The Stone Sky
The Stone Sky | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | N.K. Jemisin | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2017, New York | |
oarspr. útjwr. | Orbit Books | |
prizen | Hugo Award (bêste roman) Nebula Award (bêste roman) Locus Award (bêste fantasyroman) | |
rige | ||
rige | The Broken Earth | |
● foarich diel | The Obelisk Gate | |
● folgjend diel | ― (lêste diel) | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 35 65 08 689 |
The Stone Sky is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster N.K. Jemisin. De titel betsjut: "De Stiennene Loft". De roman ferfettet it ferhaal fan Essun, in frou dy't yn in wrâld libbet dy't periodyk bleatstiet oan rampsillige klimatologyske feroarings. It is it trêde en lêste diel fan 'e trilogy The Broken Earth, en as sadanich it ferfolch op The Fifth Season en The Obelisk Gate. The Stone Sky waard foar it earst yn 2017 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Orbit Books. It boek waard mei tige loovjende resinsjes ûntfongen en wûn yn 2018 de Hugo Award foar bêste roman, de Nebula Award foar bêste roman en de Locus Award foar bêste fantasyroman.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje](Sjoch foar wat foarôfgie de plotbeskriuwings fan The Fifth Season en The Obelisk Gate.)
No't Castrima ûnbewenber wurden is troch de striid mei it leger fan Rennanis, wylst Rennanis sels troch Essun har tadwaan leechstiet, sette de bewenners fan Castrima ôf nei dy fiere stêd, dêr't se beskûl en itensfoarrieden fine kinne. Essun, dy't sûnt har oandiel yn 'e striid bewusteleas west hat, komt ûnderweis by. Se ûntdekt dan dat har earm ferstienne is troch de ûnbidige magyske enerzjyen dy't se troch harsels laat hat doe't se de poarte fan 'e obelisken iepene. Se wurdt fan it gewicht fan 'e stiennene earm ferlost troch har freon, de stieniter Hoa. As de mienskip fan Castrima nei in drege en foar ytliken fan harren fatale tocht troch de woastyn it lege Rennanis berikt en him dêr fêstiget, komt de fuortslingere moanne it plak nei-oan dêr't er yn syn elliptyske baan it deunst by de wrâld lâns gean sil. As Essun de moanne fange en yn syn oarspronklike baan weromsette wol (wat de periodike rampsillige klimatologyske feroarings troch ierdbevings en fulkaanútbarstings tsjinkeare of alteast sterk bedimje sil), sil se dat mei koarten dwaan moatte.
Underwilens bekomt Essun har ferlerne dochter Nassun fan 'e skok, feroarsake trochdat se mei help fan in obelisk har heit Jija ombrocht hat troch him yn stien te feroarjen. Nettsjinsteande it feit dat se dat út selsferdigening die, doe't Jija har besocht te deadzjen om't er yn syn ferwrongen geast net ferkropje koe dat syn dochter in orogeen wie, is Nassun likegoed ûntmoedige en lulk. Se hatet de wrâld dêr't foaroardielen in heit sokke dingen dwaan litte kinne, en beslút om 'e wrâld te ferdylgjen troch de poarte fan 'e obelisken te brûken om 'e moanne op 'e ierde botse te litten, sadat beide ferneatige wurde sille. Har skansearre Beskermer, Schaffa, dy't har sûnder betingsten fertrout, seit ta en help har om Kearnpunt, oan 'e oare kant fan 'e wrâld, te berikken, dêr't Nassun de poarte fan 'e obelisken aktivearje kinne sil sûnder dat se de gefaarlike, want mei in eigen wil bejeftige, sintrale betsjinningsobelisk hoecht te brûken sa't Essun earder dien hat.
Yn in trêde ferhaalline fertelt de stieniter Hoa yn it ik-perspektyf hoe't de wrâld wurden is sa't er is. Fjirtichtûzen jier lyn wiene de minsken fan Syl Anagist roppich nei macht oant harren beskaving de hiele wrâld behearske. Hja wiene masters yn it brûken fan magy, en diene dat foar alle ûnnoazele dinkjes. It gefolch wie, dat se almar mear magy brek wiene. Doe't se yn 'e kearn fan 'e ierde in ûnbidich reservoir fan magy ûntdieken, besleaten se en set dat yn om oan har ferlet te foldwaan. Hoewol't se wisten dat alle magy produsearre wurdt troch libbene wêzens, begriepen se net dat dat reservoir betsjutte dat de wrâld sels in libben wêzen wie. Om it reservoir tagonklik te meitsjen, makken de Sylanagistinen de obelisken, dy't yn lege banen om 'e ierde brocht waarden sadat se in wrâldwiid netwurk foarmen. By Kearnpunt boarren se in gat nei de midden fan 'e planeet, en doe makken se, troch genetyske manipulaasje in stikmannich persoanen dy't de magyske fermogens hiene om 'e obelisken te behearskjen by it kommen ta in steat dy't se 'geo-arkaniteit' neamden. Ien fan dy persoanen wie Hoa.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Koart foar't it projekt fan 'e Sylanagistinen ta syn klimaks kaam, ûntdieken Hoa en syn fiif wjergaders dat de Sylanagistinen harren haten en frezen, en dat se fuort nei it berikken fan geo-arkaniteit, as der gjin ferlet mear fan harren wie, deade wurde soene. Se kamen ek oan 'e weet dat de Sylanagistinen, dy't altyd bearden dat alle libben foar harren hillich wie, eins ferskate kearen genoside dien hiene op oare folken. De lêste kear dat dat barde, wiene de Niess dêr it slachtoffer fan. It sizzen mank de Sylanagistinen wie dat de Niess ûnbeheinde magyske fermogens hiene, en dêrom freze wurde moasten, mar neitiid wiisde ûndersyk út dat dêr neat fan oan wie, en dat de Niess net mear magyske fermogens hiene as de Sylanagistinen sels. Om harren wandieden te rjochtfeardigjen makken de Sylanagistinen doe minsken dy't op oerdreaune wize de lichaamlike skaaimerken fan 'e Niess hiene, mei dêropta wol deeglik gruttere magyske fermogens. Sa wiene harren dieden yn har tinken dochs noch rjochtfeardige.
Dy genetyske erfgenamten fan 'e Niess wiene Hoa-en-dy. Stilwei besleaten Hoa en de oaren om it geo-arkaniteitsprojekt sa te sabotearjen, sadat de beskaving fan Syl Anagist fan 'e ierdboaiem útwiske wurde soe. Dat koene se dwaan om't se ûnder de útfiering fan it projekt de frijwol ûnbeheinde magyske enerzjyen fan 'e obelisken ta har foldwaan hiene. Underwilens hie Heit Ierde sels lykwols ek lucht krigen fan wat it ûngedierte dat op syn hûd omkroep, fan doel wie, en hy hie prikken yn it wurk steld om harren plannen tsjin te kearen. Under de útfiering fan it geo-arkaniteitsprojekt rûnen de beide sabotaazje-aksjes inoar yn 'e tsjillen mei jammerdearlike gefolgen: de moanne waard fuortslingere en de periodike ferwuostging fan 'e ierde troch ierdbevings en fulkaanútbarsting begûn om't Heit Ierde poerrazen wie om it ferlies fan 'e moanne en it besykjen om himsels ta slaaf te meitsjen. By wize fan bestraffing feroare Heit Ierde by dy konfrontaasje Hoa-en-dy yn libbene stien, wêrmei't hja de earste stieniters waarden. De Sylanagistynske betinkers fan it geo-arkaniteitsprojekt krigen stiensplinterkes út 'e kearn fan 'e ierde yn harren harsenstam ymplantearre, sadat se de earste Beskermers waarden. De orogenen stammen neitiid ôf fan Kelenli, in frou dy't it prototype foarme foar it ûntwerpen fan Hoa-en-dy.
De stieniter Stiel (oarspronklik Hoa syn wjergader Remwha) wol nei fjirtichtûzen jier syn bestean beëinigje, mar kin dat inkeld berikke troch de wrâld sels te ferneatigjen. Hy is dejinge dy't it idee om 'e moanne op 'e ierde botse te litten yn Nassun har holle plante hat. Op syn oanwizings bejouwe Nassun en Schaffa har nei de ruïne fan in âlde (Sylanagistynske) stêd, dêr't noch in transportfoarm troch de ierdkearn nei Kearnpunt operatyf is. As se troch de ierkearn reizgje, kriget lykwols Heit Ierde troch it stiensplinterke yn syn harsenstam fet op Schaffa, dy't yn koma rekket. De Ierde wit nammentlik wat Nassun fan doel is, en om har te manipulearjen, brûkt er Schaffa, de iennichste persoan fan wa't Nassun hâldt. In wichtich bykommend motyf fan harres om 'e moanne op 'e ierde botse te litten, wie om't se Schaffa fan 'e konstante pine ôf helpe woe dêr't er troch it stiensplinterke yn syn holle oan litte.
Ienris yn Kearnpunt nimt Heit Ierde troch dat stiensplinterke besit fan it lichem fan 'e bewusteleaze Schaffa. Hy nimt him mei nei Warrant, it mysterieuze plak dêr't de Beskermers wei komme, dat ûnder Kearnpunt yn 'e Ierde úthoud blykt te wêzen. Dêr brûkt er de oanwêzige apparatuer om it stiensplinterke út Schaffa wei te heljen. Om't it stiensplinterke alles wie dat Schaffa al dy tûzenen jierren yn libben hold, wurdt de Beskermer dêrmei doemd ta in ferstjerren oer inkele wiken of moannen troch in proses fan ferâldering dat no ferflugge wurdt. Nassun beseft dat se him no inkeld rêde kin troch him ta in stieniter te meitsjen, mar as se de poarte fan 'e obelisken dêrfoar brûkt, kin se de moanne net op 'e ierde botse litte. Ek hat se net de ferfining om inkeld Schaffa te ferstienjen; as se dit docht, sil se alle minsken op 'e wrâld yn ien kear ta stieniters meitsje.
Underwilens is Essun út Rennanis ôfset nei Kearnpunt om Nassun tsjin te hâlden en de moanne wer yn syn oarspronklike baan werom te setten. Mei har geane Lerna, mei wa't se in relaasje krigen hat, Tonkee en har minneresse Hjarka, en Danel, de generaal fan it leger fan Rennanis dy't as kriichsfinzene troch de Castrimanen meifierd is, mar dy't fan ropping in bard blykt te wêzen. Hja wurde troch Hoa troch it binnenste fan 'e Ierde meifierd nei Kearnpunt, mar ûnderweis komt Lerna om it libben by in oanfal fan stieniters dy't it mei Stiel hâlde. Oankommen yn Kearnpunt besykje Essun en Nassun inoar de behearsking fan 'e poarte fan 'e obelisken te ûntwrakseljen. Essun makket dêrby gebrûk fan 'e magy dy't de Beskermers fia harren stiensplinterkes út 'e Ierde opsûge; om't alle Beskermers yn Warrant gearkommen binne foar de doer fan it fyfde seizoen, rûget Essun harren dêrmei allegear yn ien kear út. Fierders brûkt se ek alle enerzjy dy't de grutte kleau te bieden hat dy't Albaster makke hat. Sels ferstiennet Essun ûnderwilens hieltyd fierder, en as se fernimt dat ek Nassun begjint te ferstienjen, jout se de behearsking oer de poarte op om har dochter te rêden. Dat is har lêste die ear't se hielendal yn stien feroaret. Oandien troch de dea fan har mem beslút Nassun op it lêste stuit om net de minskheid yn stieniters te feroarjen, mar te dwaan wat har mem woe en de moanne werom te setten yn syn oarspronklike baan.
Yn 'e neisleep fan dat barren witte Hoa en de oare stieniters in kompromis te berikken mei Heit Ierde, wêrmei't in ein komt oan 'e striid tusken dy beide partijen. Essun hat mei it opbrûken fan 'e fulkanyske enerzy út 'e kleau oer de evener yn prinsipe it fyfde seizoen beëinige, hoewol't it noch jierren duorje sil ear't alle jiske dy't al yn 'e atmosfear sit, opklearre is. Tenei sille fyfde seizoenen net mear foarkomme. Hoa nimt it ferstienne lichem fan Essun mei en beävensearret har werberte as in stieniter. Tegearre sette se ôf om fan 'e wrâld in better plak te meitsjen.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei it each op it feit dat de foargeande dielen fan The Broken Earth (The Fifth Season en The Obelisk Gate) beide de Hugo Award yn 'e kategory bêste roman wûn hiene, waard der mei heechspande ferwachting útsjoen nei it slútstik fan 'e trilogy. De ûntfangst fan The Stone Sky wie tige glânsryk, en ferskate resinsinten holden yn 't foar al út dat Jemisin mei dit boek in goede kâns hie om fannijs de Hugo Award foar bêste roman te winnen.[1][2] Dat barde yndie, wêrmei't Jemisin dy priis foar it trêde jier efterinoar yn 'e wacht wist te slepen.[3] The Stone Sky wûn dêropta yn 2018 ek de Nebula Award foar bêste roman,[4] en de Locus Award foar bêste fantasyroman.[5]
In resinsje yn it Amerikaanske tydskrift Publishers Weekly sei dat The Stone Sky "libbene personaazjes, in strak útwurke plot en in treflike wrâldopbou" hie. Dy eleminten kamen gear yn "in ymposant [...] ferhaal fan ferwûne, roujende oerlibbenen fjochtsjend om harsels te genêzen en de restanten fan harren útinoarspatte wrâld te rêden."[6] Neffens in resinsje yn Kirkus Reviews gie Jemisin yn The Stone Sky troch mei "it brekken fan 'e herten" fan har lêzers, mei "har gefoelige, heldere beskriuwings fan [...] de bûtengewoan ferneatigjende krêft fan foaroardielen."[7] De Romantic Times wurdearre it boek mei fiif stjerren, heger as de beide foargeande dielen.[8]
Amal El-Mohtar, skriuwend foar NPR, priizge de draai dy't Jemisin yn The Stone Sky joech oan 'e tradisjonele fantasy en science fiction, dy't ornaris úthâldt dat in wrâld it wurdich is om rêden te wurden. Neffens El-Mohtar wiist The Stone Sky dat "sûnder mear" ôf. It boek, sa skriuwt hja, "befreget hokker rjocht fan bestean oft in wrâld hat dy't boud is op ûnderdrukking en genoside."[9] Op Tor.com skreau Niall Alexander (dy't frijwat krityk hân hie op it foargeande diel The Obelisk Gate) dat The Stone Sky sjoen wurde koe as in "alomfetsjende befêstiging dat N.K. Jemisin ien fan ús alderbêste fantasy-auteurs is". Teffens omskreau er The Broken Earth as ien fan 'e grutste trilogyen fan ús tiid."[1]