Springe nei ynhâld

The Saturday Evening Post

Ut Wikipedy
The Saturday Evening Post
Omslach fan 'e edysje fan 28 desimber 1907 troch J.C. Leyendecker.
Omslach fan 'e edysje fan 28 desimber 1907 troch J.C. Leyendecker.
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
taalIngelsk
sjenreopinyblêd
frekwinsje1x yn 'e 2 moanne
bestean18211969, 1971 – no
plak haadred.Indianapolis (Indiana)
útjouwerSaturday Evening Post Society
oplaach237.907 (des. 2018)
ISSN0048-9239
offisjele webside
saturdayeveningpost.com

The Saturday Evening Post (Ingelsk foar "De Sneontejûnspost") is in Amerikaansk, Ingelsktalich tydskrift dat ienris yn 'e twa moanne (seis kear yn it jier) ferskynt. It is in opinyblêd wêryn't fiksje, non-fiksje, cartoons en artikels ôfprinte wurde. The Saturday Evening Post waard oarspronklik yn 1821 oprjochte en wie yn 'e earste helte en de midden fan 'e tweintichste iuw ien fan 'e meast lêzen en ynfloedrykste blêden yn 'e Feriene Steaten. De redaksje fan it tydskrift is no fêstige yn Indianapolis. The Saturday Evening Post hie yn 2018 in oplaach fan krapoan 238.000 eksimplaren.

The Saturday Evening Post waard foar it earst publisearre yn 1821 yn Philadelphia. It blêd hiet in fuortsetting te wêzen fan 'e Pensylvania Gazette, dy't yn 'e achttjinde iuw by deselde drukkerij oan Market Street printe waard mar yn 1800 opdoekt wie. The Saturday Evening Post bleau in regionaal tydskrift oant it yn 1897 opkocht waard troch Cyrus H.K. Curtis, de eigner fan 'e Curtis Publishing Company en útjouwer fan The Ladies' Home Journal. Fan dat stuit ôf ferskynde The Saturday Evening Post foar it earst ienris yn 'e wike, op sneontemiddei.

Under de feardige lieding fan George Horace Lorimer, dy't fan 1899 oant 1937 haadredakteur wie, ûntjoech The Saturday Evening Post him ta ien fan 'e meast foaroansteande nasjonale tydskriften fan 'e Feriene Steaten. Fan 'e 1920-er jierren oant de 1960-er jierren wie The Saturday Evening Post ien fan 'e meast lêzen en ynfloedrykste blêden mank de Amerikaanske middenklasse, mei in oplaach fan mear as 2 miljoen eksimplaren.

Yn 'e 1960-er jierren begûn it tal abonnees sterk ôf te nimmen. Fan 1963 ôf ferskynde The Saturday Evening Post noch mar ien kear yn 'e twa wiken. Finansejele swierrichheden waarden it blêd úteinlings fataal, en yn 1969 waard it opdoekt. Yn 1970 waard de needlijende Curtis Publishing Company út 'e neilittenskip fan Cyrus H.K. Curtis opkocht troch de rike yndustrieel Beurt SerVaas út Indianapolis. Dy krige dêrtroch ek de rjochten yn 'e hannen op 'e namme fan The Saturday Evening Post. Yn 1971 folge nei in hiaat fan twa jier de weroprjochting fan it tydskrift troch SerVaas, dy't der in soarte fan nostalgyblêd fan makke dat ienris yn it fearnsjier ferskynde.

Begjin 1982 waard The Saturday Evening Post oerhevele nei de Benjamin Franklin Literary and Medical Society, dy't yn 1976 oprjochte wie troch Corena "Cory" SerVaas, de frou fan Beurt SerVaas en de doetiidske haadredaktrise fan it blêd. De focus fan The Saturday Evening Post kaam dêrnei te lizzen op sûnens en genêskunde. Tsjin 1991 wie de Curtis Publishing Company omneamd ta Curtis International, in dochterûndernimming fan SerVaas Inc., dy't him talei op 'e ymport fan audiofisuele apparatuer. The Saturday Evening Post gie oer yn 'e hannen fan 'e Saturday Evening Post Society, in non-profitorganisaasje dy't oprjochte wie en bestjoerd waard troch Beurt SerVaas. Sûnt ferskynt it blêd ien kear yn 'e twa moanne.

Mei't yn 'e earste helte en de midden fan 'e tweintichste iuw yn eltse edysje fan 'e The Saturday Evening Post koarte ferhalen en fúljetons fan langere fiksje ôfprinte waarden dy't noch nea earder publisearre wiene, hie it tydskrift in wichtige rol yn it ramt fan 'e Amerikaanske en de bredere Ingelsktalige literatuer. Yn The Saturday Evening Post ferskynde wurk fan û.o. Agatha Christie, Roald Dahl, William Faulkner, F. Scott Fitzgerald, C.S. Forester, Robert A. Heinlein, Kurt Vonnegut, Paul Gallico, Stuart N. Lake, Louis L'Amour, Edgar Allan Poe, John Steinbeck en P.G. Wodehouse. The Call of the Wild, de bekendste roman fan Jack London, waard oarspronklik yn 1903 as fúljeton ôfprinte yn The Saturday Evening Post. Ek waard yn it tydskrift poëzij publisearre fan û.o. Hannah Kahn, Ogden Nash, Dorothy Parker en Carl Sandburg.

The Saturday Evening Post stie lange tiid bekend om syn yllustraasjes. Ferskate bekende keunstners begûnen by it blêd. Sa waard in ûnbekende Norman Rockwell yn 1916 ûntdutsen troch haadredakteur George Horace Lorimer. Yn syn mear as fyftichjierrige karriêre by The Saturday Evening Post tekene Rockwell mear as 300 omslaggen foar edysjes fan it blêd. In oare keunstner dy't bekendheid krige fia syn wurk foar The Saturday Evening Post wie John Philip Falter, dy't tusken 1943 en 1968 ferantwurdlik wie foar mear as 120 omslaggen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.