The Milagro Beanfield War (roman)
| The Milagro Beanfield War | ||
| algemiene gegevens | ||
| auteur | John Nichols | |
| taal | Ingelsk | |
| foarm | roman | |
| 1e publikaasje | 1974, New York | |
| oarspr. útjwr. | Random House | |
| rige | ||
| rige | New Mexico Trilogy | |
| ● folgjend diel | The Magic Journey | |
| kodearring | ||
| ISBN | 0 09 95 51 705 (edysje fan Arena, 1987) | |
The Milagro Beanfield War is de bekendste roman fan 'e Amerikaanske skriuwer John Nichols. De titel betsjut: "De Beanefjildoarloch fan Milagro". It boek fertelt it ferhaal fan it fiktive doarp Milagro, yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Nij-Meksiko, dêr't de Ingelsktalige blanken op snoade wize de rjochten op it gebrûk fan it pleatslike oerflaktewetter foar yrrigaasje ûntfytmanne hawwe oan 'e oarspronklike, Spaansktalige Latino-befolking. De ympulsive hantsjemuoisfeint Joe Mondragón bringt de boel yn trewyn as er op in dei, sûnder echt nei te tinken oer wêr't er oan begjint, yllegaal syn heite âlde beanefjild yrrigearret. Al rillegau foarmje har twa partijen yn it doarp en dêrbûten: deselden dy't Joe stypje en dejingen dy't him tsjin eltse priis tsjinkeare wolle.
The Milagro Beanfield War waard foar it earst publisearre yn 1974 troch útjouwerij Random House. It wie it earste diel fan Nichols syn New Mexico Trilogy, dy't fierder gie mei The Magic Journey (1978) en The Nirvana Blues ('1981). Mar it boek is ek op himsels prima te lêzen. Oer it algemien waard The Milagro Beanfield War goed ûntfongen troch de literatuerkritisy, en it groeide út ta Nichols syn meast ferneamde boek, nammenste mear nei't it yn 1988 ûnder deselde titel ferfilme wie troch Hollywoodstjer Robert Redford. Yn it boek snijt Nichols ferskate wichtige tema's oan, lykas rykdom en earmoede, etnisiteit en taal, de striid fan 'e gewoane man tsjin 'e fêstige oarder, en korrupsje mank ynstânsjes fan 'e oerheid.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Skriuwer John Nichols waard berne yn 1940. Syn Frânske mem, dy't ferstoar doe't hy sels noch mar twa jier âld wie, hie it meastepart fan har bernetiid trochbrocht yn Spanje. Nei't er yn 1962 ôfstudearre wie, sette Nichols nei dat lân ta, dêr't er inkele jierren by syn beppe ynloek. Mids 1960-er jierren wenne er ferskate jierren yn it Middenamerikaanske lân Gûatemala. Sawol Spanje as Gûatemala wiene doedestiden faksistyske diktatueren, en syn ferbliuw dêre hie in grutte ynfloed op 'e ûntjouwing fan Nichols syn politike oriïntaasje, dy't progressyf en sosjalistysk wie. Yn 1969 sette er him nei wenjen yn Taos, yn it noarden fan Nij-Meksiko, dêr't er oan syn ferstjerren yn 2023 ta bliuwe soe. Mei't er Spaansk spriek, boargere er dêr ridlik maklik yn. Hy loek him de striid fan 'e oarspronklike Latino-befolking tsjin 'e dominante Ingelsktalige Amerikaanske hegerein oan en wie jierrenlang aktyf as aktivist foar in ferskaat oan kwestjes.

Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Setting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It heal ûntfolke doarp Milagro, yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Nij-Meksiko, wurdt foar it meastepart bewenne troch Spaansktalige Latino's út famyljes dy't dêr al wennen doe't it gebiet foarôfgeande oan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch (1846–1848) noch by Meksiko hearde. Nei't de krite troch it Ferdrach fan Guadalupe Hidago (1848) by de Feriene Steaten kaam te hearren, waard de krite lange tiid negearre en ferwaarleazge troch de nije oerheid. Mar sûnt it begjin fan 'e tweintichste iuw kamen yn Nij-Meksiko almar mear lju fan bûten te wenjen, dy't har neat oan 'e oarspronklike befolking gelegen lizze lieten. Dyselden wiene foar it meastepart grutte ranchers, dy't de lânseigen lytse gernierkes ferkrongen. Sa ûntstie der in maatskippij mei in boppelaach fan rike, Ingelsktalige, blanke Amerikanen en in ûnderlaach fan earme, Spaansktalige Latino's.
Yn it woastinige Nij-Meksiko is wetter fan libbensbelang foar alle soarten lânbou, mar yn 't bysûnder foar it ferbouwen fan gewaaksen. Yn Milagro, dat oan it rivierke de Indian Creek leit, wie iuwenlang rom foldwaande wetter foarhâns foar alle bewenners, mar yn 1935 waard by in rige komplekse juridyske en politike maneuvers yn 'e steatshaadstêd it meastepart fan dat wetter reservearre foar de grutte ranchers en lânbouwers yn it súdeastlike diel fan 'e steat. De gerniers fan Milagro koene fan dy tiid ôf út har huzen wei it wetter foarby streamen sjen, mar mochten der net mear oan komme. Dêrtroch waarden alle ikkers oan 'e westkant fan it doarp ûnbrûkber, en meitiid rekke dat diel fan it doarp ûntfolke, mei't de bewenners ferhuzen nei de eastkant of hielendal út 'e krite wei teagen.
Underwilens is de macht yn Milagro yn 'e hannen kommen fan 'e blanke Amerikaan Ladd Devine III, de eigner fan 'e Devine Company, dy't ein njoggentjinde iuw oprjochte is troch syn pake, de oarspronklike Ladd Devine. De Devine Company sette útein as in grutte ranch, mar begjin 1970-er jierren wurdt der benammen jild fertsjinne yn 'e toeristyske sektor, û.m. mei in fakânsjeranch dêr't toeristen "cowboy" spylje kinne. It bedriuw is ek de eigner fan 'e pleatslike winkel en fan in kafee.
Troch gearwurking mei befreone (lês: korrupte) politisy yn 'e steatshaadstêd stiet Devine, dy't dochs al miljonêr is, op it punt om noch folle riker te wurden troch de oanlis fan 'e Indian Creek Dam. Dat is in keardaam yn it pleatslike rivierke, dy't it westlike diel fan Milagro op 'e nij fan wetter foarsjen moat. Devine hat hast alle lân dêre nei 1935 foar in prikje opkeapje kinnen fan 'e measte Latino-eigners, mar as der wer wetter komt, sil de priis fan it lân as in raket omheech sjitte. In diel fan it lân kin er dan moai mei foarse winst ferkeapje, en de rest wol er brûke om in grutte golfbaan oan te lizzen dêr't er folle mear toeristen mei lûke kin. Foar de finansiering fan 'e keardaam is in wetterbeheardistrikt (conservancy district) oprjochte dat hiel Milagro omfettet. Dat betsjut dat de earme doarpsbewenners foar de bou fan 'e daam betelje moatte, en om't de wearde fan it lân neitiid sa omheech giet, sil dan ek de belesting op ûnreplik goed navenant omheech gean. Dat sil it wenjen foar harren yn Milagro ûnbetelber meitsje, sadat se twongen wêze sille om te ferhúzjen nei oare plakken en har grûn te ferkeapjen oan Devine, mei't hy de iennichste is dy't jild genôch hat om it op te keapjen. Net ien hat dat útlein oan 'e doarpsbewenners, krektoarsom: yn 'e steatshaadstêd is war dien om 'e gefolgen fan 'e bou fan 'e daam foar harren sa dizenich mooglik te hâlden.
Ferhaal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dat is de stân fan saken wannear't der wat bart dat net ien foarsjen kinnen hie. Joe (eins José) Mondragón is in 36-jierrige ynwenner fan Milagro, dy't mei syn frou Nancy en harren trije bern yn in lyts, eigenboud adobehûs wennet mei dêromhinne in hiem dat beskûl giet ûnder rommel fan alderhanne soarte. Joe is in oer it algemien wurkleaze hantsjemuoisfeint, dy't alles reparearje kin sadat it wer wurket (alteast foar in skoftke) troch gebrûk te meitsjen fan in wiidweidich assortimint ark en reau dat er krigen, liend of stellen hat. Yn 'e regel is er op elts willekeurich stuit dwaande mei in stikmannich lytse projekten, dy't net selden it deiljocht min ferdrage kinne.
Joe hat in probleem mei gesach en in gebrek oan respekt foar de wet, en wrokket tsjin 'e maatskiplike sitewaasje fan oerhearsking fan syn eigen folk troch rike, útlânske, blanke Amerikanen. Gauris bringt er in nacht troch yn 'e sel yn it pleatslike plysjeburo foar iepenbiere dronkenheid, mishanneling (by slaanderij) of dieverij fan skiep fan 'e Devine Company. Oars as de measte oare Latino's út Milagro hat Joe, koppich dat er is, it beanefjild fan syn heit silger oan 'e westkant fan it doarp nea ferkocht oan Devine. Op in dei, as er, nei dronken te hawwe, it âlde, fertutearze hûs fan syn âlden oan 'e westkant besiket, beslút er ympulsyf it beanefjild te yrrigearjen en beane oan te plantsjen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun. As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
It nijs oer wat Joe dien hat, giet as diggelfjoer troch Milagro en it oanbuorjende doarp Doña Luz, ferspriedt him dêrwei nei Chamisaville, it haadplak fan 'e county, en berikt net folle letter de steatshaadstêd. Yn Milagro ûntjouwe har twa partijen dy't streekrjocht foarinoaroer steane. Ien groep bestiet út boargers dy't krekt as Joe wrokje tsjin 'e elite, dy't harren har wetterrjochten ûntstellen hat en in sitewaasje yn stân hâldt dy't makket dat sy nea oan har earmoede ûntkomme kinne sille, mar der krekt allinne mar djipper yn weisakje. Ta dy partij hearre û.o. Ruby Archuleta, in tsjeppe, yntelliginte en fernimstige widdo dy't in garaazje anneks leadjittersbedriuw runt; Tranquilino Jeantete, de eigner fan 'e Frontier Bar; Onofre Martínez, in ienearmige hanneler yn kwartskristallen; en de koppige taaie Amarante Córdova, in âldman fan 93 jier dy't as iennichste noch yn syn fertutearze húske oan 'e westkant fan it doarp wennet en dy't safolle potinsjeel deadlike sykten en foarfallen oerlibbe hat dat er neffens it pleatslik byleauwe ûnstjerlik is.
De oare partij bestiet út lju dy't baat hawwe by it hanthavenjen fan 'e status quo. Dy kloft stiet ûnder lieding fan Ladd Devine III en omfettet fierders syn foarmannen "Horsethief Shorty" Wilson en Jerry G. (Grindstaff), de makelder Bud Gleason, en Bill Koontz en Granny Smith fan 'e Steatsplysje fan Nij-Meksiko. De beide groepen binne lykwols net folslein op etnyske basis gearstald, want Eusebio Lavadie, de iennichste rike Latino-boer fan Milagro, hâldt it mei Devine, krekt as de Latino Nick Rael, dy't foar Devine de pleatslike winkel driuwt, steatsplysje Bruno Martínez, in soan fan Onofre Martínez dy't fan syn heit ferfrjemde is, en Carl Abeyta, in Latino dy't foar de United States Forest Service wurket. Ek de pleatslike sheriff, de twifelriedige Bernabé Montoya, moat dwaan wat Devine him opdraacht, al leit syn hert by it ferset fan syn âlde jeugdfreon Joe Mondragón. Oan 'e oare kant hearre de earme blanke boer Ray Gusdorf en de monteur Marvin LaBlue, in Cajun út Louisiana, dy't allebeide it Spaansk machtich binne (yn tsjinstelling ta Ladd Devine III en de measte oare blanken) ta de oanhingers fan Joe. De abbekaat en kollumnist Charley Bloom, dy't oarspronklik ôfkomstich is út Massachusetts, wurdt tsjin wil en tank troch Joe en Ruby ek yn harren saak behelle.
Hoewol't wat Joe dien hat dúdlik yllegaal is, leit de saak gefoelich. Sheriff Montoya riedt Devine sterk oan om 'e boel op syn berin te litten en neat te dwaan om oalje op it fjoer te goaien. Devine skeakelet syn politike kontakten yn 'e steatshaadstêd yn: it buro fan 'e steatsyngenieur (dat de Indian Creek Dam ûntwurpen hat), de stêf fan 'e gûverneur en de lieding fan 'e Steatsplysje en de Forest Service. Ek út 'e steatshaadstêd wei kriget er lykwols te hearren dat it bêste is om foarearst tuike-oan te dwaan, om't de spannings oer wetterrjochten net inkeld yn Milagro spylje, mar yn it hiele noarden fan 'e steat. It soe der noch helte minder fan wurde as Joe Mondragón ta in martelder makke waard. Dêrom besykje de bûnsgenoaten fan Devine ferskate kearen op ynformele wize om 'e kwestje te ûntsenuwjen troch Joe om te keapjen en, as dat net wurket, him te yntimidearjen. De opljeppende Joe jaget lykwols ferskaten fan dy lju ûnder bedriging mei geweld fan syn hiem, ûnder wa Lavadie en Abeyta.
Kyril Montana, in blanke resjersjeur fan 'e Steatsplysje mei jierren fan ûnderfining en in earsten steat fan tsjinst, mar dy't gjin Spaansk sprekt, wurdt stjoerd om 'e sitewaasje te beoardieljen. Hy mient dat er dat ûngemurken oprêdt, mar yn Milagro, dêr't eltsenien eltsenien ken, wurdt in frjemde auto fuortendaliks sinjalearre en alles dat Montana docht wurdt yn 'e rekken holden. Skandalisearre oer dy "undercoveroperaasje" organisearret Ruby Archuleta yn it pleatslik tsjerkegebou in gearkomste dêr't de heal ûnwillige Charley Bloom op har fersyk (yn it Spaansk) útleit wat in wetterbeheardistrikt is wat foar gefolgen de bou fan 'e keardaam yn 'e Indian Creek foar de ynwenners fan Milagro hawwe sil. Ruby stelt foar om in feriening yn it libben te roppen om aksje te fieren tsjin 'e bou fan 'e daam, en om in hantekeningepetysje te begjinnen, mar der wurdt besletten om foarearst de kat nochris út 'e beam te sjen. De Steatsplysje is der lykwols fan oertsjûge dat op 'e gearkomste revolúsjonêre plannen smeid binne en dat Bloom, dy't bekend stiet as sosjalist, de oanstifter dêrfan is. Underwilens hâldt Joe Mondragón allegeduerigen út dat er allinnich mar beane ferbouwe wol en besiket er Ruby en har politisearring fan 'e kwestje op in ôfstân te hâlden.
Neitiid folget in perioade fan wiken wêryn't de spannings yn Milagro almar oanboazje. Devine ûntfangt driichbrieven, in grut boerd by de kant fan 'e wei lâns dat de bou fan 'e keardaam oankundiget, giet yn flammen op en der ferskine krusen by de kant fan 'e wei lâns mei Devine syn namme derop. In softballwedstryd tusken in team fan it doarp en in team fan 'e Devine Company rint op in hier nei út op algemiene slaanderij. By ûnderskate ynsidinten wurde oanhingers fan beide kanten ûnferhoeds oerfallen troch maskere keardels dy't harren in wan bruien jouwe. En let op in jûn fjurret immen in kûgel ôf op 'e sliepkeamer fan Joe Mondragón. Hoewol't Joe en Nancy mei de skrik frijkomme, jout dat lêste foarfal oanlieding ta in soarte fan wapenwedrin wêrby't de oanhingers fan beide partijen munysje ynslane en, as se dy noch net hiene, fjoerwapens oanskaffe.
Lang om let komt de spanning ta in hichtepunt wannear't Joe in oare doarpeling, Seferino Pacheco, delsjit by in ynsidint dat eins neat mei it bredere konflikt te krijen hat. Pacheco is in iensume, alkoholistyske widner dy't inkeld it selskip hat fan syn mânske baarch. Dy baarch is de skrik fan Milagro, mei't er him troch neat en nimmen tsjinhâlde lit en om it hoartsje losbrekt. Pacheco bringt de helte fan syn troch mei drinken en de oare helte mei sykjen om syn baarch. Op in dei, as de baarch wer los is, bedarret it eigensinnige bist om redens dy't er sels it bêste wit op it beanefjild fan Joe Mondragón. As it him net slagget om it bist fuort te jeien, pakt Joe syn gewear en sjit er de baarch dea ear't dy al syn beane opfrette kin. De dronken Pacheco, dy't koarte tiid letter arrivearret, rekket alhiel oerstjoer oer it ferlies fan syn húsdier, lûkt syn revolver en wol Joe deasjitte. Joe besiket mei de man te redendielen, mar nei't Pacheca ferskate kearen mis sketten hat, sjit Joe werom en rekket Pacheco yn it boarst. De âldman wurdt yn kritike tastân nei it sikehûs brocht, wylst Joe útnaait en de omlizzende bergen yn flechtet.

Under lieding fan resjersjeur Kyril Montana en sheriff Bernabé Montoya set in posse fan in man as tritich efter him oan. Dat is it idee fan Xavier Trucho, de haadkommissaris fan 'e Steatsplysje, mar Montana hat daliks al foar it ferstân dat it in sinleas krewearjen is. De fuortbeweging fan tritich man oer de mei nullewâld begroeide berchskeanten makket sa'n leven dat Joe harren al fan fierrens oankommen hearre kin. En as se him op de iene of oare ûnwierskynlike manear àl oer it mad kamen, soe de iene helte fan 'e posse beare dat se him net seagen, wylst de oare helte him op slach deasjitte soe. Op 'e middei stjoert Montana dêrom de rest fan 'e sikers nei hûs ta en giet er op eigen manneboet fierder de bergen yn. Dêr wurdt er oanfallen troch in trijetal ûnbekend manlju. Rêden troch in hommelse hagelbui dy't harren allegearre it sicht benimt, wit Montana op it nipperke oan 'e dea te ûntkommen en flechtet er halje-trawalje de berch ôf. Syn oanfallers blike Ruby Archuleta, har soan Eliu en har minner Claudio García te wêzen, dy't him mei sin ûntkomme litten hawwe om't se him allinnich mar bang meitsje woene.
Joe syn sabeare flecht nei de bergen wie lykwols in leagen om 'e autoriteiten te mislieden. Wannear't de posse ienris goed en wol op 'en paad is, komt Joe, dy't Milagro nea ferlitten hat mar ynstee ûnderdûkt is, foar it ljocht om himsels oan te jaan by in frijwol leech buro fan 'e steatsplysje yn Doña Luz. De autoriteiten, dy't skjin har nocht fan him hawwe, binne earst fan doel om him te arrestearjen en de kaai fan syn sel by wize fan sprekken fuort te goaien, mar as der op it parkearterrein fan it buro hieltyd mear fan syn oanhingers gearkloftsje, allegearre mei gewearen op it rek efter de stuollen fan har pick-uptrucks, wurdt besletten dat it wol ta kin mei in ynsteatfanbeskuldigingstelling foar it ôfsjitten fan in fjoerwapen binnen de beboude kom. Want tsjin alle ferwachting yn hat Pacheco syn ferwûnings oerlibbe en is er oan 'e betterjende hân. Boppedat wiene der tsjûgen fan 'e sjitpartij, sadat der gjin twifel oer bestean kin dat Joe út needwar hannele. Hy wurdt dêrom frijlitten op persoanlike boarchtocht (d.w.s. sûnder dat er boarch hoecht te beteljen). De oanboazjende spannings soargje der lykwols foar dat de petysje tsjin 'e oanlis fan 'e keardaam, dy't Ruby Archuleta foarsteld hie, no einlings fan 'e grûn komt.
Underwilens sjocht Ladd Devine III syn kâns skoan om fan 'e woartel fan syn probleem ôf te kommen. Wannear't eltsenien oars besteld is, stjoert er syn foarman Jerry G. mei in buldoazer om it beanefjild fan Joe Mondragón keal te skowen. Mar dat is bûten Amarante Córdova rekkene, dy't Jerry G. mei de reuseftige njoggentjinde-iuwske revolver dy't noch fan syn heit west hat, twingt om fan 'e buldoazer ôf te klimmen en op te sokkebaljen. Dêrnei riidt de âldman de buldoazer nei de bopperin fan 'e Rio Grande ta, dy't op dat punt troch in djippe kleau streamt. Hy is fan doel om syn lange, lange libben te beëinigjen troch de masine oer de râne fan 'e kleau te riden, mar ek diskear oerlibbet er it wer, mei't er troch in hobbel krekt foar de râne fan 'e ôfgrûn fan 'e buldoazer ôf smitten wurdt, wylst de masine sels rjocht trochriidt en yn 'e djipte ferdwynt.
Nei't it stof fan alle trelit wat sakke is, wurdt Ladd Devine III op in gearkomste yn 'e steatshaadstêd mei de gûverneur, de steatsyngenieur en fertsjintwurdigers fan ferskate oare ynstânsjes fan 'e steatsoerheid te ferstean jûn dat er syn plannen foar de keardaam en it wetterbeheardistrikt foarearst mar yn 'e iiskast stopje moat. Yn Milagro wurdt troch Joe en syn oanhingers feestfierd, mar de oare moarns, as er oanhelle is mei de slimste kater dy't er ea hân hat, beseft Joe ynienen dat syn beantsjes fan him wat makke hawwe dat er nea wurde wollen hie: in foaroanman.
Tsjutting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In protte literatuerkritisy hawwe derop wiisd dat net de ûnderskate personaazjes út The Milagro Beanfield War, mar ynstee de beide botsende kultueren de haadpersoanen fan it boek binne, yn 'e mande mei twa groepkes kontrastearjende noarmen en wearden. Yn 'e blanke Amerikaanske kultuer is it yndividualisme (it tinken fanút it "ik") in liedende wearde, mei as ekonomyske tûke it frije-merkkapitalisme. Dat wurdt yn 'e roman fertsjintwurdige troch de Devine Company, dy't net tafallich sa hjit (Devine klinkt itselde as Divine, dat "godlik" betsjut). Yn 'e kultuer fan 'e Latino's is kollektivisme (it mienskipstinken) in wichtige wearde, dy't yn it boek fertsjintwurdige wurdt troch de wisberettens fan Joe Mondragón om in tradisjoneel mienskiplik rjocht (op yrrigaasjewetter) werom te winnen, en teffens troch de stipe dy't er dêrby kriget fan 'e oare doarpsbewenners.
Wichtige tema's yn The Milagro Beanfield War, dy't fierhinne út 'e botsing tusken boppeneamde kultueren fuortkomme, binne rykdom en earmoede, etnisiteit en taal, de striid fan 'e gewoane man tsjin 'e fêstige oarder, en korrupsje mank ynstânsjes fan 'e oerheid. Hoewol't it ferhaal fan 'e roman op himsels hielendal fiktyf is, basearre auteur John Nichols it op 'e wurklikheid. Der wiene yn 'e earste helte en de midden fan 'e tweintichste iuw ferskate konflikten yn it noarden fan Nij-Meksiko oer wetterbeheardistrikten (conservancy districts) fan itselde soarte as dat yn it boek as in swurd fan Damokles boppe Milagro hinget.
Sa late de oprjochting fan it Middle Rio Grande Conservancy District yn 1925 ta in sitewaasje wêrby't withoefolle lytse Latino-boeren harren grûn kwytrekken. Dêrtroch ûntstie in protestbeweging dêr't yn 'e twadde helte fan 'e 1940-er jierren 10.000 Latino's by belutsen wiene. Yn 1971 laten plannen foar it Rancho del Rio Conservancy District ta de oprjochting fan 'e saneamde Tres Rios Association, in aksjegroep dy't tsjin 'e plannen agearre en yn 1975, nei in fiif jier duorjende juridyske striid, troch de rjochter yn it gelyk steld waard. In oare faktor yn konflikten tusken de Latino-mienskippen en de oerheid wie yn deselde tiid de oanhâldende beheining fan beweidingsrjochten op wat earder kommunaal lânbesit west hie, mar begjin tweintichste iuw troch de oerheid yn besit nommen waard en in beskerme status krige as natoergebiet. (Yn The Milagro Beanfield War spilet dat bygelyk mei it nasjonaal wâld fuortby it doarp dat no ûnder behear stiet fan 'e United States Forest Service.)
It ûntstellen fan tradisjonele wetterrjochten en lânrjochten wie in faktor fan belang by de etnyske bewustwurding fan 'e Chicano's, de Latino-mienskip yn Nij-Meksiko. In lieder fan 'e Chicano-beweging wie de garismatyske predikant Reies López Tijerina, waans oanhingers op 5 juny 1967 by de saneamde Oanfal op it Gerjochtsgebou yn Tierra Amarilla har taflecht ta geweld namen. By dat barren waard it gerjochtsgebou fan Rio Arriba County yn it doarp Tierra Amarilla, twa oeren lang beset troch wapene Chicano-aktivisten dy't protestearren tsjin it ûntstellen oan 'e Chicano-befolking fan likernôch 600.000 pûnsmjit lân dat yn 1832 troch de Meksikaanske oerheid takend wie oan in José Manuel Martínez. Nei in sjitpartij wêrby't twa plysjes delsketten waarden en ien fan beiden swierferwûne rekke, pykten de aktivisten út nei de bergen. Der waard troch de autoriteiten in grutte klopjacht op harren iepene. Tijerina, fan wa't net iens wis oft er sels wol by de oanfal oanwêzich wie, waard oppakt en feroardiele ta twa jier finzenisstraf. Neffens it tydskrift Newsweek hie syn organisaasje, de Allianza Federal de Mercedes (Spaansk foar "Federale Alliânsje foar Lânrjochten") yn dy tiid sa'n 14.000 leden.

Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch de literatuerkritisy waard The Milagro Beanfield War oer it algemien goed ûntfongen. Sa priizge it fakblêd foar boekhannels Kirkus Reviews de roman as "Libbener as in sprinkhoanne yn in hjitte stropanne". Ek siet it boek neffens de anonime resinsint "fol goede humor" en "komyske enerzjy". Yn Western American Literature ferliek Motley Deakin skriuwer John Nichols omreden fan The Milagro Beanfield War sels mei sa'n grutte namme as John Steinbeck, in winner fan 'e Nobelpriis foar de Literatuer. Neffens him follet de "fûnemintele earnst" fan 'e roman in "episoadyske" grappigens oan dy't tinken dochs oan 'e "Amerikaanske humor fan 'e foargrins fan 'e beskaving yn it Wylde Westen".
Mar net eltsenien wie sa goed te sprekken oer de faak mei krêftwurden ôfmakke skriuwstyl fan Nichols. Yn 'e National Observer kwalifisearre Larry L. King The Milagro Beanfield War krekt as "in grut, blastich, oermjitte yngewikkeld boek dat delkomt op in teloarstelling – in boek dat op 'e iene of oare manear minder is as de som fan syn dielen." Yn The New York Times skreau Frederick Busch: "It besykjen fan Nichols om syn leafde foar in lânsdouwe en syn maatskiplike noed gearfalle te litten mei syn gauris fierde gefoel foar humor is doemd om te mislearjen troch syn eigen [yn it ferhaal] altyd sichtbere hân." Ek fûn Busch it proaza slop en "sa folksk dat it misledigjend is foar it folk", wylst de personaazjes neffens him tin en stereotypysk wiene.
John E. Loftis gie yn 'e Rocky Mountain Review of Language and Literature op yngeande wize yn op sawol de roman fan Nichols as de resinsje fan Busch. Neffens him feroardiele dy lêste de roman "om 'e ferkearde redens", en moat it boek sjoen wurde as in allegory mei tsjinstelde kultueren as haadpersoanen ynstee fan 'e troch Nichols opfierde yndividuele personaazjes.
Ferfilming
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Milagro Beanfield War waard yn 1988 ûnder deselde titel ferfilme. De rezjy wie yn 'e hannen fan Hollywoodstjer Robert Redford, dy't ek ien fan 'e produsinten wie. De wichtichste rollen waarden fertolke troch Chick Vennera as Joe Mondragón, Rubén Blades as sheriff Bernabé Montoya, Sônia Braga as Ruby Archuleta, Richard Bradford as Ladd Devine III, Melanie Griffith as syn frou Flossie Devine, Carlos Riquelme as Amarante Córdova en Christopher Walken as Kyril Montana. De film waard yn syn gehiel opnommen op lokaasje yn Truchas (Nij-Meksiko).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Literêr wurk fan John Nichols
- Ingelsktalige roman
- Roman út 1974
- Literatuer oer taal
- Literatuer oer ras of etnisiteit
- Literatuer oer in etnyske groep
- Literatuer oer rykdom
- Literatuer oer earmoede
- Literatuer oer korrupsje
- Literatuer oer in plysjeman
- Literatuer oer in abbekaat
- Literatuer oer dieverij
- Literatuer oer mishanneling
- Literatuer oer wetterkrapte
- Literatuer oer aktivisme