Springe nei ynhâld

The War of the Worlds

Ut Wikipedy
Earste publikaasje fan it boek.
H.G. Wells yn 1910.
It idee wat Wells hie foar syn Martianen.

The War of the Worlds (Ingelsk, letterlik: "De oarloch fan 'e wrâlden") is in sciencefictionroman út 1898 fan de Ingelske skriuwer H.G. Wells. Foar de earste publikaasje yn boekfoarm hie it yn 1897 al yn de kranten syn as fúljeton. It is ien fan de âldste en bekendste wurken oer in bûtenierdske ynvaazje, dêr't Ingelân by ynfasearre waard. Spitergenôch is der gjin Fryske oersetting fan. It boek, en de eftergrûn derby, hat in soad oare auteurs ynspirearre. Under oaren, hat it de oanlieding west foar in hielsoad lettere boeken, films, en it tige realistyske harkspul fan Orson Welles, útstjoerd yn 1938: Doe de tiid wie radio by útstek hoe't nijs oerbrocht waard; in radio-útstjoerings mei rapporten oer de sabearre invaasje, wie yn guon minsken genôch ta it feroarsaken fan wiere panyk.

It boek is fral in ferslach fan immen fan Surrey, dy't net fier besúden fan Londen wennet. Troch wat er fia freonen wit, kin er ferslach dwaan oer de nuvere ferskynsels op Mars. Fansels wie dy planeet fier fuort; minsken koenen net fan de Ierde nei Mars komme. It docht lykwols bliken dat dy ferskynsels bestjutten dat it oarsom oars is: Sels al tochten de minsken dat der gjin grutte kâns wie dat der ea eat fan Mars komme koe; de skepsels fan Mars binnen de minske fier foarút, en dêrtroch lanne dochs in tal nuvere sylinders op Ierde. It ferslach giet dan fierder mei hoe't it treffen fan de twa wrâlden ferrint.