The Murder of Roger Ackroyd

The Murder of Roger Ackroyd (Ingelsk, "De moard op Roger Ackroyd") is in roman út 1926 fan de Ingelske skriuwster Agatha Christie, útjûn by William Collins, Sons. It ferhaal wie lykwols yn 1925 al as fúljeton ferskynd yn de London Evening News. It feit dat de skriuwster de lêzer troch gâns it boek wat mislaat hat, en de moardner op 'e ein net ynrekkene wurdt, joeg in mingde wurdearring fan de lêzers foar it ferhaal. Guon fûnen dit it bêste ferhaal wat Christie ea skreun hat, wylst oaren fûnen dat hja bedragen wienen.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dr James Sheppard, de ferteller fan it ferhaal, wennet gear mei syn net-troude suster, Caroline. Hy docht ferslach fan de rike widdo, frou Ferrars, dy harsels tekoart dien hat nei de dea fan har man. Roger Ackroyd, rike widner en eigener fan Fernly Park, moat needich mei Sheppard prate, skriuwt er. Nei it iten, yn syn stúdzje, fertelt Ackroyd oan Dr Sheppard dat er ferskate moannen ferloofd wie mei frou Ferrars, en dat hja de dei derfoar tajûn hie dat hja har man fergiftige hie. Hja waard sjantearre, en hja hie in bryf nei Ackroyd stjoerd en lis it út.
Letter, thús, moat de dokter syn suster fertelle dat er no in telefoantsje krigen had dat ek Ackroyd dea is. As er werom is op Fernly Park, brekke hja de doar fan 'e stúdzje iepen, en fine Ackroyd dea yn syn stoel. De brief fan frou Ferrars is poater. De koartlyn pensjonearre detektive Hercule Poirot wurdt om help frege, en dy wol helpe, als Sheppard dan fersjach foar him hâld.
Nei't er alle spoaren ûndersocht had, jout Poirot tsjin Sheppard oer oan wat neffens him de ferklearings fan de barrens is. De oare moarns sil er de plysje warskôgje, mar hy lit de moardner dy nacht de romte om sels in oplossing te finen.
Wurdearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- The Murder of Roger Ackroyd waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.