan gebed, mystike fisioenen en har ûntjouwing as religieuze frou. Skreaun yn opdracht fan har bychtheit; it wie ek bedoeld as ferdigening tsjin har kritisi.
- Camino de Perfección ('De Wei fan 'e Perfeksje', 1566–1567), in hantlieding foar de nonnen fan har nije stiftings. It giet oer gebed, mienskipslibben en ynderlike konsintraasje.
- Castillo Interior / Las Moradas ('It Binnenste Slot', ek bekend as 'De Burcht fan 'e Siel', 1577), har wichtichste mystike wurk. De siel wurdt beskreaun as in kastiel mei sân 'wenten' of stadia, dêr’t men trochhinne reizget nei folsleine feriening mei God.
- Libro de las Fundaciones ('It Boek fan 'e Stiftings', 1573–1582), in kronyk fan 'e nije kleasters dy’t se stifte hat. It boek kombinearret histoaryske feiten mei geastlike refleksjes.
Dêrnjonken skreau hja ek:
- Exclamaciones del alma a Dios ('Utroppen fan de siel ta God') mei koarte, yntime gebeden en útdrukkingen fan mystike ûnderfining.
- Meditaciones sobre los Cantares ('Meditaasjes oer it Heechliet'). Ynterpretaasjes fan fragminten út it Bibelske Heechliet, tige persoanlik en mystyk.
- Conceptos del Amor de Dios ('Oer de leafde fan God'), Fragmintarysk, tige konsintrearre beskriuwingen fan leafde as mystike ûnderfining.
- Constituciones, rigels en praktyske ynstruksjes foar it libben yn 'e karmel.
Teresa hat in ûnbidich grutte korrespondinsje efterlitten (sa’n 400–450 bewarre brieven). De korrispondinsje jout in ynsjoch yn har karakter, humor, swierrichheden mei autoriteiten en har begelieding fan learlingen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
