The O'Reilly Factor

Ut Wikipedy
The O'Reilly Factor
tillefyzjesearje
makkers
betocht troch Bill O'Reilly
ûntwikkele troch Bill O'Reilly
produsint Fox News
tillefyzjestudio Fox News-studio's
skaaimerken
sjenre praatprogramma
seizoenen 21
jierren 1996-2017
spyltiid (ôfl.) 60 minuten
lân/lannen Feriene Steaten
taal Ingelsk

The O'Reilly Factor, dat ynearsten The O'Reilly Report en op de ein gewoan The Factor hiet, wie in Amerikaansk praatprogramma op de keabeltillefyzjestjoerder Fox News dat op 7 oktober 1996 úteinsette. It programma waard troch konservatyf polityk kommentator Bill O'Reilly presintearre, dy't de aktualiteiten en kontroversjele politike ûnderwerpen bespruts mei gasten. De lêste ôflevering wie op 21 april 2017 nei't O'Reilly dien krigen hie fan it netwurk nei't er beskuldige waard fan seksuele yntimidaasje.

Formaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The O'Reilly Factor sette útein daliks nei Fox News lansearre op 7 oktober 1996. It hiet doe noch The O'Reilly Report en waard yn 1998 omneamd ta The O'Reilly Factor. It programma waard almeast foarôf opnommen, ma sa no en dan waard it streekrjocht útstjoerd wannear't der bysûndere foarfallen geande wiene, sa as bygelyks der breaking news wie, of wichtige politike foarfallen dy't barden yn de haadstjoertiid. It programma waard ornaris opnommen tusken fiif oere middeis en sân oere jûns Eastern Standerd Time, en waard om acht oere jûns útstjoerd en werhelle om alve oere jûns, en hie in stjoertiid fan 60 minuten, wêrfan't der 17 minuten oan reklame. It programma waard opnommen kreksa as it programma streekrjocht útstjoerd waard, mei ûnderbrekkings foar reklame. Guon gasten waarden wolris earder ynterviewd en dat waard der dan ynplakt. Bill O'Reilly begûn syn programma fan 28 febrewaris 2005 oant 11 april 2017 ornaris mei de slachsin: "Warskôging, do stietst no op it punt de net-ferdraaiïngskrite (No Spin Zone) yn te kommen. The Factor begjint no!", dy't folge waard troch it yntroduksjeliet en dêrnei sei er: "Goeie ik bin Bill O'Reilly, tanke foar it sjen fannejûn". Dêrnei yntrodusearre er syn earste ûnderwerp, wêernei't er sei: "en dat is it ûnderwerp fan de Talking Points Memo fannejûn", dat gauris folge waard mei in ynterview oer dat ûnderwerp. Regelmjittige gasten wiene ûnder oaren: Eric Bolling, Monica Crowley, Greg Gutfield, E. D. Hill, Laura Ingraham, John Kasich, Michelle Malkin, Geraldo Rivera, Tony Snow en Juan Williams.

Bill O'Reilly ynterviewt eardere presidint George W. Bush yn novimber 2010

It programma hold út, lykas Fox News, "earlik en lykwichtich" te wêzen, mar kritisy, sa as bygelyks oare stjoerders en programmamakkers twivelen dêr oan, en beskuldigen The O'Reilly Factor konservative tinkbylden út te stjoeren.

Publyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn ier 2009 krige it programma mear sjoggers en yn july fan dat jier hie The O'Reilly Factor sa'n 3,1 miljoen sjoggers, 37% mear as in jier earder. Yn septimber 2009 wie it programma it meast besjoene programma op keabeltillefyzje foar 106 opienfolgjende wiken. Yn maaie 2014 wie it noch hieltyd it meast besjoene programma, mar de trochsneed sjoggers wie del nei 2,1 miljoen sjoggers, mei in trochsneed âldens fan 72 jier. Yn maart 2015 wie The O'Reilly Factor noch hieltyd programma nûmer ien en hie in groei fan 19% fan sjoggers fan 25 oant 54 jier.

It tal sjoggers wie ynearsten nei de beskuldigings tsjin O'Reilly yn april 2017 fan seksuele yntimidaasje noch heech. Yn de wike fan syn frije wike foar syn ûntslach, foel it tal sjoggers mei 26%.

De ein[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't The New York Times ferslach makke fan fiif skikkings dy't O'Reilly en Fox News dien hiene oan froulju dy't O'Reilly fan seksuele yntimidaasje beskuldige, ferlear The O'Reilly Factor mear as de helte fan syn advertearders (60) yn in wike tiid, mar nettsinsteande dat ferhege it tal sjoggers. Op 11 april 2017 make O'Reilly buorkundich dat er twa wike fakânsje nimme soe en op 24 april 2017 wer weromkomme soe.

Op 19 april 2017 krige O'Reilly dien. Op it webstee fan Fox News waarden alle fuortendaliks ferwizings nei O'Reilly fuorthelle. It programma waard noch foar trije dagen fuortset sûnder O'Reilly, mar de namme fan it programma waard ferkoarte ta The Factor. Dana Perino presintearre it programma op 19 en 20 april en Greg Gutfield die de lêste presintaasje op 21 april 2017. Dêrnei waard Tucker Carlson Tonight, presintearre troch Tucker Carlson, op dy tiid ferpleatst.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch nei References op dizze side.