Springe nei ynhâld

The Rosy Crucifixion

Ut Wikipedy
Henry Miller 1940.

The Rosy Crucifixion (Ingelsk: "De Roaze Krusiging") is in trilogy fan Henry Miller, in romanskriuwer út de Feriene Steaten. It is de boeken byelkoar fan Sexus (1949), Plexus (1952) en Nexus (1959). Yn Max and the white Phagocytes (1938) wurdt al oanjûn dat er wurket oan The Rosy Crucifixion.

De titel komt fan de ein fan Tropic of Capricorn, dêr't Miller skriuwt dat: "All my Calvaries were rosy crucifixions, pseudo-tragedies to keep the fires of hell burning brightly for the real sinners who are in danger of being forgotten." ("Al myn Golgota's wiene rôze krusigingen, pseudo-trageedjes om it fjoer fan 'e hel helder te baarnen foar de echte sûnders dy't it gefaar rinne om fergetten te wurden.")

Yn Sexus, publisearre by Obelisk Press yn twa parten yn 1949, geane Miller en syn frou útkoar, mar mei dat hja skiede, of faaks krekt dêrtroch, fielt er him troch har oanlutsen.

Plexus, ferskynd yn 1953 by Olympia Press, ek wer yn twa parten. Hjir binne Miller en syn twadde wyf boaske, en Miller hat syn wurk opjûn en besiket in skriuwer te wurden.

It lêste part is Plexus 1959, lit Miller's oare helte him efter at hja mei Anastasia nei Parys giet. Hja komt lykwols allinich werom, en nimt no Miller mei nei Parys. Dit boek wykt ôf yn dat it mar ien part is, dêr;t de oaren dûbeld wienen. Miller hat wier wurke oan it oar part fan Plexus: It soe it ferhaal west hawwe oer de twa in Frankryk, harren weromkear nei New York en Miller dy't weromkeart nei Franryk en begjint te skriuwen oan Tropic of Cancer. Lykwols is it ferhaal der by syn libben net by útkaam. Yn 2012 waard lykwols de rûge ferzje fan Paris 1928 (Nexus II) útjûn, dyt ít ferhaal fan de twa nei Parys yn 1928 omfiemet.

De parten fan The Rosy Crucifixion waarden yn de Feriene Steaten ferbean, oant de Hege Rie dêr yn 1964 fêststelde dat hja, tegearre mei Tropic of Cancer, frij fan ferballings wêze moasten. Dat is wêrom de boeken alle trije yn 1965 yn de Feriene Steaten útkamen by Grover Press. Yn 1999 waard The Rosy Crucifixion opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.

Eksterne keppelings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]