The Reluctant Dragon (film út 1941)
| The Reluctant Dragon | ||
| makkers | ||
| regisseur | Alfred Werker (live-action) Hamilton Luske (animaasje) | |
| produsint | Walt Disney | |
| senario | ferskaat | |
| kamerarezjy | Bert Glennon | |
| muzyk | Frank Churchill Larry Morey | |
| filmstudio | Walt Disney Productions | |
| distribúsje | RKO Radio Pictures | |
| spilers | ||
| haadrollen | Robert Benchley Frances Gifford Buddy Pepper Nana Bryant | |
| skaaimerken | ||
| lân/lannen | ||
| premiêre | 27 juny 1941 | |
| foarm | tekenfilm en spylfilm | |
| taal | Ingelsk | |
| spyltiid | 74 minuten | |
| budget en resultaten | ||
| budget | $600.000 | |
| opbringst | $960.000 (wrâldwiid) | |
The Reluctant Dragon (Ingelsk: "De twifeljende draak") is in Amerikaanske film út 1941, foar in part tekenfilm en foar in part in spylfilm. Yn essinsje is de produkje fan Walt Disney, útbrocht troch RKO Radio Pictures, it ferhaal fan de doe nije foarsjennings fan Walt Disney Studios yn Burbank, Kalifornje. De film waard regissearre troch Alfred Werker en foar it earst útbrocht yn 'e bioskopen op 20 juny 1941. Spilers wiene ûnder oaren radiokomyk Robert Benchley, as himsels, en in tal Disney-meiwurkers dy't ek harsels spilen, lykas Ward Kimball, Fred Moore, Norman Ferguson, Clarence Nash, en sels Walt Disney.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tekenfilm "The Reluctant Dragon" dêr't gâns de film nei neamd is, is in tekenfilm-segmint dêr't it ferhaal fan de spile parten fan de film omhinne opboud binne. Robert Benchley, sil nei Walt Disney, dy't er de rjochten foar de tekenfilm "The Reluctant Dragon" ferkeapje wol. Lykwols hat er dêr net in soad njocht oan en en leaver strúnt er wat om yn it kompleks fan de studio, dêr't er alderlei parten fan it produksjeproses by sjocht. Op it lêst komt er by Disney, en nei him, en mei de taskôger, sjocht er nei de tekenfilm.
De tekenfilm hannelet oer in jonge dy't op e' syk giet nei it meunster by syn doarp. Hy nimt oan dat it in draak is, mar at er dy fûn hat, docht bliken dat it net wier in meunster is, mar in bist dat oer poezij mei. It liket in probleem te wurden as de drakedeader Sint Gilles oankomt, mar it docht bliken dat it in âld man is, dy't ek graach poezij hat. Allinnich om't de doarpslju derby binne, wurdt der fochten, mar it einiget der mei dat eltsenien it oerlibbbet en de draak taseit dat er nimmen kwea dwaan sil, wat er oars ek net fan doel wie.