Springe nei ynhâld

The Preacher's Wife

Ut Wikipedy
The Preacher's Wife
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseurPenny Marshall
produsintSamuel Goldwyn jr.
senarioNat Mauldin
Allan Scott
basearre op● de film The Bishop's Wife
    fan Henry Koster
● de novelle The Bishop's Wife
    fan Robert Nathan
kamerarezjyMiroslav Ondřiček
muzykHans Zimmer
filmstudioTouchstone Pictures
The Samuel Goldwyn Company
Mundy Lane Entertainment
distribúsjeBuena Vista International
spilers
haadrollenDenzel Washington
Whitney Houston
Courtney B. Vance
voice-overJustin Pierre Edmund
byrollenJenifer Lewis
Justin Pierre Edmund
Gregory Hines
Loretta Devine
Lionel Richie
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre13 desimber 1996
foarmlangspylfilm
sjenrekrystfilm, fantasyfilm
taalIngelsk
spyltiid124 minuten
budget en resultaten
budget$60 miljoen
opbringst$56,4 miljoen

The Preacher's Wife is in Amerikaanske kristlike kryst- en fantasyfilm út 1996 ûnder rezjy fan Penny Marshall, mei yn 'e haadrollen Denzel Washington, Whitney Houston en Courtney B. Vance. De titel betsjut "De Frou fan 'e Predikant". De film wie in remake fan 'e klassiker The Bishop's Wife út 1947, dy't basearre wie op 'e novelle mei deselde namme fan Robert Nathan. It ferhaal giet oer in oerwurke predikant dy't syn houlik ferwaarleazget en troch oanhâldende tsjinrampen syn hoop op in bettere takomst kwytrekke is. As er ynmoedich bidt om help, ferheart God syn gebed en komt der in ingel yn 'e momkape fan in minske út 'e himel del om him by te stean. Mar de predikant leaut net dat de man in ingel is, en ûnderwilens rekket de ingel fereale op 'e frou fan 'e predikant. The Preacher's Wife krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, en waard nominearre foar de Oscar foar bêste filmmuzyk. It soundtrackalbum, mei lieten fan Houston en oaren, waard it bêst ferkeapjende gospelalbum aller tiden. Mar de film sels draaide ferlies yn 'e bioskopen.

Dûmny Henry Biggs is de predikant fan in gemeente fan Afro-Amerikanen yn ien fan 'e earmere wiken fan New York. Der komme hieltyd minder leden, Biggs fljocht himsels foarby om 'e gemeenteleden te betsjinjen dy't der noch wól binne en de finânsjes fan 'e tsjerke binne problematysk. De predikant hat it gefoel dat er nettsjinsteande al syn skreppen en skuorren allinnich mar efterútbuorket, en al giet er troch mei syn wurk, dochs hat er syn piid ferlern en is er mismoedich wurden. Biggs wurdt boppedat ûnder druk set troch de rike projektûntwikkeler Joe Hamilton, mei wa't er yn deselde earme buert opgroeid is, mar dy't in hiel oare rjochting út gien is. Hamilton wol dat Biggs it tsjerkegebou ferkeapet en ynstee predikant wurdt fan in fan alle moderne gemakken foarsjoene tsjerke yn in oanbuorjende, rikere buert, sadat hy op it plak fan 'e âlde tsjerke in flatgebou mei lúkse apparteminten bouwe kin.

Troch alle drokte mei syn wurk docht Biggs it him net oan tiid en tink om syn fjouwerjierrige soan Jeremiah en syn frou Julia, in húsfrou en de foarsjongster fan it tsjerkekoar. Julia fielt har ferwaarleazge en freget har ôf oft har houlik mislearre is. Jeremiah is ek ûngelokkich, mei't syn bêste freon en buorjonge Hakim fuortgiet. De mem fan 'e jonge is útnaaid en hat har soan by syn beppe efterlitten. Mar dy is heech op jierren en kin net foar him soargje. Hakim moat dêrom nei in opfangtehûs fier fuort yn ôfwachting fan in pleechgesin.

Op in dei dat alles Biggs by de hannen om 't ôf brekt en hy himsels ôffreget oft it noch wol sin hat om sa troch te gean om't er dochs gjin ferskil meitsje kin yn it libben fan syn gemeenteleden, bidt er ynmoedich om help. God ferheart syn gebed en stjoert de ingel Dudley nei de Ierde del. Dudley, dy't de momkape fan in swarte man oannimt, is joviaal en hat gefoel foar humor, en is al mei al net wat Biggs fan in ingel ferwachte, as er al yn it bestean fan sokke mytyske wêzens leaude. Wannear't Dudley him fertelt wa't er is en wêrom't er kommen is, leaut Biggs him yn 't earstoan dan ek alhiel net en wurdt er tige erchtinkend oer wa't Dudley wier wêze kin en wat er yn 't sin hat. Underwilens is Julia fuortendaliks bekoare fan 'e knappe en net fan 'e wize te bringen ingel, nammenste mear om't Biggs de iennichste is oan wa't Dudley fertelt dat er in ingel is; Julia mient dat er de nije assistint fan har man is, dy't stjoerd is troch de Ried fan Tsjerken.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

No't it hast kryst is, kriget Biggs it allinne mar drokker. Om't er wegeret help fan Dudley oan te nimmen, begjint dyselde tiid troch te bringen mei de jonge Jeremiah en mei Julia. Beverly, de folle pleage sekretaresse Biggs, moat yn 't earstoan neat fan Dudley hawwe, mei't se mient dat er kommen is om har baan ôf te pakken. Om Biggs syn houlik te rêden, beävensearret dat Dudley dat Biggs en Julia in jûn útgean kinne om te dûnsjen. Biggs docht him dat lykwols net oan tiid, en trunet Dudley oan om yn syn plak mei Julia út te dûnsjen te gean. Dat wie net wat Dudley yn 't sin hie, mar hy giet mei Julia nei in jazzklub ta, wêrfan't de eigner, Bristloe, in âlde freon fan 'e Biggsen is. Dyselde kriget Julia safier dat se op it poadium komt en de mikrofoan oannimt. As Dudley har sjongen heart, is er yn ien klap ferkocht.

In oare kear sil Biggs mei syn frou en soan op in pleatslike iisbaan te reedriden, mar troch syn wurk is er wat te let, dat Dudley giet dêr alfêst mei Julia en Jeremiah hinne. Nei't Jeremiah útriden is en oan 'e kant sit mei in kop sûkelarjemolke, hawwe Dudley en Julia op it iis tegearre de grutste wille. Underwilens hie Biggs noch op 'e tiid komme kinnen om alteast noch in skoftke mei wiif en soan te reedriden, mar frjemd genôch springt elts ferkearsljocht op read as er deroan komt, sadat er fan wat oan 'e lette kant úteinlings fierstente let wurdt. Wannear't Dudley en Julia nei it reedriden wer thúskomme, sjocht Marguerite, de mei in skerpe tonge bejeftige mem fan Julia, dy't by har dochter en skoansoan útfanhuzet foar de feestdagen, oan it gesicht fan Julia daliks dat se fereale op Dudley oan it reitsjen is. Se sprekt har dochter dêr op oan, mar dy ûntstriidt dat der wat oan 'e hân is.

Biggs wurdt jaloersk en kriget wurden mei Dudley. Hoewol't de ingel eins fynt dat Biggs gjin rjocht fan sprekken hat om't er him sels nei Julia ta treaun hat, beseft er op dat stuit ek dat hysels yndie fereale oan it reitsjen is op in troude frou. Dat hy begjint wer mei it wurk dêr't er eins foar út 'e himel delkommen is en helpt Biggs om syn selsfertrouwen werom te winnen sadat it him slagget om Billy Eldridge, in jong gemeentelid dat falsk beskuldige is fan in berôving, frij te krijen út it hûs fan bewar.

Der folget in in nije tsjinslach foar de predikant wannear't Hamilton him fertelt dat de sloop fan 'e tsjerke hoe dan ek trochgiet, mei't hy de hypoteek op it gebou oernommen hat. Wylst Biggs mei tsjinnichheid in preek skriuwt foar de krysttsjinst wêryn't er syn gemeente fan it minne nijs op 'e hichte stelle wol, beslút Dudley dat dit in probleem is dat er ienfâldich oplosse kin. Hy giet nei Hamilton ta en yntimidearret de projektûntwikkeler mei drigeminten oangeande syn sieleheil. Hoewol't Hamilton fan dat petear de oare deis neat mear ôfwit, bliuwt by him in ûnbehaachlik gefoel hingjen oer wêr't er mei syn plannen no eins op oanarbeidet.

No't er syn wurk driget kwyt te reitsjen, kriget Biggs einlings en te'n lêsten foar it ferstân dat syn gesin it wichtichste fan alles yn syn libben is. Mei in bytsje temûke help fan Dudley fermoedsoenje Biggs en Julia harren op krystjûn mei-inoar wylst se tegearre krystpakketten rûnbringe by de minst bedielde gemeenteleden. As se thúskomme is it wer as fan âlds tusken har beiden. Biggs nimt him foar om fan no ôf oan in bettere man en heit te wêzen. By de tsjerketsjinst op earste krystdei begjint Biggs mei de preek oer it ferlies fan it tsjerkegebou, mar nei in pear sinnen betinkt er him en jout dan ynstee sûnder tarieding in ynspirearjende preek oer hoop, leafde en fertrouwen yn God, dêr't er net inkeld syn gemeente moed mei ynsprekt, mar teffens syn eigen leauwe mei fernijt. Hamilton, dy't him om in foar himsels ûnbegryplike reden oantrune fielde om yn syn âlde buert nei de krysttsjinst te gean, komt nei ôfrin by Biggs en seit dat er fan 'e sloop fan 'e tsjerke ôfsjocht. Oer de hypoteek op it gebou kinne se it letter wolris hawwe, mar dat komt wol goed. Biggs en de frou beslute om 'e lytse Hakim oan te nimmen, sadat hy en Jeremiah bruorren wurde.

No't syn wurk dien is, pleatst Dudley yn it hûs fan it gesin Biggs in piik yn 'e foarm fan in ingel op 'e krystbeam. As er de troufoto fan Biggs en Julia sjocht, feroaret er Biggs op 'e foto eefkes yn himsels, mar wannear't der in tongerklap klinkt, bringt er de foto gau wer yn 'e âlde steat werom. Hy giet nei de tsjerke ta, dy't krekt útkomt. Dêr fûstket er mei dûmny Biggs, dy't him net mear weromken, en begroetet er Julia, dy't ek net mear wit wa't hy is. Inkeld de lytse Jeremiah, dy't it leauwe fan in bern hat, ken Dudley noch en wit dat er in ingel is, mar de grutte minsken miene dat syn ferhalen fuortkomme út in libbene fantasij. Dudley winsket Biggs en syn gesin noflike krystdagen ta en giet syn wegen.

Denzel Washington.
Whitney Houston.
Coutney B. Vance.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise          
Dudley Denzel Washington
Julia Coleman Biggs Whitney Houston
dû. Henry Biggs Courtney B. Vance


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Marguerite Coleman Jenifer Lewis
Jeremiah Biggs / ferteller Justin Pierre Edmund
Joe Hamilton Gregory Hines
Beverly Loretta Devine
Bristloe Lionel Richie
Saul Jefferies Paul Bates
Osbert Lex Monson
Hakim Darvel Davis jr.
abbekate Arlene Chattan Shari Headley
rjochter Lizan Mitchell
Billy Eldridge William James Stiggers jr.
Anna Eldridge Marcella Lowery
frou Havergale Cissy Houston
oerfaller Michael Alexander Jackson
eigner sliterij Jaime Tirelli
lulke pizzaferkeaper Jernard B. Burks
tsjerkekoar Georgia Mass Choir

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Preacher's Wife waard regissearre troch Penny Marshall nei in senario fan Nat Mauldin en Allan Scott op basis fan 'e film The Bishop's Wife fan Henry Koster út 1947 en de novelle mei deselde namme fan Robert Nathan út 1928. As produsint wie Samuel Goldwyn jr. by it projekt belutsen foar de filmstudio's Touchstone Pictures (in dochterûndernimming fan Disney), syn eigen Samuel Goldwyn Studio en haadrolspiler Denzel Washington syn Mundy Lane Entertainment.

Foar The Preacher's Wife wie in budget beskikber fan $60 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Miroslav Ondřiček, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Hans Zimmer. Sjongster Whitney Houston, op wa't ynpraat wurde moast om har derfan te oertsjûgjen dat se genôch akteartalint hie en spylje op oertsjûgjende wize in húsfrou, fertsjinne mei har rol yn 'e film $10 miljoen, wêrmei't se yn 1996 de heechst betelle Afro-Amerikaanske aktrise aller tiden wie.

De opnamen foar The Preacher's Wife setten yn jannewaris 1996 útein. De measte binnendoarsênes waarden filme yn 'e Silver Screen Studios op 'e Chelsea Piers, in film- en tillefyzjestudiokompleks yn Manhattan. De sênes yn it tsjerkegebou waarden opnommen yn 'e Trinity Church yn Newark (Nij-Jersey), in tsjerke fan 'e Feriene Metodistyske Tsjerke (UMC). Dat it yn 'e film in baptistyske tsjerke is, makke frijwat ferbouwings en oare oanpassings needsaaklik. Neitiid moasten dy feroarings (troch de filmcrew) grutdiels wer ûngedien makke wurde. De Trinity Church brûkte de mei de opnamen fertsjinne hier neitiid om in nije boiler en in nij ferwaarmings-, fentilaasje- en airconditiongsysteem oan te skaffen.

Regisseur Penny Marshall.

De produksje waard pleage troch waar dat net meiwurkje woe en troch ûngemakken. Yn Paterson (Nij-Jersey) en yn New York, dêr't op lokaasje bûtendoar filme wurde moast, leine sniestoarmen de opnamen stil. Letter, doe't de sêne mei de iisbaan filme waard yn Portland (Maine), wie it waar krekt ûngewoan waarm, mei as gefolch dat de snie fuortteide en it iis weak waard. De produksje moast spesjaal keunstsniemasines oanfiere litte om 'e winterske sfear te behâlden. Foar de autentisiteit fan 'e earme buert dêr't Biggs dûmny is, waard ek filme yn buerten fan New York dy't wier-wier strjitearm wiene en teheistere waarden troch kriminaliteit, sadat de cast en crew har dêr oanhâldend ûnfeilich fielden.

Doe't de sênes bûten de pastorij filme waarden by in echte weme yn Yonkers (New York), briek in pear strjitten fierderop in brân út dêr't twa bern by omkamen. In crewlid hastige him mei in ljedder fan 'e produksje nei it plak fan 'e brân ta en wist dêrmei it libben fan in fjouwerjierrich bern te rêden. Wylst de opnamen yn folle gong wiene, waard in oar crewlid oanriden troch in auto en kaam te ferstjerren. De opnamen duorren ek langer om't Whitney Houston de sênes wêryn't se sjonge moast inkeld middeis of jûns dwaan woe, wannear't har stimbannen opwaarme wiene. Al mei al soene de opnamen oant ein febrewaris ta duorje, mar begjin maaie wiene se noch dwaande. De lêste sênes dy't filme waarden, wiene dy yn it Main Street Café yn Tarrytown (New York), dêr't in hiele strjitte by 't maityd ûnder de keunstsnie sproeid en mei krystornaminten fersierd wurde moast.

De distribúsje fan The Preacher's Wife waard fersoarge troch Buena Vista International, in dochterûndernimming fan The Walt Disney Company. De film gie op 13 desimber 1996 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

It byhearrende soundtrackalbum The Preacher's Wife ferskynde op 26 novimber 1996 by platemaatskippijen Arista Records en BMG Entertainment. It befette lieten fan Whitney Houston, it Georgia Mass Choir, Monica, Faith Evans, Bobby Brown (de man fan Whitney Houston), Ralph Tresvant, Johnny Gil, Cissy Houston (de mem fan Whitney Houston), Shirley Caesar e.o. It album waard it bêst ferkeapjende gospelalbum aller tiden en stie in rekôrperioade fan 26 wiken op nûmer 1 yn 'e Billboard Gospel Albums Chart.

Fan 'e filmkritisy krige The Preacher's Wife oer it algemien positive resinsjes. Sa omskreau Stephen Holden fan The New York Times de film as "leaf en optein stimmend". Ek fûn er it in "fernimstich betochte update" fan The Bishop's Wife út 1947. Yn 'e Los Angeles Times fûn Kevin Thomas The Preacher's Wife "waarm, sentiminteel, fermaaklik en dochs serieus". Hy neamde it in "ynspirearre remake" en priizge fral Jenifer Lewis (Maguerite Coleman) en Loretta Devine (sekretaresse Beverly) foar harren byrollen.

De Chelsea Piers yn New York, dêr't it filmstudiokompleks Silver Screen Studios húsfêste is, wie wêr't de binnendoarsênes foar The Preacher's Wife filme waarden.

Roger Ebert, dy't skreau foar de Chicago Sun-Times, joech de film 3 fan 4 stjerren. Hy neamde The Preacher's Wife "in leave en goedhertige komeedzje oer de krystdagen", mar fûn ek dat de film "mear dwaan kinnen hie". Dochs konkludearre er dat it publyk mei in goed gefoel de bioskoop ferlitte soe. Yn The Hollywood Reporter skreau Duane Byrge dat er film dan wol hertferwaarmjend fûn, mar hy hie ek krityk. Sa fûn er it tempo ûngelikens, siet it senario fol gatten en woed er hawwe dat de film de personaazjes fan Denzel Washington en Whitney Houston sa geweldich makket, dat it dreech is en sjoch yn wêrom't it minne houlik fan Houston mei in man dy't gjin oandacht oan har besteget, rêden wurde moat.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Preacher's Wife in goedkarringspersintaazje fan 62%, basearre op 47 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Solide aktearprestaasjes en in net wifkjende rezjy helpe [dizze film] om op betroubere wize hertferwaarmjende – sij it frij foarsisbere – krystfreugde te leverjen." Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, hie anno 2025 gjin beoardieling fan The Preacher's Wife.

The Preacher's Wife brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $48,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $8,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $56,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $60 miljoen betsjut dat in ferlies fan $3,6 miljoen, dêr't de marketingkosten fan $15 miljoen noch oerhinne komme. Hoewol't de opbringst fan The Preacher's Wife net folle ferskilde fan bekendere films út itselde jier dy't no as klassikers sjoen wurde (Evita, Romeo + Juliet en One Fine Day), foel it de produsinten dochs ôf om't der mear ferwachte wie fan 'e oanlûkingskrêft fan Whitney Houston.

The Preacher's Wife waard yn 1997 nominearre foar de Oscar foar bêste filmmuzyk. De film waard ek nominearre foar fiif NAACP Image Awards (wêrûnder de priis foar bêste film), en wûn dêrfan twa: foar bêste aktrise (Whitney Houston) en foar bêste byrol fan in aktrise (Loretta Devine).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.