The Suicide Squad (film)
The Suicide Squad | ||
![]() | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
![]() | ||
makkers | ||
regisseur | James Gunn | |
produsint | Charles Roven Peter Safran | |
senario | James Gunn | |
kamerarezjy | Henry Braham | |
muzyk | John Murphy | |
filmstudio | Warner Bros. DC Films Atlas Entertainment The Safran Company | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Idris Elba Margot Robbie | |
byrollen | John Cena Joel Kinnaman Daniela Melchior Sylvester Stallone David Dastmalchian Viola Davis Peter Capaldi | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | ![]() | |
premiêre | 30 july 2021 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | superheldefilm | |
taal | Ingelsk en Spaansk | |
spyltiid | 132 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $185 miljoen | |
opbringst | $168,7 miljoen | |
prizen | 1 × Satellite Award | |
filmsearje | ||
filmsearje | DC Extended Universe | |
● foarich diel | Wonder Woman 1984 | |
● folgjend diel | Black Adam |
Net te betiizjen mei Suicide Squad, in oare superheldefilm út it DC Extended Universe, dy't útkaam yn 2016.
The Suicide Squad is in Amerikaanske superheldefilm út 2021 ûnder rezjy fan James Gunn, mei yn 'e haadrollen Idris Elba en Margot Robbie. De titel betsjut "De Selsmoardienheid". De film heart ta de DC Extended Universe-filmsearje, dy't basearre is op 'e strips fan útjouwerij DC Comics. As sadanich folget er op 'e film Wonder Woman 1984 en giet er foarôf oan Black Adam. The Suicide Squad is in ferfolch op 'e hast lyknammige film Suicide Squad út 2016. It ferhaal giet oer in stikmannich supersmjunten dy't ûnder twang troch de Amerikaanske oerheid rekrutearre wurde út finzenissen. Se krije opdracht om yn it (fiktive) lân Corto Maltese, dêr't koartby in steatsgreep plakfûn hat, in geheim laboratoarium en alle spoaren fan it ûndersyk dat dêr dien, te ferneatigjen. The Suicide Squad krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, mar die it yn 'e bioskopen net al te bêst. Foar in part wie dat te witen oan 'e koroanapandemy en foar in oar part oan it feit dat de film tagelyk ek fia streamingtsjinst HBO Max beskikber makke wie. The Suicide Squad wûn ien Satellite Award.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Amanda Waller, de ûnmeilydsume direktrise fan 'e Amerikaanske feilichheidstsjinst A.R.G.U.S., stalt twa teams fan supersmjunten gear dy't finzen holden wurde yn 'e Penitinsjêre Ynrjochting Belle Rêve. Yn ruil foar harren meiwurking krije de finzenen ferkoarte selstraffen. As se net meiwurkje wolle, nimt Waller har taflecht ta sjantaazjepraktiken. De leden fan 'e elts fan 'e teams, dy't ynformeel bekend komme te stean as "Selsmoardienheid", binne net op 'e hichte fan it bestean fan it oare team. Beide teams wurde nei it (fiktive) Latynsk-Amerikaanske lân Corto Maltese stjoerd, dêr't de pro-Amerikaanske diktator by in bloedige steatsgreep koartby ferfongen is troch in anty-Amerikaanske militêre gûnta. It doel fan 'e misje is om it laboratoarium Jötunheim te ferneatigjen, dat nei de Twadde Wrâldoarloch troch flechte nazy-wittenskippers opset is. Yn 't bysûnder moat alles dat mei it saneamde Projekt Seestjer te krijen hat, útwiske wurde, om't it te gefaarlik is om yn 'e hannen fan 'e militêre gûnta falle te litten.
De earste Selsmoardienheid stiet ûnder lieding fan kolonel Rick Flag en bestiet fierder út 'e supersmjunten Savant, Captain Boomerang, Blackguard, T.D.K., Javelin, Mongal en Weasel. Op it lêste momint wurdt dêroan noch de geastlik steurde froulike krimineel Harley Quinn tafoege. Dat team reizget nei Corto Maltese ta, in lân dat bestiet út in eilannegroep. It team fiert by nacht in lâning út, wêrby't Weasel al troch ferdrinking omkomt noch foar't de kust berikt is. Op it strân wurdt it team opwachte troch in grutte troepemacht fan it Cortomalteeske leger. It docht bliken dat de maklik manipulearbere Blackguard it team ferret hat troch harren komst troch te dwaan oan it militêre rezjym yn Corto Maltese. Hy ferwachtet dêrom as in held ûnthelle te wurden, mar komt bedroegen út. Yn 'e mande mei de oare leden fan 'e Selsmoardienheid wurdt er troch de Cortomaltezers ûnmeilydsum ôfslachte. Fan it earste team oerlibje inkeld kolonel Flag en Harley Quinn it bloedbad op it strân. Flag wurdt finzen nommen troch in ûnbekende wapene groep nei't er it oerwâld yn flechte is, wylst Harley op it strân oerweldige wurdt troch de Cortomalteeske soldaten nei't se troch in stjerrende Javelin bejeftige is mei syn boppenatuerlike spear.
Underwilens giet op in oar plak op itselde eilân ûngemurken de twadde Selsmoardienheid oan lân, dy't ûnder lieding stiet fan 'e hiermoardner Robert DuBois alias Bloodsport. Dyselde wie ien fan dejingen dy't wegere om Waller har spultsjes mei te spyljen. Dat loste Waller op mei it drigemint dat se derfoar soargje soe dat syn sechstjinjierrige dochter Tyla, dy't foar dieverij arrestearre wie, yn it tichthûs ferkrêfte wurde soe. It team bestiet fierders út Christopher Smith alias Peacemaker, in waanwize skerpskutter en hiermoardner; Cleo Cazo alias Ratcatcher 2, in jonge Portegeeske frou dy't brune rotten har wil oplizze kin; Abner Krill alias de Polka-Dot Man, it geastlik skeinde slachtoffer fan in mislearre eksperimint fan syn eigen mem; en Nanaue oftewol King Shark, in net bjuster yntelliginte en op minskefleis longerjende krusing fan in minske en in wite haai. It docht bliken dat Waller op 'e hichte wie fan it ferrie fan Blackguard en it sels temûk fasilitearre hat, mei't se de earste Selsmoardienheid fan it begjin ôf oan al bedoelde as ôfliedingsmaneuver, sadat it twadde team sûnder swierrichheden Corto Maltese binnenkringe koe.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
It team fan Bloodsport set troch it tropysk reinwâld hinne ôf nei Jötunheim, mar wannear't Waller foar it ferstân kriget dat kolonel Flag noch yn libben is, jout se Bloodsport-en-dy nije oarders. It team moat no earst Flag befrije, dy't troch libbensgefaarlike terroristen fêstholden wurdt. Bloodsport-en-dy spoare it kamp op dêr't Flag finzen holden wurdt en slachtsje de terroristen ôf. Pas neitiid, as se Flag rêstich teedrinkend en pratend mei de liedster fan 'e 'terroristen' oantreffe, krije se foar it ferstân dat se in ienheid frijheidsstriders útmoarde hawwe, dy't fjochtsje foar demokrasy yn Corto Maltese. De liedster, Sol Soria, is dêr begryplikerwize raar oer gesteld, mar hja beslút it team likegoed te helpen, om't it doel fan harren misje alteast foar in diel oerienkomt mei de aspiraasjes fan 'e rebellen. Mei help fan 'e opstannelingen ynfiltrearret it team de haadstêd en ûntfiert dêr Gaius Grieves, byneamd De Tinker, in wittenskipper dy't de lieding hat oer Projekt Seestjer.
Underwilens wurdt de finzen nommen Harley Quinn by de nije diktator fan Corto Maltese brocht, generaal Silvio Luna. Dyselde hat gâns oer har heard en bewûnderet, sa seit er, har krewearjen om 'e fêstige oarder yn 'e Feriene Steaten ûnder fuotten te heljen. Hy is fan fierrens fereale op har rekke en makket har no it hof om't er mei har trouwe wol. Dat houliksoansiik komt oan 'e ein fan in romantyske dei tegearre. Harley Quinn jout him tawurd, wêrnei't it stel op hertstochtlike wize de leafde bedriuwt. Neitiid mimeret generaal Luna oer syn plannen foar de takomst, dy't in almar driigjender toan oannimme, oant er fertelt dat er fan doel is om 'e froulju en bern fan syn politike tsjinstanners te brûken foar deadlike eksperiminten yn it ramt fan Projekt Seestjer. Harley, dy't harsels nei't it útrekke wie mei de Joker ûnthjitten hat om nea wer sa'n toksyske relaasje oan te gean, pakt dêrop in pistoal en sjit Luna dea. Hja wurdt dêrnei wer finzen nommen.
Kolonel Flag komt derefter dat Harley Quinn noch libbet en finzen holden wurdt yn it presidinsjeel paleis. Mei it team fan Bloodsport set er in rêdingsaksje op tou. Harley wurdt ûnderwilens martele troch de nije lieder fan 'e militêre gûnta, generaal-majoar Mateo Suárez, in âldere, ekstremere ferzje fan Luna, dy't syn foargonger as in ûnferbetterlik romantikus beskôget. Harley is him en syn trewanten lykwols te fluch ôf, deadet har boal en ûntkomt mei de spear fan Javelin út it paleis. Bûten rint se Flag-en-dy tsjin it liif, dy't dan de plande rêdingsaksje ôfblaze kinne.
Fersterke troch Harley Quinn bejout it team him nei Jötunheim, dêr't se it swierbefeilige laboratoariumkompleks binnenkringe troch Grieves de tagongskoade ôf te twingen. Se ferniele de betsjinningspanielen fan 'e tagongsdoarren ear't se nei binnen ta geane, sadat Suárez en syn tahastige soldaten der net mear yn komme kinne. Ienris binnendoar begjint it team oeral eksplosiven oan te bringen. Flag en Cleo geane mei Grieves nei it sintrum fan it laboratoarium dêr't in reuseftich seestjer-eftich bûtenierdsk wêzen fêstholden wurdt, dat lytsere ferzjes fan himsels kreëarret om minsken te deadzjen en harren liken mei te animearjen. Grieves leit út dat dit wêzen, dat er de namme "Starro de Oermasterder" jûn hat, nei de Ierde brocht is troch Amerikaanske astronauten, wêrnei't it troch de Amerikaanske oerheid yn it djipste geheim nei Jötunheim ta brocht is foar alderhanne eksperiminten wêrby't de tsjinstanners fan 'e diktatuer yn Corto Maltese as testpersoanen tsjinstdiene. De Feriene Steaten koene sokke misdieden tsjin 'e minsklikheid fansels net op eigen boaiem duldzje, mar yn in Latynsk-Amerikaansk fazalsteatsje kraaide der gjin hoanne nei. Mar no't yn Corto Maltese in anty-Amerikaansk rezjym oan 'e macht kommen is, moat halje-trawalje alle Amerikaanske belutsenens by Projekt Seestjer útwiske wurde om't men yn Washington, D.C. skitende benaud is dat de militêre gûnta dêr in boekje oer iependwaan sil.
In troch dy útlis ta razernij brocht Flag nimt de hurde skiif fan 'e sintrale kompjûter fan it laboratoariumkompleks yn beslach, mei as doel om alle Amerikaanske misdieden buorkundich te meitsjen. Nei in lang en dreech gefjocht wurdt hy lykwols deade troch Peacemaker, de iennichste fan it team dy't op 'e hichte wie fan 'e Amerikaanske belutsenens by Projekt Seestjer. (De amorele Peacemaker blykt troch Waller oan it team tafoege te wêzen om derop ta te sjen alle spoaren fan Projekt Seestjer folslein útwiske wurde.) De hurde skiif komt lykwols yn 'e hannen fan Cleo, dy't dermei útnaait. Underwilens reitsje Bloodsport, Harley Quinn en de Polka-Dot Man slaande deilis mei de bewekkers fan it laboratoariumkompleks, wêrby't de Polka-Dot Man by fersin de pleatste eksplosiven foartidich ôfgean lit. Wylst it laboratoarium ynstoart, komt Peacemaker Cleo tenei. Op it stuit dat er har deasjitte wol om't se de útlis fan Grieves heard hat, wurdt er lykwols sels delsketten troch Bloodsport, dy't de hurde skiif yn besit nimt.
Starro de Oermasterder, dy't troch it ynstoarten fan it laboratoarium nei mear as fyftich jier einlings frijkomt, nimt wraak op Grieves troch him op te pakken en útinoar te skuorren. Ek generaal-majoar Suárez en syn soldaten falle ta proai oan it bûtenierdsk wêzen, dat neitiid de haadstêd yn giet mei de bedoeling om alle ynwenners te deadzjen en dêrtroch sels noch grutter en ûnferslaanberder te wurden. Waller is tefreden mei it sljochtsjen fan Jötunheim en befellet de Selsmoardienheid om nei hûs te kommen. Dat Starro in hiele stêd útmoardzje wol, kin har neat skele, want Corto Maltese is gjin freon mear fan 'e Feriene Steaten. Bloodsport, Harley, Cleo, Nanaue en de Polka-Dot Man negearje har oarders lykwols, en geane efter Starro oan. Dy oerhearrigens driuwt Waller ta razernij en se driget de eksplosiven, dy't se by elts fan 'e leden fan 'e Selsmoardienheid yn 'e nekke ymplantearje litten hat, op te blazen, oant se troch leden fan har eigen stêf bewusteleas slein wurdt.
Yn 'e stêd geane Bloodsport-en-dy de striid oan mei Starro de Oermasterder, wêrby't se help krije fan Waller har ARGUS-stêf dy't tagong ta satellytbylden fan Corto Maltese hat. De Polka-Dot Man komt om as Starro op him stean giet en Nanaue wurdt troch it meunster tydlik bûten gefjocht steld. Bloodsport rekket troch syn munysje hinne, mar mei de spear fan Javelin trochboarret Harley it iennichste each fan Starro, wat in ûnbidige, de troch Cleo oproppen kliber rotten in tagongswei jout om yn it lichem fan it bûtenierdsk wêzen binnen te kringen. Dêr begjinne se alle ferbinings, lykas senuwen en pizen, troch te gnabjen, sadat Starro úteinlings fan binnenút komt te ferstjerren. Wylst it Cortomalteeske leger troch alle rebûlje ôflaat is, kringe Sol Soria en har rebellen it presidinsjeel paleis binnen, dêr't se de restearjende leden fan 'e militêre gûnta deasjitte en de macht yn it lân oernimme.







Nei't alle o-heden foarby is, nimt Bloodsport kontakt op mei Waller. Hy lit har witte dat er de hurde skiif fan Jötunheim hat mei alle ynformaasje oer Projekt Seestjer. As Waller him en de oare oerlibjende leden fan 'e Selsmoardienheid net gean lit, sil er dy ynformaasje trochjaan oan 'e media. Ek easket er dat Waller derfoar soarget dat de oanklachten tsjin syn dochter Tyla ynlutsen wurde. Waller jout belies en stimt yn mei wat er wol. Bloodsport, Harley, Cleo en Nanaue wurde oppikt út Corto Maltese en geane nei hûs.
Yn in sêne dy't healwei de ôftiteling tafoege is, komt op it strân dêr't de earste Selsmoardienheid ôfslachte is troch it Cortomalteeske leger de ferdronken waande Weasel wer by en glûpt it oerwâld yn. Yn in sêne oan 'e ein fan ôftiteling straft Waller twa fan har stêfleden troch harren ta te wizen oan in nije misje mei Peacemaker, dy't syn skotwûne oerlibbe blykt te hawwen en no yn in sikehûs leit te opbetterjen.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Robert DuBois / Bloodsport | Idris Elba |
Harleen Quinzel / Harley Quinn | Margot Robbie |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Christopher Smith / Peacemaker | John Cena |
kolonel Rick Flag | Joel Kinnaman |
Cleo Cazo / Ratcatcher 2 | Daniela Melchior |
Nanaue / King Shark | Sylvester Stallone (stim) Steve Agee (fysyk) |
Abner Krill / Polka-Dot Man | David Dastmalchian |
ARGUS-direktrise Amanda Waller | Viola Davis |
Gaius Grieves / De Tinker | Peter Capaldi |
Sol Soria | Alice Braga |
Silvio Luna, diktator fan Corto Maltese | Juan Diego Botto |
generaal-majoar Mateo Suárez | Joaquín Cosío |
Brian Durlin / Savant | Michael Rooker |
Digger Harkness / Captain Boomerang | Jai Courtney |
Dick Hertz / Blackguard | Pete Davidson (cameo) |
ARGUS-agint John Economos | Steve Agee |
ARGUS-aginte Emilia Harcourt | Jennifer Holland |
Milton | Julio Ruiz |
Tyla DuBois | Storm Reid |
ARGUS-aginte Flo Crawley | Tinashe Kajese |
Cory Pitzner / T.D.K. (The Detachable Kid) | Nathan Fillion |
Günter Braun / Javelin | Flula Borg |
Mongal | Mailing Ng |
Weasel | Sean Gunn |
mem fan Abner Krill | Lynne Ashe |
Ratchatcher 1, heit fan Cleo Cazo | Taika Waititi |
Calendar Man | Sean Gunn |
Kaleidoscope | Natalia Safran |
Double Down | Jared Leland Gore |
dr. Fitzgibbon | John Ostrander (cameo) |
Briscoe | Stephen Blakehart |
pealdûnseresse yn nachtklub | Pom Klementieff (cameo) |
Sebastien de rôt | Dee Bradley Baker (stim) Jaws en Crisp Ratt (fysyk) |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foarskiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ear't de earste film oer it Suicide Squad (mei de titel Suicide Squad) mids 2016 útkaam, waard ferwachte dat by in goed resultaat regisseur David Ayer en akteur Will Smith weromkeare soene yn in ferfolchfilm. Ek aktrise Karen Fukuhara, dy't yn Suicide Squad de rol fan Tatsu Yamashiro alias Katana spile hie, liet witte graach yn in ferfolch weromkeare te wollen om har personaazje wat mear út te wurkjen. Suicide Squad hie, sa waard grute, in drege produksje hân, en doe't de film yn 'e bioskopen kaam, wie de ûntfangst polarisearre. Mar de opbringst wie rom genôch foar filmstudio Warner Bros. om hast te meitsjen mei in ferfolch.
Underwilens wiene der ferskate spin-offs fan Suicide Squad yn preproduksje, wêrûnder Gotham City Sirens, in superheldefilm wêryn't alle wichtige rollen troch froulju fertolke wurde soene. Dy film soe it ferhaal wer oppakke fan Harley Quinn, in personaazje dat yn Suicide Squad troch Margot Robbie spile wie. It waard bekendmakke dat David Ayer Gotham City Sirens regissearje soe ynstee fan it ferfolch op Suicide Squad. Sadwaande gie Warner Bros. foar dy lêste film op 'e siik nei in oare regisseur. (De produksje fan Gotham City Sirens rûn letter lykwols op 'e non, en yn it plak dêrfoar kaam yn 2020 de soartgelikense film Birds of Prey (and the Fantabulous Emancipation of One Harley Quinn) út, mei Robbie op 'e nij yn 'e rol fan Quinn, mar mei Cathy Yan yn 'e regisseursstoel.)
Foar de rezjy fan it ferfolch op Suicide Squad waarden û.o. Mel Gibson, Ruben Fleischer, David S. Goyer, Adam Cozad, Jaume Collet-Serra yn omtinken nommen. Yn oktober 2018 waard James Gunn, dy't syn namme op 'e kaart set hie mei de rezjy fan Guardians of the Galaxy, in film út 'e rivalisearjende Marvel Cinematic Universe-filmsearje, troch The Walt Disney Company oan 'e kant set omreden fan ferskate kontroversjele Twitter-posts oer ferkrêfting, pedofily, AIDS, de Holokaust, bestialiteiten en de terreuroanslaggen fan 9/11. Warner Bros. seach syn kâns skoan en sleat mei Gunn fuortendaliks in kontrakt ôf foar de rezjy oer in film út 'e DC Extended Universe-rige. Dat kaam foar Disney blykber as in ûnoangename ferrassing, want ien dei letter waard er frege oft er foar Disney dochs net Guardians of the Galaxy Vol. 3 regissearje koe. Gunn antwurde dat dat wol koe, mar dat er no earst in film foar Warner Bros. meitsje soe. Dêrop stelde Disney de produksje fan Guardians of the Galaxy Vol. 3 út oant hy wer frij wêze soe.

Warner Bros. woe eins dat Gunn in nije film oer superheld Superman meitsje soe. Gunn wie der net wis fan oft er him dêr wol oan weagje woe, dat doe krige er fan Warner Bros. te hearren dat er frij-út kieze koe út alle personaazjes fan DC Comics om in film oer te meitsjen. Gunn keas foar it ferfolch op Suicide Squad, mei't er al sûnt syn jongestiid deidreamen hie om dêr in film oer te meitsjen. Hy bekende letter yn in fraachpetear dat er rare jaloersk west hie op Ayer, doe't dy yn 2016 in aventoer fan it Suicide Squad ferfilmje mocht. Dat wie ek de reden dat er dy film noch nea sjoen hie. Dat, ien fan 'e earste tariedende dingen dy't Gunn die doe't Warner Bros. akkoart gien wie mei syn kar, wie om Suicide Squad foar it earst te sjen. De studio liet him witte dat er oan syn film tafoegje en derút weilitte koe wat er mar woe, mar dat se al hopen dat er Margot Robbie wer weromhelje soe yn 'e rol fan 'e populêre Harley Quinn.
Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As titel fan 'e film suggerearre James Gunn by wize fan grap The Suicide Squad, om't dêryn inkeld it lidwurd ferskilde fan 'e earste film (Suicide Squad). De studiobazen by Warner Bros. mochten it lykwols wol lije, dat de film kaam echt sa te hjitten. Gunn regissearre The Suicide Squad net allinnich, hy skreau ek it senario sels. As produsinten wiene Charles Roven en Peter Safran by it projekt belutsen foar Warner Bros. en de produksjemaatskippijen DC Films, Atlas Entertainment en The Safran Company. Foar de film wie in budget beskikber fan $185 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Henry Braham, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Murphy.
Casting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut Suicide Squad brocht regisseur James Gunn net inkeld Margot Robbie werom yn har glânsrol as de sljochtsinnige supersmjunt Harley Quinn, mar ek Viola Davis as Amanda Waller, Joel Kinnaman as kolonel Rick Flag en, yn in byrol, Jai Courtney as Captain Boomerang. Will Smith koe net weromkeare as Deadshot om't er him foar de opnameperioade al oars fêstlein hie. Dêrop frege Gunn de Britske akteur Idris Elba foar it personaazje fan Bloodsport, dat Deadshot ferfange moast. Elba wie Gunn syn iennichste kar foar dy rol.
Gunn frege fierders Sylvester Stallone, mei wa't er gearwurke hie oan Guardians of the Galaxy Vol. 2 (2017), om 'e dialooch fan Nanaue alias King Shark yn te sprekken. Steve Agee, in langjierrige freon fan Gunn, naam de fysike rol fan Nanaue op 'e filmset op him. Hy waard dêrfoar keazen fanwegen syn lingte fan 2.01 m. It eigentlike fysike personaazje fan Nanaue waard yn 'e postproduksje mei special effects oan 'e opnamen tafoege.
Foar de rol fan Peacemaker woe Gunn eins Dave Bautista hawwe, dy't yn 'e Guardians of the Galaxy-films de rol fan Drax de Ferneatiger spile. Bautista hie him foar de opnameperioade lykwols al fêstlein foar de film Army of the Dead fan Zack Snyder. Sadwaande frege Gunn in oare krêftpatser, John Cena, om Peacemaker te spyljen. Gunn sei dêroer dat er al mei Cena gearwurkje wollen hie sûnt er dyselde yn 'e film Trainwreck (2015) sjoen hie. Foar de rol fan 'e Polka-Dot Man keas Gunn syn freon David Dastmalchian. Krekt sa ferjoech Gunn it lytse roltsje fan Weasel oan syn broer Sean Gunn.
Daniela Melchior waard by audysjes út 200 aktrises útkeazen foar de rol fan Cleo Cazo alias Ratcatcher 2. In betingst om foar dy rol yn oanmerking te kommen, wie dat de aktrises net benaud fan brune rotten wêze mochten. Komyk Pete Davidson, bekend fan it sketcheprogramma Saturday Night Live, gie akkoart mei it spyljen fan in cameo yn 'e foarm fan 'e ferriedlike supersmjunt Blackguard. Nei eigen sizzen naam er dat roltsje oan om't de wiere namme fan Blackguard 'Dick Hertz' is, wat er grappich fûn. (Klinkt as "dick hurts", dat Ingelsk is foar "lul docht sear".)
Opnamen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De opnamen foar The Suicide Squad setten op 20 septimber 2019 útein en duorren oant en mei 28 febrewaris 2020. It meastepart fan 'e film waard opnommen yn 'e Pinewood Atlanta Studios by Atlanta, yn 'e Amerikaanske steat Georgia. Guon sênes waarden lykwols op lokaasje filme. Dêrby waard de mei opsetsin misliedende wurktitel El Dorado brûkt om foar te kommen dat de filmsets troch entûsjaste fans ûnder de foet rûn wurde soene. De sênes yn 'e haadstêd fan it fiktive lân Corto Maltese (eins ferneamd nei it stripfiguer mei dyselde namme) waarden opnommen yn Colón, yn Panama. Regisseur James Gunn omskreau dy stêd as "prachtich moai, mar sa yn ferfal rekke dat it útinoar falt". De cast en crew rêden yn har tiid yn Panama ferskate bisten fan in libben op 'e strjitte. Der waard ek filme yn 'e Portegeeske stêd Porto.

Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan The Suicide Squad waard fersoarge troch Warner Bros. De film hie frijwat lêst fan 'e lockdowns en oare beheinings yn it ramt fan 'e oangeande koroanapandemy, en de galapremiêre waard ôflast. Uteinlik gie The Suicide Squad op 30 july 2021 yn 'e Britske bioskopen yn premiêre, en op 5 augustus fan dat jier ek yn 'e Amerikaanske. Tagelyk dêrmei kaam de film foar streaming beskikber op streamingtsjinst HBO Max. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 6 augustus by platemaatskippij WaterTower Music. The Suicide Squad kaam op 17 septimber 2021 beskikber as digitale download en waard op 26 oktober fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige The Suicide Squad oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Katie Rife fan The A.V. Club de film in 81/2 op in skaal fan 1 oant 10. Hja skreau: "No't superheldefilms net mear skandlik bernefermaak binne mar mondiale barrens dy't ynlet wurde mei ûntsach en earbied, wie it tiid dat immen dy ballon trochprikte. […] The Suicide Squad docht dat glimkjendewei." Neffens Owen Gleiberman fan it tydskrift Variety wie de film wat "de earste Suicide Squad-film wêze moatten hie". Yn 'e krante USA Today krige The Suicide Squad 31/2 fan 4 stjerren fan resinsint Brian Truitt. Hy motivearre dat mei de wurden "[dizze film] ferskoot it sjenre fan 'e superheldefilm yn in hilaryske, bluodderige en almar kranksinnigere rjochting".
Justin Chang skreau yn 'e Los Angeles Times: "Nei it aaklike Suicide Squad út 2016, wêryn't it mei de stompe bile gie, koe ik my net foarstelle dat ik nochris in film [mei dy titel] sjen soe – sûnder te koarjen. Ik bin tige bliid dat ik dêr mis mei wie." Neffens him wie The Suicide Squad in "ferlossing foar James Gunn en DC". Richard Trenholm fan CNET priizge The Suicide Squad foar de yn 'e film behannele tema's. Hy skreau: "Dizze ûnearbiedige stripfilm nimt tige grutte en wichtige tema's op it harspit en fart út tsjin Westersk ymperialisme, it Amerikaansk bûtenlânbelied en mislieding troch de oerheid [en …] ynminging yn oare lannen. Dat burokratyske kwea, dat om kâld fan te wurden is, wurdt fertsjintwurdige troch [it personaazje] Amanda Waller, dy't har ûntjout ta miskien wol de meast hate smjunt fan it DC-universum – en yn elts gefal de kâldste."
Alonso Duralde fan TheWrap skreau: "The Suicide Squad is beslist net perfekt, mar krekt as de Deadpool-films is it in foarbyld fan wat der barre kin as in superheldefilm fris, selsbewust en satirysk wêze mei en tagelyk net tebekskrillet foar hurd geweld, bluodderigens en krêftwurden. Dizze lêste kreaasje fan Gunn is net sûnder langtrieddige mominten, mar as er knalt, docht er dat op briljante wize." En Peter Bradshaw, ta einsluten, dy't skreau foar de Britske krante The Guardian, joech de film 3 fan 5 stjerren. Hy neamd it "in lange, lûdroftige en faak oangename en fermaaklike film, dy't in Blitzkrieg tsjin jins eagen en trommefluezzen fiert […]."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Suicide Squad in tige heech goedkarringspersintaazje fan 90%, basearre op 379 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Opfleure troch senarioskriuwer-regisseur James Gunn syn bepaald brike fisy is The Suicide Squad in grappich ferfolch mei in heech tempo, dat goed profitearret fan 'e gewelddiedige, anargistyske sterkten fan it boarnemateriaal." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Suicide Squad in goedkarringspersintaazje fan 72%, basearre op 55 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Opbringst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Suicide Squad brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $55,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $112,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $168,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $185 miljoen betsjut dat in ferlies fan $16,3 miljoen, dêr't de marketingkosten nochris oerhinne komme. Foar in diel kaam dat troch de lockdowns en oare beheinings oan bioskoopbesyk yn it ramt fan 'e koroanapandemy, en foar in part ek trochdat de film fuortendaliks foar streaming beskikber makke waard fia HBO Max. Dêr groeide it út ta it meast streamde diel fan 'e DC Extended Universe-searje. It wie ek de op seis nei meast streamde film fan 2021 rekkene oer alle streamingtsjinsten. Peacemaker, in spin-off-tillefyzjesearje mei John Cena yn 'e titelrol, waard letter fan jannewaris 2022 útbrocht op HBO Max.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Suicide Squad wûn in Satellite Award yn 'e kategory bêste stunt. De film waard dêrnjonken nominearre foar in twadde Satellite (foar bêste special effects) en fjouwer Saturn Awards: foar bêste superheldefilm, bêste akteur (Idris Elba), bêste byrol fan in aktrise (Viola Davis) en bêste fisazjy. Fierders wiene der nominaasjes foar de People's Choice Award foar froulike filmstjer fan it jier (Margot Robbie) en foar de Annie Award foar bêste personaazje-animaasje yn in live-actionfilm (foar it personaazje fan Nanaue).
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan The Suicide Squad
- (in) Ynformaasje oer The Suicide Squad yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
DC Extended Universe (filmsearje) | |
---|---|
Man of Steel (2013) • Batman v Superman: Dawn of Justice (2016) • Suicide Squad (2016) • Wonder Woman (2017) • Justice League (2017) • Aquaman (2018) • Shazam! (2019) • Birds of Prey (and the Fantabulous Emancipation of One Harley Quinn) (2020) • Wonder Woman 1984 (2020) • Zack Snyder's Justice League (2021) • The Suicide Squad (2021) • Black Adam (2022) • Shazam! Fury of the Gods (2023) • The Flash (2022) • Blue Beetle (2023) • Aquaman and the Lost Kingdom (2023) |
- DC Extended Universe-film
- Amerikaanske superheldefilm
- Amerikaanske aksjekomeedzje
- Amerikaanske swarte komeedzje
- Amerikaanske science fiction-film
- Science fiction-komeedzjefilm
- Supersmjuntefilm
- Fantasy-aksjefilm
- Ingelsktalige film
- Spaansktalige film
- Film fan Warner Bros.
- Film fan DC Films
- Film fan Atlas Entertainment
- Film fan James Gunn
- Film út 2021
- Film oer in krimineel
- Film oer in finzenis
- Film oer eksperiminten op minsken
- Film oer sjantaazje
- Film oer figilantisme
- Film oer romtefeart
- Film oer bûtenierdske wêzens
- Film oer in fiktyf lân
- Film oer bistemishanneling
- Film oer moard
- Film oer in steatsgreep
- Film oer in diktator
- Film oer rotten
- Film oer haaien
- Film oer meunsters
- Film oer in hiermoardner
- Film basearre op in strip